De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] [Nummer 4] Jan Dotinga: Dooptsjinst middenmank ús biwuste witten leauwend yn de foarm en yn de logika wurdt it wûnder wetter bloed bloed wetter wurdt in sljocht momint wyt yn ivichheit as ik in bern wie soe ik kearsen foar Dy baerne en om de sêfte flam Dyn hannen sjen myn stille eagen soene yn de lytse lôge ranke ingels wiuwe en harren sizze fan it feest fan moarn in hûs fan wurden bouwe en mei wreedfrjemde lûden de wrâld yn pún sjitte en it libben in dykbrek de minsken hawwe stienkoaleagen doch earne moat in finster op helgolân wêze. [pagina 98] [p. 98] Reis ús tinten huzen rôlje oer dellings troch hichten blauwe wegen lâns nei it greate sté dreamt it ûnfolsleine yn ús ieren slacht in deiske sinne wite skaden tsjin de muorren lizze de founeminten krúsfoarmich forlitten yn de ierde is der in Hân dy't alles yn biweging set My nammeleas en blyn yn it neakene wetter dreau stadige stream nei de wel krij ik eagen yn de Hear harkje ik myn ear yn de Geast werom en wurdt myn rûge stilte wyt as in bern myn mûle skreau tsjin beammen brún en dea foun it hymjend andert yn it âljen fan bisten en masines fynt de wurden yn it Wurd werom as in grintstien slipe yn de sé oant it swarte waerd ik foun fan de Soan Hear ik bin wolken wetter snie en sinne yn Dy [pagina 99] [p. 99] Maranatha de sinne sloech dwers troch it ljocht nei de ierde en foel it blau forweegde en sakke skean troch de wolkens de beammen leine roungear boppe 't wetter fisken dreauwen op 't lân en fûgels sonken yn de sé de minsken stiene miswoeksen yn harren tokoart mar de hilgen dripten fan bloed en Bloed en setten har fuotten op lucht nei de loft Bea foar 1960 Hear ús skip fart yn de flam fan sé en sûr lâns mei de wyn op nije haven yn Hear ús skip rint ûnder wyn en brea flechtich as in wynkape Hear set it skip oer de sé op 'e Wyn Vorige Volgende