De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 149]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 150]
| |
ma of anne wadman, dan hawwe hja sûnder mis eat moderns, dat jo smit fan syn kollega's ûnderskiedt. Om it op in koarte formule to bringen: de marge fan bitsjuttingsleazens - polyinterpretabiliteit, sizze de learden - is yn dizze forhalen breder as yn dy fan it niis neamde trijetal. Fansels, ek jonkman's jonkman rûge aventûren hawwe har mystearjes, sikkema's koarte koarte forhalen konfrontearje de lêzer mei it riedsel, dat alle forlies ynhat en de yntelliginsje fan wadman lit it libben bipaeld net sûnder fraechtekens, mar lykwols is jo smit mear as wadman, sikkema en jonkman de konstrukteur fan it irrasionéle. Sûnder dat er ek mar yn de fierste fierte niget hawwe soe oan spiritisme of oare blavatsky-eftige healwizichheden, sit er dochs tangele mei mystearjes op in wize, sa't ik dat by in fryske skriuwer noch net tsjinkommen bin. Der wie sels in fryske boekbisprekker, dy't miende dat er in surréalist moete, doe't er him de histoarjes fan de bisten en de boargers fortelle liet. Sa'n réaksje mei fanwegen de ûnkunde oangeande it surréalisme, dy't derút bliken docht, net to forûntskuldigjen wêze, se is to bigripen. It bart nou ienris net al den dei, dat kaën har as minsken gedrage, túnslangen de idele kunst fan it gymnastykmeitsjen bioefenje en froede boargers har oan imaginaire bêdkwasten omheechlûke. As it wier is, dat der mear bart tusken himel en ierde as dêr't wy, biheinde minsken, aen fan hawwe, dan moat dêr tagelyk by sein wurde, dat dit in biheinde, hwant in útspraek fan in minske is. Oer de boppenatuerlike kant fan it irrasionéle kin men allinne mar swije, forûndersteld tominsten, dat men gjin partikuliere iepenbieringen via shakespeare of oare ynstânsjes ta jins foldwaen hat. Ek al koketteart jo smit yn it lêste forhael fan de bondel, brief, mei it boppenatuerlike troch in bikearing ta de katholike tsjerke to biskriuwen, it irrasionéle barren, dêr't syn forhalen oer geane, bliuwt oars suver altyd in barren op de ierde. Hjìr, yn dit deistich bistean spilet it him ôf en it is der net minder riedseleftich om. Jo smit biropt him nea op boppenatuerlike krêften of sokssahwat en ik leau dat it net tafallich is, dat syn forhalen dan it minst binne, as hja de mûglikheit fan in boppe- of leaver: para-natuerlike forklearring suggerearje en har ûntwine oan de polyinterpretabiliteit fan in symboalyske bitsjutting. Dat jildt foar it âlde hûs, dêr't de forskining fan de deade tsjalke, dy't de forteller konfrontearret mei syn ropping as kunstner, foar my út it forhael wei krekt net needsaeklik yn wurde wol. It jildt nei myn bitinken ek foar it wersjen, dat - krekt as it âlde hús en brief! - in to greate dosis para- of anti-natuerlikheit nedich hat, om de forbiningstriedden mei it forline op in akseptabele wize lizze to kinnen. It jildt net foar it like barokke as masterlike dea wàsseh-haenn. Ek yn dit forhael barre soms dingen, dy't men mei hwat goede wil yn dy rjuchting foar ‘boppenatuerlik’ oansjen kin - de wasserhahn dy't stikken is yn de keamer, dêr't de eardere biwenner him nei de wassermann-réaksje yn ophongen hat, om mar hwat to neamen - mar de mûglike forklearring fan sa'n mystearje bliuwt wol sa ierdsk, dat it gehiel bêst hwat suggestjes fan boppenatuerlikheit forneare kin. Fan skriuwers as kafka en belcampo b.g., dy't tige dreamstoffe yn har forhalen forarbeidzje, is wolris sein, dat mei sokke procédé's de doar foar de eigenwille iepen stiet. It tsjindiel is it gefal. Hwa't wrakselet mei dy kanten fan it libben, dy't werklik mysterieus binne en blìuwe nettsjin- | |
[pagina 151]
| |
steande de dogmatyk fan guon djiptepsychologen, moat o sa'n foarmkrêft ta syn foldwaen hawwe, om de fantasij yn de stokken hâlde to kinnen. Kafka, de biskriuwer per excellence fan it irrasionéle, hie in swak foar goethe en flaubert en wie in master fan de foarm. It surréalisme, dat, basearre op freud en op de rankune tsjin de boarger, de sletten poarten nei it ûnbiwuste iepen bisiket to ramen, bringt it net ta kunst. It ûnbiwuste is sûnder it biwuste steryl en ûnproduktyf. Ek al kin gjin artyst sûnder fantasije, in fantast is net itselde as in kunstner.
Jo smit skriuwt yn it foarwurd fan bisten en boargers: ‘De tweintich forhalen yn dizze bondel hawwe foar my foaral bitsjutting as eksperiminten yn tael en styl, hwat net sizze wol, dat de ynhâld der net op oankomme soe. Ek dêr't it oer bisten giet is de minsklike posysje it ûnderwerp, mar dat krijt (foar my) earst troch it neamde eksperimint it reliëf dat it nijsgjirrich genôch makket foar meidieling oan oaren’. Guon hawwe har oer dit sizzen fornuvere. Eksperimintéle oanslaggen yn de hollânske sin fan dat wurd hat jo smit ommers gjin lêst fan en wol men it skriuwen sels as in soarte fan eksperimintearjen biskôgje, wolnou, dan jildt dat nammers foar alle skriuwen, dat dy namme fortsjinnet, en hoecht men foar bisten en boargers gjin útsûndering to meitsjen. Dat lêste moat men lykwols àl, omdat jo smit yn dizze bondel dúdlik siket om forskaet fan foarm. Net allinne is de marge fan bitsjuttingsleazens of de polyinterpretabiliteit fan smit syn forhalen greater as by de niis neamde skriuwers fan koarte forhalen, der is ek mear styl-fariaesje yn dizze bondel. Jo smit bioefenet yn bisten en boargers de kunst fan forskillende literaire ‘genres’. Yn dy sin hat er yndie oan it eksperimintearjen west en as er dêrby himsels bleaun is, dan pleitet dat allinne mar foar de greatheit fan syn skriuwerskip. It masterlike kranteforhael dat in journalist oan syn kollega's yn in kroechje fortelt, is ek werklik yn anekdotyske, petearjende styl skreaun. Forgeliket men, om in oar foarbyld to neamen, it forhael fan de mearkesamler, de sneuper dy't yn mearkelân syn notysjeboekjes folskriuwt, mei de brân, in forhael yn ik-styl dat spilet yn in jongeswrâld op it plattelân, dan ûntdekt men... dat beide forhalen suver net to forlykjen binne. Der leit in wrâld tusken de humoristyske en plastyske forteltrant fan mearke en de jongeseftige réaksjes dy't ek yn de tael en de styl fan de brân delslane. En sa kin men trochgean. Smit bihearsket de kunst fan de fabel en dy fan it reisforhael, hy bisiket it mei in mear assosiative forteltrant (lytse natuerlike histoarje en de man yn 'e doar) en smyt it dan wer oer de boech fan in deagewoane, jin suver troch syn neutraliteit forrifeljende toan fan fortellen (de bêdkwast en rein b.g.). It feit sels lykwols, dat dizze forhalen foar de skriuwer yn it foarste plak bitsjutting hawwe as tael- en styl-eksperiminten, is dêrom nijsgjirrich genôch. Smit hat net it gefoel, dat er himsels yn dizze forhalen útklaeit en syn djipste wierheden oan de lêzer foarleit, né, hy is formeel dwaende en eksperimintearret mei it koarte forhael, net mei jo smit. Dat wol sizze, dat dizze forhalen foar de skriuwer, likegoed as foar de lêzer, in marge hawwe fan bitsjuttingsleazens. Hwat men krekt ûnder it formoardzjen mei potleaden of it praten fan in krab en in stirns forstean moat, dat wit | |
[pagina 152]
| |
jo smit likemin as syn lêzer en allinne dyjingen sille dat in skriuwer kweaôf nimme kinne, dy't miene, dat it skeppingsproses folslein rasioneel forrint; dy't tinke dat in kunstner sels krekt witte moat hwat er mei syn wurk bidoelt. De forhalen fan jo smit skeppe in distânsje tusken harsels en de lêzers en de skriuwer heart, nei't er se skreaun hat likegoed ta dy lêzers as eltsenien, dy't it boek keapet. It forhael is autonoom wurden. Ek hy stiet der yn sekere sin machteleas tsjinoer, nei't er se oproppen hat mei de macht fan syn wurd. It forhael moat nou syn gong mar gean. Foar him hat it yn it foarste plak funksionearre as eksperimint mei de tael. Dat dizze forhalen in distânsje toweibringe tusken harsels en de lêzer net allinne, mar ek tusken harsels en de skriuwer, docht bliken út it nijsgjirrige feit, dat jo smit himsels al skriuwende wei rêstich ynterrumpearje kin, sûnder dat dit de gong fan it forhael forsteurt. It irrasionéle barren, dêr't syn pinne mei dwaende is en dat er opropt mei syn wurden, forrint sa tige neffens eigen - mysterieuze - wetten, dat de skriuwer himsels deroer fornuverje kin, dat it sa gean moat, as it giet. Men fynt in foarbyld yn detective-story. Yn it bigjin fan it forhael freget de skriuwer him deagewoan ôf, hwerom't it op in freedtojoun wie, dat de fryske skriuwer, dy't de haedpersoan is fan it forhael, út it finster stoarre. Is it dan ek needsaeklik, sa soe men freegje kinne, seit smit, en neam datum en jier fan it barren? It antwurd is negatyf en smit skriuwt: ‘Dêr wol ik dan op anderje, dat ik dêr myn reden foar haw en ek dat ik neat hawwe moat fan astrology. Mar sa sjitte wy fansels neat op, dat ik steur my fierders nearne oan by myn forslach.’ Tige opfallend en oertsjûgjend is dit ‘procédé’ yn mingd birjocht, it forhael fan in jonkje, dat ‘elektrokutionearre wurdt, mei't er in lyts mieltsje docht, dat op 'e triedden fan 'e heechspanning tolânne komt.’ Yn dit stikje wurdt de forhâlding fan de skriuwer ta datjinge, hwat er biskriuwt, tragysk en komysk tagelyk. As it hast safier is mei it jonkje, stiet der: ‘En hwerom docht de skriuwer neat? Mar hy docht alles hwat er kin. Hy hat de saek op gong brocht, dat is syn skuld, dêr't er nachts om wekker leit, mar hy wol it sa graech biswarre. Hy hat pake troch de stive knibbels sakje litten en hy hat de lytse jonge oan it blomkesykjen set - O, mar dêr riist er wer oerein, en dêrom smeket de skriuwer hjir: bliuw dochs by dyn blomkes, sjoch, dou hast al in hânfol, bring se mar gau nei mem!’ De forhalen fan jo smit sette in folslein eigen en aparte, in autonome wrâld foar jin del. It giet my mei de measte derfan krekt as mei goede fersen. Ik kin se hieltyd wer lêze en se binne altyd wer nij. Hja jowe eltse kear wer oare bitsjuttingen frij en meitsje hieltyd wer in nije herkenning mûglik. Dat leit net allinne oan 'e polyinterpretabele mystearjes, dy't hjir biskreaun wurde. Dy mystearjes soene der net wêze as smit syn yntelliginsje der net wie, dy't it him mûglik makke sa goed to skriuwen; op sa'n forantwurde wize mei it mystearje om to gean. De skriuwer smit is in fakman, dy't dêrby o sa'n humor ta syn foldwaen hat en ek humor makket it mystearje draechlik, likegoed as yntelliginsje. Men soe syn fabels en forhalen as mearke, kaën wurde hiel âld, rein en de bêddekwast yn har gehiel sitearje moatte, om dat biwize to kinnen, hwant neifortelle kin men se net. Ek hwat dat oanbilanget lykje hja op goede fersen, | |
[pagina 153]
| |
dy't ek in grins stiftsje tusken de wurden fan de kommentator en dat hwat hja sels to sizzen hawwe.
Lykwols is mei ‘yntelliginsje’ en ‘autonomy’, ‘humor’, ‘mystearje’ en ‘forskaet fan foarm’ net genôch sein oer dit wurk. It binne algemiene merktekens, dy't de minsklike bitsjutting, it engagemint fan dizze forhalen net bineame. Hja bliuwe formeel en anonym en lizze gjin kontakt mei de man, dy't yn dizze forhalen net allinne eksperimintearret mei de tael, mar yn it foarste plak mei himsels. Ek sûnder dat men as essayist de yllúzje hat man en mystearje dúdlik forbine to kinnen en ek sûnder dat men fan doel is om to sizzen: dat is nou jo smit, dêr sit er mei tangele, sa sjocht er derút, it is dochs mûglik en siz oer dizze minsklike bitsjutting in pear dingen, sûnder to forfallen yn foartidige bisprekkers-lyryk of yn algemiene thesen oer de moderne literatuer, dêr't dizze forhalen mei rjucht en reden har plak yn hawwe en yn hâlde sille. It probleem, dat al dizze forhalen oproppe, kin men oantsjutte mei it wurd ‘skuld’, omdat hja suver allegearre to meitsjen hawwe mei de mandéligens fan de minske oan it tokoart fan syn meiminske en dat fan himsels. Yn dy skuld, dy't gearhinget mei de seksualiteit, bliuwt by jo smit altyd in elemint sitten, dat men net forklearje kin. It is gjin sûnde, dy't men dylgje kin en ek gjin stap dêr't men op de wize fan de tradysionéle moralist fan sizze kin: sjoch, dat hiest oars dwaen moatten. De minske makket him altyd skuldich, oft er it wol of net. Yn detective-story wurdt in skriuwer biskuldige troch in frommins, in âlde leafde, dy't er yn in nije roman biskreaun hat en op dy wize misbrûkt. De skriuwer stiet as in skuldige foar dyjingen oer, dy't er stal jowt. Yn rein sit in jonge ûnderwizer by de kapper yn it doarp, dêr't er sollisitearret. Hy dreamt, dat er syn faem streaket, mar it is de hân fan de man, dy't him knipt. Hy mient, dat er him skuldich makket oan it feit, dat hja him nou fortinke sille fan homoseksualiteit. Sa tige hinget de skuld gear mei it feit, dat de minske bistiet, mei de kearn fan it bistean sels, dat de minske de gelegenheit krijt der de folle forantwurdlikheit foar to dragen. Hy wurdt opsletten yn in ynrjuchting, lykas yn de persiflaezje op de biwegingsman, dy't smit it komplot neamde of hy kriget, lykas yn de brân, troch de omstannichheden ienfâldich net de gelegenheit om to sizzen, dat er it dien hat. Noch iroanysker en dûbelsinniger is de sitewaesje yn kaën wurde hiel âld. In ka set him by in man nei wenjen en docht alles, hwat dy sels net oandoar, dingen, dêr't er faeks ek noch nea oer prakkesearre hat, mar dêr't er dochs in geheime biwûndering foar fielt. De skuld is dus ûnoplosber, hwant hja hinget gear mei it sintrum fan it bistean. Ik bin skuldich, omdat ik der bin en my boppedat biwust bin fan it feit, dat ik der bin. De twa forhalen brief en it âlde hûs binne ek dêrom net hielendal slagge, omdat hja dy skuld foartidich sykje to eliminearjen, it earste troch in bikearing en it twade troch in idéalisearring fan it kunstnerskip. It gebiet, dêr't de skuld him lokalisearret - men kin it de dream neame, it ûnbiwuste of de seksualiteit - hat yn de forhalen fan smit altyd eat driigjends. Men kin der better net to ticht by komme, al kin men jin der likemin ôfmeitsje. Kontakt mei dizze zône is libbens- | |
[pagina 154]
| |
gefaerlik. Yn dea wàsseh-haenn reitsje twa mannen yn dútsklân yn in hotelkeamer, dêr't hwat is mei de kraen en dêr't tagelyk nuvere dingen bard binne. De group wurdt har sa hjit ûnder de fuotten, dat hja sette ôf om letter to fornimmen, dat in syphilist (zivilist...) him der tokoart die. Yn de bêdkwast bitsjut it ynstrumint fan dy namme tagelyk in libbensmûglikheit en in libbensgefaer. De man, dy't der mei eksperimintearret en bisiket him oan sa'n imaginair ding omheech to lûken, wylst er mei hernia op bêd leit, stjert nei't it eksperimint slagge is yn bywêzen fan in freon. Lykwols is men ek op de forkearde wei, as men beart dat de gefaerlike zône der net is. Ek dat is libbensgefaerlik. Yn koart forhael wurdt in amtner biskreaun, dêr't de skriuwer fan seit, dat er altyd de laden fan syn bureau skjin hie. Op in dei forsit de man syn trein troch in tafallige omstannichheit. Omt er noch nea to let kaem, doart er it nou ek net oan en kom to let. Hy giet nei hûs en lit de saek witte, dat er siik is. Hy wurdt net wer better en fortoarket op bêd. ‘En op syn plak sit nou in oare amtner; yn it ûnderste laed lizze in mannich stoffige stikken en oare wachtsje soms dagen lang op in paraef’. De minske, dy't him net skuldich meitsje wol, makket him skuldich oan syn eigen dea. De fabel fan de wjirm en de fisk is dêrom sa tige slagge en in klassyk forhael wurden, omdat de dûbelsinnichheit fan de skuld hjir mei help fan humor en irony eltse sin bihearsket. De wjirm en de fisk meitsje har skuldich oan inoars dea, as hja inoar bisykje to helpen. Hwat dat ‘bitsjut’, hokker konkrete, ûndûbelsinnige morael men dêroan forbine moat, it is net to sizzen of leaver: eltsenien moat dat foar himsels útmeitsje. Foar de skriuwer lykwols, dy't, al eksperimintearjend mei de styl fan de fabel, himsels twòngen hat ta it jaen fan in morael, wylst er dy morael eins net jaen kin, omt er himsels tagelyk manoevrearre hat yn in ûnoplosber skuldprobleem, bliuwt der gjin oare mûglikheit as de irony. ‘Dy morael is fansels dizze: bisykje nea in oar to rêdden, dy't dat net skriftlik by de bifoege ynstânsjes oanfreget, oars komme der allinne ûngelokken fan’.
De minske makket him skuldich troch it feit, dat er bistiet. Hy moat dy skuld dylgje en kin him dochs net oan dy skuld ûntwine. Dy dûbelsinnichheit yn syn forhalen ta utering brocht to hawwen, is foar my de greate fortsjinste fan jo smit. Dat makket foar my de forskining fan bisten en boargers ta in unyk barren yn de fryske literatuer; ta in feit, dat men geregeld bitinke moat, om it net wer to forjitten. Smit is net in goed skriuwer mei frjemde oanslaggen, sa't guon noch altyd tinke. Hy is net allinne in yntelliginte humorist of geastich yntellektueel en likemin allinne in ingenieur fan it mystearje. Hy is yn syn forhalen sa folslein oanwêzich, sa mei syn totale persoan engageard, dat hja, ek as hja gjin fabels binne, altyd in morael bifetsje, ek al ûnderskiedt dy morael him hjiryn fan alle oerflakkich moralisme, dat er allinne mei de dûbelsinnige kode fan it eigen libben to ûntsiferjen is. |
|