| |
| |
| |
D. Kalma †:
De Wolwa-sprake
Ta ynlieding.
Yn de Wolwa-sprake (Iislânsk Voluspá) hat in Iislânsk dichter de Noardgermaenske skôging werjown fan it ûntstean, it forgean en de herrizenis fan de skepping.
Neffens de haedsaek is dy skôging ien mei it oer-leauwen fan de Germaenske folken. Yn de bline krêften fan de natûr bringe de hillige goaden klearens en oardering. Mar dizze goaden, fan it slachte fan de Asen, komme al ier yn striid mei in oar goade-slachte, dat fan de Wanen, en de ein fan dizze striid is net de ûndergong fan ien fan de twa machten, mar in nij goadeboun, fan Asen en Wanen beide, dat tonei de wrâld bistjûrt. Tsjin oare machten lykwols duorret de striid altydtroch: de reuzen, wylde ûnbidige wêzens dy't de goadene wrâldplan tsjinwurkje dêr't hja kinne; en de oan har bisibbe munsters, lyk as de wolf Fenrir en de Midgeardslange Iormungande. De goaden kinne har allinne steande hâlde troch al har fornimstigens en al har krêft, troch Odin's wiisheit en Thor's hammer, en sels sa lije hja yn de striid mei de reuzen forlies op forlies. Dêrby hawwe hja, yn de fjûrgod Loki, de forrieder yn har formidden. Sa komt it dat har leafling Baldur falt; dêrnei is alle frede tobrutsen, en de einstriid tusken de goaden en har fijannen set yn. Nou rjochtsje beide krêften inoar to groune, mar út de ûndergong sil in forjonge wrâld ûnder nije godlike hearskers forrize. Yn dizze greate wrâldskôging forbynt in helthaftige libbensopfetting har oan in djip bigryp fan de ûnfolsleinens fan al it bisteande en in sterk leauwen oan de fornijende krêft fan it libben; de striid foar it eale warret net foar de ûndergong, mar it eale forriist yn oare foarm. Sa is dizze wrâldskôging tagelyk natûrlik, realistysk en bitrouwend, sûnder selsbitsjoening oer it libben, in moedige en manlike libbens-oannimming.
Wylst lykwols de haedwearden fan dizze wytging Germaensk folksbisit binne, draecht de Wolwa-sprake, yn geast en foarm., de kleare merktekens fan in great persoanlik dichter. It is dúdlik dat hy, trou bliuwend oan it âlde, dochs in iepen ear hawn hat ek foar de Kristlike wytging; en men ûntkomt net oan it tinken dat hy syn harkers bybringe wollen hat dat it Germaenske leauwen al dy greate wierheit hie dêr't de nijljochters fan syn tiid de frjemde godstsjinst om forearen. Nimmen soe sizze kinne dat de geast fan de Wolwa-sprake Kristlik is: der is gjin praet fan de folsleine hillichheit, noch fan in fal, hommels, út de steat fan genede yn dy fan de sûnde, noch fan in fan nijs mei God formoedsoenjende forlosser; it lêste oardiel is yn it Kristendom de ynset fan de ivichheit, hjir it bigjin fan in nije libbens-rounte. Ek is it net nedich eltse strofe dy't it Kristlike mark draecht, oan de dichter fan de Wolwa-sprake ta to skriuwen; alteast ien sa'n strofe is moai wis in letter ynskousel. Oan de oare kant is yn forskate mominten de oerienkomst sa great, dat men wol in kennisse fan de haedsaken fan de Kristlike leare oannimme moat.
De wytging wurdt foardroegen op treflik foegjende wize, trochdat se as wiisheit en foarsizzing lein wurdt yn de mûle fan in Wolwa, in skôgjende en út krêft fan dy skôging profetearjende frou, dy't út opdracht fan Odin sprekt. Hja docht gjin biskriuwend relaes, hja ropt op yn bylden; hja hoecht net út to wreidzjen, om't har harkers de âlde sêgen kenne. Dochs hat har sprake net allinne macht fan byld, mar ek in fêste sin, dy't yn de bou fan it gehiel goed to folgjen is. It Germaenske stêfrymfers, hjir op Noardske wize ta strofen gearfoege, is in treftich fiermiddel fan dizze sprake, dy't nea miend west hat as sang, mar as oangripende foardracht. Men seit dizze fersen allinne goed as men se seit lyk as it nedich wêze soe foar in moai greate ripe fan harkers yn de iepen loft; mar dan sil men ek fornimme dat gjin oare foarm trefliker de skôging drage koe.
| |
| |
Ek tsjintwurdich en yn in oare Germaenske sprake sil men dan faeks jit forstean, hwerom dit dicht yn de âldere Edda it eareplak krige hat. Eat is dêryn dat ek nou jit ús djipst wêzen rekket.
De folgjende oersetting, dy't ta stân kommen is yn maeije en juny 1940, folget it Iislânsk sa trou mûglik; it stêfrym is rounom biwarre, en alle opsetlike tsjusterens is mijd. De Dútske oersetting fan Genzmer en de Hollânske fan De Vries binne rieplachte.
Hwat yn lytse letter stiet, is tafoege fan de oersetter.
hwer't har sealen stiene,
joech bûten it boardspul;
út de wrâld fan dy wylden,
| |
| |
foarstlik, dêr't flûnkerjend
dêr't dy stamme oer tilt;
oft it bêst wie foar d'Asen
hwa't ûnks floed easd hie
| |
| |
dêroer seach ik ljochtsjen
hwerstû dyn each burchst!
waerd in flitse dy't flime,
| |
| |
Biskriuwing fan de oarden
34.[regelnummer]
Mei flesk fan dy't foelen
| |
| |
43.[regelnummer]
Fan 't noard driuwt it skip;
| |
| |
|
|