De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] Sjoerd Spanninga: De wenten fan it wurd Soms springt yn my de tiid foarút dan wer in ein tobek - sa nimt de hûgenis jin mei hoe't eltse letter noch in boei de pylgerjende fuotten wie en jin ta lange swipen ûnderweis de sidderjende wegen waerden oant men de slavernij fan wrede willekeur forbriek frijfochtene dy't mounich wurden en bineare fan de need him rommer eachweid socht wiidskepener fan wêzen en djipper bining as it ál to minskelik bitinksel dat him deadelik fan wraeksucht iepenbiere of yn de preesterlike hearskippij dy't libbe by de eangstmen fan it folk - ek seach men tweintich ieuwen hammerjen op bibelteksten en dochs wist nimmen it syn eigen byldwurk mar in elts it hoe en hwat wis wiene dit wol meast de wenten hwer't noch âlde skelen slommen en sûre niid him yn de herten friet hwant hopen dingen dy't in great ûnthjit yn harren drage hja forslaen wol gauris op 'en dûr lykwols - gâns fragen sille strak fordwine en foarbygean mei de striid alles wikselt him ta nije noarmen mar it heil dat bliuwt itselde ljóchtfleagen lit it efter yn de geast - de driften steane der foar stil as stomme dieren en lizze harren del de eagen nei it hillich fjûr dat oer de ierde gloeit opstrieljend yn forwûndering... [pagina 146] [p. 146] It tsjerkhof Der binne tunen hwer't de stilte groeit ta beammen hwant elts geroft dat siket dêr de rêst men heart allinne it forline blêdzjen hwer't de joun yn lêst in preuveljende muonts allyk en sjocht him suver trêdzjen troch de kleastergongen fan de leanen sa giet er risseljend syn paed mar fierders is der neat de moanne tovert bloeiselwite hagen om it hôf hwat oars yn 't libben faek skombekjend en hast gûlende fan haet stie foar elkoarren oer dat leit nou fredich byinoar as hie der nea gjin skeel west tusken de partijen lykwols hoe't men by alle kristensielen der op flammet de heare yn 't hjirneimels to forbliidzjen troch ivich mar to sjongen bliuwt my in blyndoek hjir op ierde hwant soks docht men jins slimste fijân noch net oan útsein miskien de nuvere apostels dy't it minskdom leare men kin ek sillich wurde sûnder dogmatyk - it is de himel faeks al gau sa goed as wy in bytsje diel ha oan it universum de stille jubel fan de leafde en de rêddende genede en ús hwat mear biwege nei de greate wetten fan de geast. [pagina 147] [p. 147] Florida-drift Nomaden fan it súdlân de griene stilten buorjend mei it reuzereid hat ús bistean in tropysk elemint útwaeijere by it alsidich wêzen fan de oaséaen de heechbijierre mar draecht fortoarke yn syn hânpalm nou de eigen nacht ûnreine toai miskien dit smelle strân al sweeft it ek fan sinne om it hert dat ús forwolkommet oan wider witten hwant ús tugaezje is in raff'lich blêd weitwirre troch de driften fan de oertiid hwer't ienris yn de sompen noch de minske heimenissen socht de boarne fan forjonging it bigearlik libbenswetter en fier foardat de wikingen of de karvélen fan kolumbus har ûntdekking diene fan de eskimo en yndiaen hie ús geslacht de reis oarsom al makke séfarders dy't nei bline kaerten foeren op 'e rûge roai in neatich diel fan de natûr dat wol it machtige biwegen de waerme golfstream efterlit op dizze kusten. [pagina 148] [p. 148] Japanske print In stilforstoarne joun de loft is âld en griis in wiidútfloeijend wetter ûntaestber en geheimich opskymjend yn de geast - sierlik in lêste opflecht nei de delgong fan it lok - kraenfûgels roefjend oer de wite nacht. Vorige Volgende