De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 140] [p. 140] Tiny Mulder: As it net oars kin as it net oars kin en wy leavje moatte yn to krappe oasen mids stimmen en lûden en ûnôfsjenbere bipealling fan tiid en ûre lit ús dan wêze as de sé en it strân de sé efter de kym foar in tiid passyleas syn gedicht yn it sân wisket de wyn út neigeraden strân fan de skepping oker pesleinen flakte mar lit de ûre datst weromkearst dyn floeijen wêze as almachtige loften rokkeleas oanjeijend of as groundize bitochtsum neijerglidend tusken de gerzen mar lit my net witte hoe dat ider heechtij nije ûnforwachte paden ûntsiferet ûnder myn oerflak [pagina 141] [p. 141] Dream en tiid faeks dream ik dit waermte gelyk myn waermte brûns fan de sinne oerdei sâlt fan dyn hûd op myn lippen en it folsleine wurd yn de núnder fan myn hert mar wier is it forhael dat de wyn fortelt en de rein lûdop twastimmich de lippen tsjin myn finster witste wyn en rein hoege net dea omt wy dea moatte baeije ús wurden boarstdjip troch wetter reitsje amper mei fingerseinen de earskulp de nammen dy't wy elkoar jowe yn de tiid bistiet net it wurd dat de floed streamop stjûrt yn de tiidleaze dealeaze dream bin ik de ivige wyn de ivige rein allyk en stiet dyn absolute namme stjerhelder yn dyn kearn mar as ik by dy bin wekker smyt de dea in daem tusken dreamtinzen en deiwurden dyn namme is myn skriklik geheim roei oer roei oer nei myn dream [pagina 142] [p. 142] * * * dyn stim trochbrekt myn hûd goede woune leave woune nachtblauwe pine en priuwe dûnker wrang bloed klimmerroas snoeid op it skrokke hout simmerfeest roazen út wjerljochtwyt skrinen de triennen sjonge fornij de smert mei it lûde lûd dat de toarre hûd fjûrread en tûzenfâldich ta bloeijen set [pagina 143] [p. 143] Snie yn juny snie yn juny wisket it opteine ljocht fan de jasmynlantearne de roazen strike de flaggen dit is in sabeare dei dyn rêch skout de leane út dou rinst dysels efternei mei my yn dyn hannen tydlings forflechtige hjir stiet in húl foar it rút eagjende kristallen yn de eachkassen froast yn de hannen rym yn it hier stjûr my mysels werom dat ik forfolle wer en lichtfuottich de simmerdei birinne kin dêrstou yn bist it hert wit de wei mar de fuotten freegje hwerhinne? [pagina 144] [p. 144] April Wurden forpoffe 't hjoed om oan de hân to rinnen, hja wrotte har oerhearrich hieltyd los; hja skûleboartsje mei de mosken yn 'e bosk en giselje as gekken om de bjirken hinne. De letters stean to fiskjen yn it sân, nei slûge flinterpoppen, sa't hja sizze. Dy sill' se aensten yn de sinne lizze en, útkomd, as confetti oplitte út de hân. En rop ik lulk: Kom hjir en naei my net wer út, dan makket f in lange noas en e stekt de tonge út. Ik haw gjin nocht en tel in ûre knopen, ik lûk de ierde oan it nijgrien hier. Dan ropt de parkwacht koart: Wat mot dat hier? Het is verboden in het gras te lopen. Forhip, ik liz, de ierde aeit myn wang. Nou, lit de komma's gysten beamkeklimme, en lit de punten mei de einen swimme. Mei reade en giele tulpen komt it jier yn swang. Twa mantsjes traepje stadich oer de fiversbrêge en fûstkje mei harsels, de hannen op 'e âld rêgen. Vorige Volgende