Op it harspit:
De Fryske literatuer as export-artikel
Hwat sil de trochsné-lêzer fan de N.R.C., dizze mixture fan sakemansynstinkt en snobisme, dy't eltse dei wer glimket om Ollie B. Bommel en him safolle kear wyks geastlik opfizelje lit troch it kultureel geëamel fan De Zandloper, tocht hawwe, as er de muoite nommen hat en lês it artikel Aandacht voor de Friese letterkunde yn de Nieuwe Rotterdamse Courant fan sneon 20-2-'60? As er like liberael en progressyf is as syn deiblêd - en dat leit yn 'e reden, hwant nei forrin fan tiid bigjint eltse baes bihalven op syn houn ek op syn krante to lykjen - dan sil it, foardat er weislûget yn syn sneintomiddeiskanapé, him dizich troch de holle gean: ‘Jonge noch ta, dy Friezen, dy hawwe dochs blykber ek sokssahwat as in literatuer...’. Mei dy tins yn 'e holle sil er faeks ûndergean yn syn sneinssliep, gearstald út in flarde deidream, in poarsje klassike muzyk en hwat sigarerook en hy sil himsels letter net mear tobinnenbringe kinne, hokker feiten it krekt wiene, dy't him brochten ta dy nuvere forwûndering, dêr't men heal net en heal al yn leaut, dat it bistiet: de Friezen hawwe in eigen letterkundich museum; hja biskikke oer dichters, dy't der wêze meije; hja steane sels kritysk foar it wurk oer út har eigen taelgebiet en hja binne dêrby o sa ynternasionael en kultureel ‘ynsteld’. ‘Het is moeilijk’, sa kin men lêze yn it ‘wekelijks bijvoegsel’ fan de N.R.C., ‘om te denken aan enig ander deel van ons land, waarin de mensen meer en op natuurlijker manier met de cultuur omgaan, en bovendien meer belangstelling tonen voor wat er buiten hun eigen landstreek en in de wereld gebeurt.’ Jonge noch ta.
De toan fan it artikel Aandacht voor de Friese letterkunde is ien fan sympathy en brede wurdearring. Dyjingen yn Fryslân, dy't sels ambassadeurs as Howard Harris yn eare hâlde, dy't lytse literaturen sammelet as postsegels en foar hwa't it lêzen fan in boek of in fers in soarte fan sight-seeing is sûnder forplichtingen, kinne op dit stik allinne mar posityf réagearje. It fiert in pleit foar de Fryske literatuer en signalearret mei rjocht en reden it provinsiale elemint yn in literaire wurdearring, dy't him allinne nei Amsterdam of Den Haech rjochtet. Nettsjinsteande de goede bidoelingen fan de skriuwer sil de Fryske literatuer op de lêzer fan dit stik, dy't mar eefkes neitinkt, lykwols in provinsiale yndruk meitsje, omdat it skreaun is yn 'e defensive toan fan de forûntskuldiging. It mei syn wearde hawwe om mei Allen Tate to konstatearjen, dat it stribjen nei ‘one world’ op in nije foarm fan provinsialisme delkomt en Anne Wadman mei gelyk ha, as er seit dat ‘... ûnwierheftich kosmopolitisme... yn wêzen provinsialer en guodkeaper is as in goed en deeglik opset doarpsforhael’, de forgeliking bliuwt der net minder tendinsieus om. Net omdat in wierhaftich kosmopolitisme útsoarte better is as in âldfrinzich doarpsstikje, mar omdat in kosmopolityske ynstelling yn de literatuer hjoeddedei, oft men wol of net, to forkiezen is boppe in provinsiale. Hwannear't men bysteat is en forjit foar in momint it praktysk bilang fan it gewoane lêsfoer yn forbân mei de taelsitewaesje yn dit lân, dan moat fêststeld wurde, dat wy hjir net mei oare easken ta kinne as yn Amsterdam, Berlyn af Californië. Dat is in wierheit, dy't yn dit agraryske lân en yn dizze tsjerne noch net mei in biskaet sûchdier forgelike wurde kin.
De striid om niveau, sa't bygelyks Wadman dy noch net sa lang forlyn fierd hat en sa't dy hjoeddedei fan noch in pear yn dit lân striden wurdt, is noch altyd aktueel en komt yn dit artikel Aandacht voor de Friese letterkunde suver net oan 'e oarder. Dat is spitich. Oan de iene kant foar de Hollânske lêzer fan de N.R.C., dy't it wier net kweaôf to nimmen wêze sil, as er him nei de lektuer ôffrege hat, oft de Fryske poëzij realiter wol it niveau hellet fan de Hollânske en de Frânske. It is ek spitich foar de Fryske lêzer fan dizze krante - hwant ek yn Fryslân wenje sakelju en snobs, al geane dy dan hwat natuerliker mei de kultuer om - dy't op sa'n wize sân yn 'e eagen struid wurdt. Sa njonkelytsen is eltse homo bonae voluntatis yn dit lân der wol sa fêst fan oertsjûge, dat de Fryske literatuer as literatuer rjocht en reden fan bistean hat, dat de fraech nei it niveau skraechwurk mear as in aktueel probleem field wurdt. In opstel as dat fan prof. Brouwer Hedendaagse aspecten van de Friese literatuur of it