Filmkronyk:
Shalom
In prachtige dokumentaire oer Israël fan de Dútske regisseur Viktor Herbert mei sprutsen Nederlânsk kommentaer fan Meyer Sluyser. In treffend relaes oer lân en folk, tagelyk in stik aktuéle wrâldskiednis. Byld en wurd spanne de oandacht oanienwei. Israël is oars as alle oare lânnen, wurdt der earne sein yn dizze kleurefilm en dat bilibbet men. Men reizget mei de kamera it hiele lân troch, men komt yn skoallen en kibboetsim, yn havens, fabriken en plantaezjes, men sjocht de leaflike delling fan Jizreël, Haifa, de modernste haven fan it Midden-Easten, de woeste Negeb, dy't yn in bloeijende tún foroaret, Eilat oan de Reade Sé, fan alle kanten ynsletten fan Arabysk territoir, de biblomme skeanten fan de Karmel, Tel Aviv yn de spitsûren, in Dantesk swier waer oan de Deade Sé, in fantastyske sinne-ûndergong op 'e Mar fan Galilea, men swalket lâns de ruïnen fan Kapernaüm en Kana, troch Nazareth en Jeruzalim. Seldsum boeijend is Berschéba, dêr't Abrams tiid en de forheftichste dynamyk fan hjoed elkoar moetsje. De sheik komt dêr mei syn kamielen en set de tinten mei harem en al op by de fan libben en kleuren trillende merk, de elektryske trein út Jeruzalim komt oan, wite flatgebouwen en royale hotels tekenje har kontouren tsjin de blauwe himel. De stêd groeit yn itselde fûle timpo as de Negeb bitwongen wurdt.
It nijsgjirrichst lykwols binne de minsken, út sawntich lânnen weromkomd yn it hillige lân, de measten út de ‘greate fordrukking’. En hja rane gear ta ien naesje, it nije Israël, de moderne Joaden út Amsterdam en Parys mei de donkere Jemeniten, dy't tritich ieuwen forhoalen libben yn de Arabyske woestyn, Joaden út Dútslân en Marokko, út Tunesië en Roemenië, fan wrâlds einen. 650.000 Joaden wennen dêr yn 1948, nou in lytse twa miljoen, en nije hûnderttûzenen wurdt plak foar makke. Hja kamen yn in lântsje, twa trêdden fan Nederlân, dat njoggentjin ieuwen lang útrûpele en forwurden wie ûnder it wanbihear fan Romeinen, Turken en Ingelsken, mei 1200 km. grins dy't nacht en dei biwekke wurde moatte. In problematyk, sa't gjin folk ea kend hat en dy't boppe minsklike macht liket to lizzen.
De film lit jin sjen, hoe't hja dy oplosse en men leaut it amper. Dêr't gjin sprút mear groeije woe, rispje hja nou safolle sinesappels, dat hja jiers acht miljoen kisten útfiere kinne. In yndustry is út de groun stampt, dy't yn 't forlet fan eigen folk foarsjocht en in hurd groeijende eksport forsoarget. Gjin lân is sa ynternasionael en tagelyk sa Joadsk as Israël. Der forskine kranten yn trettjin talen, mar der is ien tael, dy't harren allegear gearbynt, it nij-Hebrieuwsk, it Iwrith, mei in bloeijende jonge literatuer. It forneamde nasionale orkest jowt konserten boppe de Mar fan Galilea ûnder de lopen fan de Syryske mitrailleurs. En de bern boartsje sûnder eangst en de jongerein dounset en sjongt. Ja, hwer sae sa dounse en songen wurde as yn Israël?
De wyldernis sil bloeije as in roas, sitearret Meyer Sluyser, en hy heakket der oan ta: wy kinne ús gewoanwei net permittearje, dat de profeten ûngelyk krije soene.
In folk fan folmakken of übermenschen? Gjin sprake fan, hja kinne omraek tsiere en de politike konflikten binne forheftich, mar hja hawwe in geheim. Ré ta in hurd en sober bistean, is der ien forwachting, dy't harren driuwt: dat Israël in ljocht foar de folken wêze sil, en hja groetsje elkoar mei ‘sjalom’, frede. Under alle driging en gefaer.
Ik tocht, doe't ik dizze film seach, oan it fers fan Guillaume van der Graft:
als onderlinge gesprekken
en stichten gemeenplaatsen voor de Shell
maar wij kunnen het leven niet bereiken
als in de nieuwe liederen
INNE DE JONG