De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 91]
| |
IWylst de greate mannichte fan it Fryske folk sûnder euvelmoed diel oan Fryslân hat, is de skriuwer fan 'e stikken yn dit boek datselde Fryslân probleem. Itselde? Men wit it bytiden net; wit Piebenga sels it altiten wol? Like faek kriget men it idé, dat it folksaerdich Fryslân him frjemd as dat it him eigen is. Hy kin der fan hâlde as in bern en as in great jonge, en net wel wêze op hwer't er fan hâldt. Unforduldich hâldt hy der fan. Dizze Fries is in man, batsk en barmhertich. Wês mar ris sa wiis èn sa démoedich as hy. Hy wit to folle, en tagelyk wit er dat er to min wit. Dêrfandinne, dat er, al omgeande en trochtsjende, earne komme wollend en wittend hwer't er komme sil, mar net altyd hwer't er komme mei, nea genôch fan 'e histoarje kriget. Soe hy dêr sté en hâld fine? Hwat kin krekt yn 'e fjilden fan 'e histoarje in minske fier dwale, Yslân en Jeruzalem somber foarby. Ja, en hwat is it de Fries eigen, flakby op 'e doele to reitsjen: yn 'e idylle fan 'e gea- en folkskunde. Hwant Fryslân leit oan geaën en pounsmieten! Omgong hat it, mar of't der folle trochtocht út is? Sa moat, èn as om styl sykjende skriuwer èn as yn problematyk wrakseljend tinker, Piebenga hieltyd wer tsjin himsels stean en him forbrekke, wylst er leaver ienfâldich wêze soe, sa ienfâldich as it byld dat er fan it folk hat. Hwant it geheim fan 'e skiednis, dat er sa ynmoedich en earnstich siket, dat him suver ferget, hjitfolget, binearet, is syn gefaerlike forsiking, yn dit tobrutsen Fryslân dochs. Lykwols, hy wurdt op dy wei biwarre: to'n earsten hjirtroch, dat Fryslân him gjin saek is. Hy bliuwt yn steat om yn Fryslân it Fryske folk, om yn Friezen minsken to sjen en werom to kennen. It is dan ek gjin isolearre Fryslân, dat fan Omgong en Trochtocht. De fjouwer problemen, dy't syn skôger en skriuwer sa swier dwaende hâlde, binne noch Frysk fan oarsprong noch apart Frysk; de hiele westlike en westerske wrâld leit der yn bihelle, hjoed de dei net minder, mar ek net mear as troch ieuwen fan histoarje. Dat apart útslútsel is der foar Fryslân net fan en oarspronklik koe Piebenga net wêze, mar wol hie er yn dit lytse lân sûnder fierte, massa en macht de mûglikheit fan in it folk konkreter en minsklik neibyer konfrontaesje. It bêste blykt dat faeks út syn skôging fan it earste probleem: de forhâlding fan folk en yntellekt, binammen op it mêd fan 'e literatuer. Net, dat hy dêr út komt, né, dêr allerminst komt er út. Ut in esthétysk en literair each kin men gâns biswier tsjin syn wurdearringen fan forskate skriuwers hawwe, moat men dat sels hawwe. Allinne, de krityk datoangeande rikt net fierdernôch, as hja Piebenga dêryn forfolksking en forhistoarisearring fan 'e literatuer byleit. Dêr mei er him net altyd genôch | |
[pagina 92]
| |
foar hoedzje, mei dat al biweecht him djipper hwat oars. Piebenga hat in swak foar de lytse mantsjes yn Fryslâns literatuer. Hy is der wiis mei, sa't hja mei biheind talint en yn folle breklikheit ynmoedich bisykje, in wurd fan Fryslân to sizzen en hwat fan itjinge lân, folk en tael foar har bitsjut stal to jaen. Hy giet it nei mei in gefoel as stie er by folk yn tarieding en berte fan idéeel libben. Hy hat der niget oan en kin der oandien fan wêze. Sa'n minske en syn wurk wol er net forachtsje; soe er it wolle, hy doarst it net. Hy eanget de heechmoed fan it yntellekt: hat er sels al gjin genôch muoite om der frij fan to bliuwen? Hy wit der ien en oar fan, hoe'n forbrekkende demon it yntellekt minske en folk wurde kin. Dat is ek fan greate ynfloed op syn hâlding njonken de moderne literatuer. Dêr stiet Piebenga hielendal net ûnbigryplik foar oer, mar hy sjocht tsjin har oan; hy hat ynfierene soarch, dat hja mei har grinzeleaze frijheitssucht, har forsearre idéele en psychologyske romtefeart, har demoanysk avontûr op it lêste wurd en geheim út de minske ta in iensum doarmer en it folk ta in forsille keppel sûnder hoeder meitsje sil. En hy wol minske en folk krekt bihâlden hawwe, hy wol har heind hawwe yn biheining. De greatens fan 'e moderne literatuer erkent er, mar har oermoed eanget him en har hybris wiist er ôf. Nêst en tsjin har stelt er it rjocht fan it swakke wurd, it biskieden bigryp, de ienfâldige, gemoedlike, idyllyske lytse mienskip. Hwant it is der him om to rêdden, dat der lyts lok op 'e ierde bliuwe sil. De lytsen wol er net weage hawwe, leaut er net dat weage wurde meije oan it ûnbarmhertich gewelt fan minskene wierheit en skientme. Koartom, útslútsel oer de forhâlding fan folk en yntellekt jowt Omgong en Trochtocht net. It giet net fierder as de beide gerjochtichheden nêsten tsjininoar en fredet se min of mear tsjininoar ôf, of leaver byinoar lâns. Dat kin it dwaen, mei net yn to gean op inkele fragen dy't dochs tige tingje en se miskien wol to mijen. Dizze nammentlik: Is de minmachtige mienskip, fan it âldershûs ôf oan it lytse histoaryske folk ta, ta biheining en biskerming langer noch wol yn steat? Is der noch romte foar de tradisionéle folksskriftekennisse ûnder folken, dy troch ûnderwiis hoe langer hoe mear yntellektualisearje en troch toarstich lêzen al sterker de ynfloed fan 'e moderne literatuer oer har krije? Forkeart dy skriftekennisse hjoed de dei al net yn in proses fan forskraling, forearming en forfal? Hoefolle mûglikheit bistiet der noch ta tinken út it folk wei? En as dat sa is, freget Hidde en Rjurtke âlde klûs, freegje hûs en hurd en heitelân dan gjin royale moderne iepenheit? Is der oar forwin op, né, kinne hja har biskerming oars noch biwiizgje en bihâlde as foar ebbe en floed fan 'e greate, wide wrâld? Kin it sà ek ris wêze, dat it bygelyks foar Fryslân minder oankomt op it hûs as op 'e minske yn dat hûs? Hawwe wy ek ris to folle bitroud op muorren, doarren en blinen, op sfear en foldienens, en to min op karakter? Mar hwat, as karakter ta sterke setting earst komt yn waer en wyn fan geast? En hwat, as minsken, as Friezen sels, net earder ta de minske komme as troch djippe kennis fan 'e minske? As it mei oare wurden it measte net jowt, de greate demoanen yn 'e wrâld to ûntrinnen troch skûl to sykjen by de lytse yn 'e bislettenheit fan it hûs. Ja, it hûs, kenne wy dat wol? Hawwe wy it ek ris nuodliker- | |
[pagina 93]
| |
nôch romantisearre en idéalisearre? Kenne wy it net allinnich yn syn biwarring, mar ek yn syn forlieding? En dochs, as wy dêr gjin weet fan hawwe, dan binne wy tagelyk ûnwittend fan 'e hússittende minske, dat is fan ússels, dat is fan Fryslân. Al is it net oan to rieden en achtsje om 'e wille fan 'e safolle ynteressanter greate sûnden de lytse, húslike, bislettene licht, mei dat al wurdt bûten en sûnder de sûnde de minske net kend. En sjochdêr de moderne literatuer, is it net yn har strekking, dan dochs wol yn har funksje. Wittend of ûnwittend, wollend of net wollend sels, ûntdekt hja de minske oan syn sûnde, hwer ek wurkjend, fan 'e pôlle ôf oan 'e woastenije ta. Al folle docht hja dat op in allernuodlikste wize en as in slim gefaerlike operaesje: yn 'e wei fan in skerpe, neat mijende, ûngenedige analyse. Der is dan ek reden ta freze genôch. Hwa soe net freezje, as de pinne lanset wurdt en inket ta bloed? Mar mei alle gefaren, dy't dizze literatuer ynhat, gefaren fan forienliking, ûntaerding, ûntminskliking, nimmen kin him fan har isolearje yn in bisletten folksskriftekennisse. De ûnbarmhertichheit fan 'e wrâld is net to ûntskûljen yn 'e eigengerjochtichheit fan it hûs. As it om 'e wierheit giet - en dy is mei en yn 'e moderne literatuer yn 'e pleit - dan binne hûs en hiem en heitelân likegoed slachfjild as hokker lytse of greate wrâld ek. Omgong de pôlle om is langer net mûglik, trochtocht is need en gebot. Hwa't yn dizze ieu fan en foar it folk skriuwt, kin noch mei de literatuer fan tiid en takomst foarby. Sawol nederich as moedich moat by der fan leare: har artistyk de kunst fan it wurd ôfsjen en ôfharkje; de minske en sûndaer, dy't syn folk ek is mei himsels derby, kritysker kenne; de geasten - mar net de seden, né de geasten - klearder ûnderskiede. En sels boadskip hawwe. Dat kin en mei en moat er ommers hawwe, hwant it lêste hâld fan it hûs is it leauwe. In goed wurd fan Jezus Kristus to sprekken, dêr komt ta bihâld fan syn hûs it foar him op oan: yn earmoed en breklikheit as it net, mei hwat fan skientme as it al oars kin; mar nea ien fan 'e lytsen forachtsjend. En hjoed de dei is dat wurd, driuwender as ea: èn dat men in hûs hawwe mei op 'e grounfêsten fan it rjocht en de barmhertichheit fan 'e Heilân, dy't ûnder de minsken neat hawn hat om der de holle op del to lizzen, né gjin paleizen en kathedralen, mar in nêst as in skouwe swel en in faeije fûgel, sa mar tsjin Gods alters oan; èn dat jin, gast en bywenner, útfanhûzer en hússittende, in oar, in ivich hûs en heitelân fuort by God sels wachtet. Sa bliuwt kunde en diel oan 'e moderne literatuer, hoe kritysk dan ek, noch in hiele weach, mar kriget men yn har en troch har hinne útsjoch op it keninkryk, dat foar syn komst hwa wit wolris net ta wêze koe oan huzen, net al to fêst en to djip yn 'e ierde biwoartele. Lykwols, in twade probleem komt yn Omgong en Trochtocht to foare, en is it yn 'e groun safolle oars as it earste? Né, net dat fan it nasionaelsoasialisme, mar fan 'e moeting mei it nasionael-soasialisme.
(Wurdt forfette) |
|