De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 104] [p. 104] O. Postma: Dy libbens En al dy libbens, mânske galerij! En elts in blêd yn it Boek, in koart forhael, Mar 't wint gjin priis, 't is to konvinsjoneel. En dochs, en dochs; it hie syn eigen doel: Opwaechs út d' ierd sa't dy dêr lei, De bloei fan eigentiidske ieu. Foar my wie der in wurd, in laits; Eat fan harsels: bitrou útsûnderlik! Hja hienen my yn rjochtlik neibistean. Sa waerd ik opbrocht as in mienskipsbern. En om my hinne lei de ierde, ryk; Dêr hie 'k myn sté as einierd bouwersman. Fortrouwen Moat ik dy arbeidersman nou noch neame, dy't foar syn hûs stie doe't ik dêr lâns kaem, En dy't tsjin my sei: ‘Ik bin nou 80 jier en ik rêd my alheel sels’? (Der wie noch gjin Drees) Moat ik dy jonge kearel noch neame, dy't mei de seine yn it lân stie, dêr't ik mei de fierrekiker nei seach? Hy lake; hy skynde wol aerdichheit oan myn kunsten to hawwen. Moat ik soks net ‘bitrou’ neame? Fortrouwen yn ien, frjemd oan it arbeiderslibben? Dat is it fortrouwen dat ik hawwe moat om diel oan dy libbens to krijen. En dan tink ik oan dy jonge freon, dy't ik doe mei de namme ‘Pier’ bineamd haw. Vorige Volgende