- Ik wit net, sei ik gau. Ik haw sliept, sei ik der noch efteroan. Heit hoegde net to fornimmen, dat ik mem helpe woe.
Mem kaem dy jouns net werom en de oare deis ek net. Heit en Johan praetten oer in man en in âld kring fan in auto mei tréplanken. It muoide my, dat mem net yn in deftige auto fuort wie, mar in soad koe it my ek net skele. Ik hie ommers altyd forwachte, dat mem net by my bliuwe soe. Doe't ik fiif of seis jier wie, dreamde ik wol, dat mem fuort wie, mar as ik dan wekker waerd slûpte ik stikem nei it bêd fan heit en mem en krûpte stil by mem ûnder de tekkens. Hja wie der ommers noch.
Ik sliepte dy nachts sûnder dreamen en ik naem my foar noait wer by mem op bêd to krûpen, ek al soe hja werom komme. Dat dogge lytse jonges, fortelde ik mysels. Jonges, dy't swimme sûnder swimbroekje en gjin nije sokken fortsjinje. Ik skamme my suver, dat ik dy middeis as in lytse jonge boarte hie mei mem har hier, dat as slingers wier yn it wetter dreau. Wier, dat grienige, slymrige guod, dat aeklik fielt op jins fel, dat jin ynspinne wol en opsûgje en dêr't griene, kliemske bisten har sa moai yn forskûlje kinne om samar op jins skonken to springen. Triljend sakke ik wei, hiel djip, hiel djip, dêr't it swart wie en to near om to sykheljen.
Ik haw al forteld, dat ik de oare deis alles opiet, dat der yn de wein to finen wie, omt ik allinne wie en ûnwennich. Net fan mem, hear. Mem moast sels mar witte hwat se woe. Unwennich fan alles wie ik, omt alles frjemd wie en noait wer wurde soe lyk as foarhinne. En doe't heit en Johan dy jouns fochten, moast ik dochs noch gûle omt mem fuort wie en nou grif noait, noait weromkomme soe. Net lekker foar dy, dat mem fuort is, jonkje. Dy sjochst noait wer. Wol lekker foar heit en Johan.
De twadde deis dat mem fuort wie, bleau heit de middeis by de wein. Wy swommen togearre, mar der wie neat oan. Heit dûkte sa woast yn it wetter om en doe't er my pakke woe, die er my gemien sear yn it skouder. Ynienen hyste er him op 'e wâl en rôp gebiedend: Kom mei!
Stûf stapte er foar my út nei de wein, stûf de brede, brune rêch, stûf de reade nekke en stûf de tûfen fan it forblikte hier, dy't alle kanten út wiisden. Hy batste mei syn greate wite fuotten yn it gers en ik seach de gerskes en de pinksterblommen fallen ûnder syn hakken.
- Avensearst ek? rôp er oer 't skouder. Avenseare en yn de wein!
Doe hearde ik fuotstappen efter my. Lichte trêdden, mijen dounsjend oer de gerskes en de pinksterblommen. Mem. Ik soe stean bliuwe, mar heit joech my in feech om 'e earen, dat ik tsjin it trepke fan de wein oantrûzele. Heit gie yn 'e wein en ik slûpte as in slange derûnder en skuorde it dekseil om my hinne. Ik hearde mem ta de wein yn gean.
It bleau sa stil, dat ik switte fan binaudens. Myn earms en skonken stiene spand en de mage kromp my ticht. De earen diene my sear fan it harkjen, hwant it minste lûd woe ik heine. Ik fielde my hiel great en tige lyts tagelyk. Hiel great omt der in greatminskedrama boppe myn holle losboarste moast en ik it meimeitsje soe, aenst, hwat gauwer hwat better. Lyts omt ik binaud wie, deabinaud en leafst gûle woe en fier fuortrinne om mar neat to hearren út de wûnderlike, skriklike greatminskewrâld.