De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 80]
| |
Friedrich Durrenmatt:
| |
Earste bidriuwOm fuort mei it wichtichste plak to bigjinnen, dat net sasear it toaniel oanbilanget mar namsto mear de eftergroun fan dizze komeedzje: oer alles hinne hinget in ûnmjitlike himel en dêr midden-yn sweeft de Andromeda-nevel, nea liker as seagen wy troch in stjerrekiker, sa deunby; hja nimt skraechwurk de heale toanieleftergroun yn bislach. Ut dizze himel nou kaem ienris, en ek mar ien inkelde kear, in ingel del, as in skurve bidler forklaeid en mei in lang, rea burd. In jongfaem mei in wale foar hied er njonken him. Op dit stuit komme dizze beide swalkers yn de stêd Babylon oan; hja steane oan de igge fan de Eufraet. Yn 'e midden fan it pleintsje brânt in âldbabylonyske gaslantearne, sober fansels yn forgeliking mei de himel dêrboppe. Mear nei efteren sjocht men oan muorren en publikaesjebuorden plakkaten mei opskriften likernôch sa: ‘Hwa't biddelt, docht it Heitelân ûnderstek’, ‘Biddeljen is a-sosiael’, ‘Bidler, wurd amtner - doch it hjoed!’. Noch fierder op 'e eftergroun moat men jin foar 't neist de ûngroun fan de wrâldstêd tinke, in labaret fan paleizen, hearehuzen en klinten, útrinnend yn it giele sân fan de woastinen - machtich en grousum tagelyk en troch miljoenen biwenne.
De persoanen dy't yn dit earste bidriuw foarkomme binne:
DE INGEL DE JONGFAEM KURRUBY AKKY, DE BIDLER NEBUKADNEZAR, KENING FAN BABYLON NIMROD, EX-KENING FAN BABYLON AERTSMINISTER OPPERTHEOLOOCH GENERAEL BOAL EARSTE, TWADE EN TREDDE SOLDAET EARSTE EN TWADE ARBEIDER GIMMEL-MEI-DE-EZELSUPEKARRE TABTUM, DE HETAERE ENGGIBY, IN BANKIER
INGEL:
Omdatstou, myn fanke, noch mar suver krekt op sa'n allerseldsumste wize troch myn Hear skepen bist, mei ik dy allerearst wol fornije dat ik, dy't hjir as bidler njonken dy rin, yn wêzen in ingel | |
[pagina 81]
| |
bin; dat dizze wjerstribbige en taeije matearje dêr't wy hjir geane de ierde is - as ik tominsten it paed net al to slim bjuster bin - en dat dy wite kaboefkes dêrre de stêd Babylon binne.
FANKE:
Ja, ingel.
INGEL:
(hellet in kaert foar 't ljocht en sjocht der op)
En dy brede stream, hjir foar ús, moat de Eufraet wêze.
(dipt de hân yn it wetter).
Sjoch, hjir is in hânfol fan dat guod, neat liker as in hiel steal daudrippen, mar dan gearsketten, sil 'k mar sizze...
FANKE:
Ja, ingel.
INGEL:
Dat skrille bistek dêrboppe ús - né, dou moatst justjes heger sjen - dat is de moanne en dy ûnbidige wolken efter ús, wyt en kein, dat is de Andromedanevel - witst wol ommers, dêr binne wy niis weikommen... 't Komt út, stiet allegearre kreas op 'e kaert.
FANKE:
Ja, ingel.
INGEL:
En dou fanke, hjir njonken my, dou hjitst Kûrrûby en dou bist sa 'k al sei troch myn Hear sels skepen, noch mar in telmannich lyn. Ja, hoe sil ik dy dat úttsjutte... Hy die ien taest mei syn machtige hân, striek justjes mei de iene finger oer de oare en dêr stiestou al yn syn hânpalm yn dyn hiele hear en fear. Makkest noch justjes in sierlik stapke twa trije en doe...
KURRUBY:
Ja, ik wit it noch wol, ingel.
INGEL:
Moai sa, fanke - en forjit it nea datstou stien hast en dounse suver yn de hân fan Him dy't dy skepen hat, samar - út neat... Fier, fier bist nou by Him wei...
KURRUBY:
En hwat moat ik nou?
INGEL:
Dit is tonei dyn plak, hjir, ûnder, by de minsken.
KURRUBY:
Hwat binne dat eins - minsken?
INGEL:
Kûrrûby fanke - ik moat ta myn skande bikenne dat ik op dit mêd fan de greate skepping net it measte thús bin. Ik ha mar ienkear - ek al wer ytlike ieuwen lyn - in lêzing heard oer dat ûnderwerp. As 't my net mist dan binne minsken wêzens lykas wy der nou útsjogge - ryklik ûnhandich liket my ta, hwant ik ha der wol oan dat ik alles hwat sa'n minske oan en om him hat thúsbringe kin. Hawar, dat moat syn hert mar ophelje. Mar ik bin ál bliid dat ik my aenst wer gau yn in ingel foroarje mei.
KURRUBY:
Dat... ik bin nou in... minske?
INGEL:
Goed bigripe fanke, dou bist in wêzen yn minsklik stal. Neffens dy sprekker, destiids, skaeije de minsken allegear fan elkoar ôf, mar dou bist troch God sels skepen, samar - út neat. Dus gjin minske - mar in minskebigryp, sá sil 'k dy mar neame. Unforgonklik silst wêze lykas it Neat dêrst út skepen biste, forgonklik lykas de minsken dêrst ûnder forkeare moatst...
KURRUBY:
Hwat moat ik dan oan de minsken bringe, ingel?
INGEL:
Leave Kûrrûby - ik sil dy al dat freegjen mar net oanrekkenje, hwant dou bist der ommers noch mar in foech kertier. Lykwols, dou meist nou wol hast witte dat freegjen gjin foech jowt foar in froed fammensbern. Dou hoechst de minsken neat to bringen, krekt oarsom: dou wurdst oan 'e minsken brocht... | |
[pagina 82]
| |
KURRUBY:
Dat kin ik net bigripe...
INGEL:
Hwat út 'e hân komt fan Him dy't dy skepen hat bigripe wy nea, fanke...
KURRUBY:
Nim my net kwea...
INGEL:
My is opdroegen, dy to skinken oan de earmste, de bihyplikste fan alle minsken.
KURRUBY:
Ik sil dwaen hwatstou my hjitste, ingel...
INGEL:
(sjocht de kaert der wer op nei)
De earmsten ûnder de minsken binne de bidlers. Dat sadwaende - ik moat dy skinke oan immen dy't Akky hjit, dat moat de lêste bidler wêze dy't noch op ierde omdoarmet - alteast as dizze kaert my net forrifelt. Akky, de bidler - in natuermonumint, libbensliif! Oars in seldsum knap stikje wurk, dy kaert. It stiet der allegearre op!
KURRUBY:
As dy Akky, dy bidler de earmste fan alle minsken is - dan moat er wol tige ûngelokkich wêze.
INGEL:
Hwat hat sa'n jongfaem lykas dou al in prakkesaesjes...! Tink hjir om, Kûrrûby: hwat skepen is, is goed en hwat goed is dat is lokkich. Op al myn greate reizen troch de skepping haw ik noch nea in grisseltsje ûngelok sjoen.
(Hja geane nei rjochts.)
KURRUBY:
Dat sil 't wol, ingel...
INGEL:
Dit is it sté dêr't de Eufraet in bocht makket. Hjir moatte wy op Akky, de bidler wachtsje. Kom, wy jowe ús effen del - sachts krije wy noch in wink yn de eagen foar't it safier is. Dou bist ynein fan de fiere reis en ik ha myn nocht ek. Boppedat hie 'k omtrint de foet forkloft doe't wy by Jupiter de bocht omkamen - skeat my dêr net ynienen sa'n foech moantsje dwers oer!
(Hja geane rjochts op 'e foargroun sitten.)
INGEL:
Sjesa, skik mar hwat tsjin my oan, Kûrrûby. Dat pronkstikje fan in kaert sille wy ús hwat mei bistopje hwant om earlik to wêzen: thús ûnder ús eigen sinne is 't al efkes mylder, tinkt dy ek net? Ik bin frijhwat klûmsk - sa net, dit moat neffens de kaert wol ien fan 'e waermste kontrijen op ierde wêze. Hawar, wy binne foar 't neist op in kâlde planeet forsyld...
(Oerdutsen mei de mânske kaert falle hja njonken elkoar yn de sliep.)
(Fan rjochts komt Nebukadnezar op - in jonge man noch, alhiel net ûnsympathyk en hwat nayf. Syn gefolch bistiet û.o. út de aertsminister, de generael, de opperthéolooch en in boal yn read habyt.)
NEBUKADNEZAR:
Nou't myn legers yn it Noard de Libanon birikt hawwe - yn it Suden de sé - yn it Westen de woastinen - en yn it East de hege bergen dy't oant yn 'e himel rikke - nou, op dit stuit, haw ik de hiele wrâld yn 'e macht.
AERTSMINISTER:
Ut namme fan de minister,
OPPERTHEOLOOCH:
fan de tsjerke,
GENERAEL:
fan it leger
BOAL:
en fan it heechste rjocht!
ALLE FJOUWER:
Eala, dou greate kening Nebukadnezar! Eala, noust de hiele wrâld nei dyn hân sette kinst. Unforwinber silst wêze oant yn fiere slachten... | |
[pagina 83]
| |
NEBUKADNEZAR:
Njoggenhûndert jier moast ik roungear lizze foar kening Nimrod dy't my ta syn fuotbank brûkte - hie dat lykwols it slimste mar west. Njoggenhûndert jier hastou, aertsminister, my by elke audyinsje yn 't antlit spein...
AERTSMINISTER:
Nimrod twong my, majesteit...
NEBUKADNEZAR:
Nimrod is finzen nou, yn 'e boeijens slein. By 't lemieren fan 'e dei sil er hjir yn Babylon fierd wurde - myn swarte tromslaggers dy't ik fan 'e keningin fan Sjeba presint krige haw, hawwe my der niiskrekt út Lamasj tynge fan dien. Nou wurdt Nimrod myn fuotbank - wit er ek ris hwat roungear lizzen is, dei út dei yn. En dij sil ik twinge, him yn 't gesicht to spijen, aertsminister...!
AERTSMINISTER:
Forjeffenis, majesteit. Doe't Jo, ieuwen en ieuwen lyn, yn it skiere oanbigjin fan 'e tiden, kening wiene en Nimrod fuotbank, moast ik him ek oanspije. Doe't njoggenhûndert jier lyn Nimrod kening waerd en Jins majesteit fuotbank - moast ik Jins majesteit oanspije. Yn 't wolnimmen, majesteit - soe it de baes net wêze my foargoed fan dat spijen to ûntslaen? Ik stean der elke kear al op oan, as de foroaring fan de omstannichheden soks...
NEB.:
Hwat rjocht is, moat rjocht bliuwe. Doch dus dyn plicht, spij, en lit de lju rabje...
NEB.:
O waimir, hwat is 't yn dit lân ek al fierhinne. Ik sil tapakke moatte om alles wer hwat yn 't lyk to krijen. It libben is koart. Ik moat de idéën dy't yn my opwâllen wylst ik Nimrods fuotbank wie stal en foarm jaen... Ik sil...
AERTSMINISTER:
Jins majesteit sil de wierhaftich sosiale mienskip opbouwe, ornearje 'k.
NEB.:
Hwat oars - mar it docht my nij, datstou myn tinzen riede koest!
AERTSMINISTER:
Yn 't wolnimmen, majesteit - keningen tinke yn tiden fan tobekslach altyd tige sosiael...
NEB.:
Under Nimrods biwâld wie 't wer it âlde lietsje: de frije handel mar wakker winsten meitsje en by de steatskoöperaesjes wie 't skraebjen om 'e kant. Allerraerst, sa'n rist hannelers, tuskenhannelers, ûnderhannelers en ûnderhânske hannelers as hjir omswintelen. En in steal bankiers en bidlers - om bang fan to wurden, sáfolle! Dy bankiers kin ik it op 't stuit net tsjin yn 'e kant sette. Wy witte ommers mar al to goed hoe't it der mei de steatsfinânsjes by stiet. Lykwols, al dat gebiddel haw ik forbean, op slach. Ha se myn bifel útfierd?
AERTSMINISTER:
Alle bidlers fan Babylon en dêrbûten binne yn steatstsjinst oergien, majesteit. Optheden binne hja dwaende, de bilestingen yn to foarderjen. Allegearre - op ien nei. Akky, hjit er. Dy set it yn 'e kant. Dy wol syn luzige affearen trou bliuwe, seit er.
NEB.:
Hat er in fikse boete krige?
AERTSMINISTER:
Nou, omraek!
NEB.:
Is er gisele?
AETRSMINISTER:
Alleroatmoedichst.
NEB.:
Brânmurken? Foltere?
BOAL:
Hy hat gjin plakje mear op 'e hûd dêr't se him net efkes mei | |
[pagina 84]
| |
gleone tangen kidele hawwe. En gjin bonke dy't net justjes oan 't unster hongen hat...
NEB.:
En wol er nou noch net yn goedens?
AERTSMINISTER:
Hy foroaret him der net om.
NEB.:
Just, jawol - nou, fanwegen dyselde Akky, dy dôfhûdige bidler, stean ik hjir by neare nacht oan 'e igge fan de Eufraet. Alsaleaf liet ik him fuortdaliks ophingje, mar in great hearsker lykas my foeget it lykwols en bisykje it noch ienkear mei fordrach. Dat sadwaende: ik haw mysels ûnthjitten om ien ûre fan myn libben de earmste en nearzichste man ûnder myn folk allyk to wêzen. Tsjoch my dêrom de skeamele bidlersdracht oan dy't ik út 'e garderobe fan it hoftheater helje litten haw...
AERTSMINISTER:
Sa't jo bigeare, majesteit...
NEB.:
Plak my nou ek it reade burd om, dat by dit pakje past.
(Nebukadnezar is nou as bidler forklaeid.)
NEB.:
Sa - nou witte jimme hoe't ik der alles, alles foar oer haw om in keninkryk op to bouwen sûnder wryt of slyt - in hearskippij lykas in mânske, stege toer dy't elkenien feillich ûnderdak jowt: de boal likegoed as de minister en allegearre sille hja 't skoan nei 't sin hawwe... Hwat wy bistribje is gjin macht sasear, mar wol: de folsleine steat, sûnder wryt of slyt. Sok in biwâld moat frij fan ûnrant wêze - en hwat is in bidler oars as ûnrant? Fannacht noch sil ik dy Akky safier krije dat er him ûnder de wjukken fan myn almachtige steat bijowt. As him de eagen earst mar ris iepene wurde meije; as er mar dúdlik sjocht hoe djip as er sonken is... Mar as er yn it kwea bihurdet - dan sil 'k him oan dizze selde lantearnepeal ophingje litte!
AERTSMINISTER:
Wy priizgje jins wysheit, majesteit!
NEB.:
Priizgje net, hwat jim net bigripe kinne...!
AERTSMINISTER:
Wis net, majesteit...
NEB.:
Jow jim nou ôf - mar net al to fier fuort; jim moatte to biroppen wêze. Salang as ik gjin lûd jow hâlde jim jim biskûl, bigrepen?
(It gefolch fordwynt. Nebukadnezar giet lofts oan de igge fan de Eufraet sitten. Op dat stuit wurde de ingel en Kûrrûby wekker.)
INGEL:
Moatst ris sjen, Kûrrûby: dát is nou sa'n minske...
KURRUBY:
Hy hat likense klean oan as dou en ek sa'n rea burd...
INGEL:
Dit treft al seldsum, fanke: it is de persoan dêr't wy om út wiene.
(Tsjin Nebukadnezar):
It docht my tige deugd, Akky, de bidler fan Babylon to moetsjen!
NEB.:
(forheard)
Ik bin Akky de bidler fan Babylon net. Ik bin in bidler út Ninevé. Better net to witten is der oars gjin bidler as ik...
INGEL:
(tsjin Kûrrûby)
Nou ha 'k der wol oan, fanke. Dy kaert hat my nou dochs moai grif tofiter. Der wennet yn Ninevé ek al in bidler... Der binne dus twa bidlers op ierde.
NEB.:
(tsjin himsels)
De minister fan foarljochting sil 'k ophingje litte: der binne twá bidlers yn myn keninkryk!
(Tsjin de ingel)
Hwer komstou wei?
INGEL:
Fan de oare kant... de Libanon. | |
[pagina 85]
| |
NEB.:
Lykas de greate kening Nebukadnezar fêstlein hat, hâldt de wrâld dizze kant de Libanon op. In hiele smite geografen en astronomen binne nammers fan itselde bitinken.
INGEL:
Ja, houris, oan de oare kant de Libanon lizze ek noch in mennich doarpkes: Athene, Sparta, Karthago, Moskou, Peking - sjochst wol?
(Hy wiist op 'e kaert.)
NEB.:
(sjin himsels)
De hofgeograef lit ik ek ophingje.
(Tsjin de ingel)
De greate kening Nebukadnezar sil dy doarpkes ek foroverje, dat is him it oergearkommen mar...
INGEL:
(tsjin Kûrrûby)
Nou't wy noch in twade bidler moete hawwe, komme wy der hiel oars ta to sitten, sa is 't al. Ik sil nou útfine moatte hwa't de earmste is: Akky de bidler út Babylon of dy bidlersman út Ninevé. Sa'n kerweike moat men mei fordrach oanpakke. - Dêr komt noch in minske oan...
(Fan lofts komt in wyld en rûch man oan mei in rea burd, dat der binne nou trije bidlers mei lange reade burden op it toaniel.)
KURRUBY:
Mar hy hat wer krekt sokke klean oan as dou, ingel, en krekt sa'n rea burd...
INGEL:
Ik bin der glêd mei oan as dat nou wer net Akky de bidler is!
NEB.:
(tsjin himsels)
As dat nou wer net Akky de bidler is, wurdt de minister fan Binnenlânske Saken ek ophongen.
(De tredde man giet midden op it toaniel sitten, mei de rêch tsjin de lantearnepeal.)
NEB.:
As ik my net raer forsin, bistou Akky, de bidler fan Babylon.
INGEL:
Akky, de forneamde bidler hwaens namme men oeral neamen heart?
AKKY:
Om in namme bikroadzje 'k my net
(hy hellet in drankflesse foar 't ljocht en nimt in slok.)
NEB.:
Elkenien hat dochs in namme.
AKKY:
Hwa bistou?
NEB.:
Ek in bidler.
AKKY:
Dan doochstou as bidler net - né wis net, hwant sjoen út in each fan soune bidlerij hâldstou der wrakke idéën op nei. In bidler hat ommers neat: gjin jild en gjin namme. As it him sa útkomt nimt er út en troch in oare namme oan, krekt as in stik brea. Nim my nou bygelyks: eartiids skoaide ik elke hûndert jier in nije namme op!
NEB.:
Hwer soe it minskdom bidarje as elk him net oan syn eigen namme hâldde? Elk moat wêze dy't er is en bliuwe dy't er is - oars rint de wrâld op 'e non.
AKKY:
Ik bin hwat my goed taliket. Ik ha alles al west en hjoeddedei bin ik Akky de bidler. Mar ast der my op fergest: ik kin likegoed kening Nebukadnezar wurde.
NEB.:
Dat bistiet net!
AKKY:
Moatst opjaen - neat is makliker as om kening to wurden. Och hea, dat is ien fan de earste, ienfâldichste kunstjes dy't men leare moat sadré't men jins libbensrin as bidler bigjint. Jongeswurk! Ik haw fan myn libbensdagen al wol sawn kear kening west.
NEB.:
Mar greater kening as Nebukadnezar is der net.
AKKY:
Neeb-om bidoelste? | |
[pagina 86]
| |
NEB.:
Hwat seist: Neeb-om?
AKKY:
Neeb-omme, omke Neeb, sa neam ik myn freon, de kening Nebukadnezar fan Babylon altyd.
NEB.:
Dat makkest my net wiis, datstou kunde hast oan de greate kening der keningen!
AKKY:
Great seist? In krobbe is 't, nei lichem en siele...
NEB.:
Op 'e stânbylden wurdt er oars altyd foarsteld as in kant en krêftich man!
AKKY:
Op 'e stânbylden, wis hwat oars. Mar hwa meitsje dy? De byldhouwers hjir by ús yn Babylon. By harren liket elke kening op 'e oare, as twa drippen wetter. Neeb-omme, sjedêr. Net ien hoecht my to fortellen hwa't Neepke is. Spitigernôch docht er net altyd hwat ik him ried...
NEB.:
Dou him riede?
AKKY:
Wis al, as er hjir of dêr mei oanklaud sit, moat ik by him op 't paleis forskine!
NEB.:
Op 't paleis?
AKKY:
Neeb-omme is de greatste omkoal dy't ea op 'e troane sitten hat. Hy hat o sa'n wurk fan 't regearjen...
NEB.:
It wrâldregear is ek in swiere en forhevene saek!
AKKY:
Krekt, dat seit Neeb-omme ek altyd. Dat hat elke kening noch sein dy't ik kend haw. Dat is sa harren forlechje, moatst rekkenje: elk minske hat forlet fan in forlechje as er gjin bidler is en hweróm't er gjin bidler is. Ja, wy geane swiere tiden tomjitte!
(Hy drinkt jitris. (Tsjin de ingel)
En hwa bistou as ik freegje mei?
INGEL:
Ik bin ek in bidler.
AKKY:
Hoe hjitstou?
INGEL:
It doarp dêr't ik wei kom ha se noch gjin nammen útfoun.
AKKY:
Fornimstige lju, dêr by jimmes... hwerearne leit dat aerdige plakje?
INGEL:
Oare kant de Libanon.
AKKY:
It is dêr wol to forkearen, liket my ta - nou, hwat hiest foar boadskip?
INGEL:
By ús op 't doarp stiet it der frijhwat bihypliker foar mei it bidlersbistean. Ik kin der fan komme en 't hat der oan - en ik ha ek noch in great fanke op myn noed - dyselde hjir, mei de wale foar...
AKKY:
De wrâld is rûch, dy't net biddelje kin is slûch, of yn elk gefal in knoffelhakke.
INGEL:
De gemeenterie by ús op 't doarp hat sa wiis west en sjit my de reiskosten foar om de greatmachtige en forneamde Akky to rieplachtsjen: sachts kinne Jo my de kunst fan it biddeljen hwat better leare. Toe, wês sa goed en meitsje in baes bidler fan my!
AKKY:
Dat wie snoad bitocht fan dy gemeenterie by jimmes. Der binne dus noch fornimstige riedsleden op 'e wrâld...
KURRUBY:
(forheard tsjin de ingel)
Mar dou leagenst dochs, ingel!
INGEL:
De Himel kin oars net as de wierheit sprekke, myn bern. Mar it hat der wolris oan dat de Himel de minsken dúdlik meitsje kin hwat hja nou krekt bidoelt...
AKKY:
(tsjin Nebukadnezar)
En hwerom bistòù by my kommen? | |
[pagina 87]
| |
NEB.:
Ik bin de wiidforneamde en machtige Anasjamasjtaklatû, de trochlofte baes-bidler fan Ninevé!
AKKY:
Bistòù de baes-bidler fan Ninevé!
NEB.:
Sa 'k sei: Anasjamasjtaklatû, de priisbidler fan Ninevé.
AKKY:
En hwat woest?
NEB.:
Eins krekt hwat oars as dy bidler fan de oare kant de Libanon. Ik bin hjir kommen om dy derfan to oertsjûgjen, dat wy gjin bidlers mear wêze kinne, langer. Fansels, de toeristen sjogge wol niget oan ús en fandatoangeande hâlde wy de namme fan it âlde romantyske Easten ek wol heech, mar nou wankt de nije tiid: ‘lit de dreamen by 't forline: oan de takomst wêz' ús died...’ Dat sadwaende: lit ús de greate kening Nebukadnezar hearrich wêze, dy hat ommers it biddeljen forbean?
AKKY:
Just, jawol!
NEB.:
In wierhaftich sosiale mienskip, sa bisjoch ik it, kin gjin bidlers duldzje. It jowt gjin foech dat der langer minsken binne dy't omheukerje - en hwat is biddeljen oars as heukerjen en hongerlapjen?
AKKY:
Soa net...
NEB.:
Alle oare bidlers yn Ninevé en Babylon, yn Ur en Urûk, oant yn Aleppo en Sûsa - allegearre hawwe hja de bidlerskoer in traep jown. Hja hoege net mear to biddeljen, ûnder it biwâld fan de greatmachtige Nebukadnezar kriget ommers elkenien syn gerak. De bidlers hawwe it optheden frijhwat better as eartiids.
AKKY:
Tsjong noch ta...
NEB.:
Dou en ik binne priisbidlers, kunstbidlers mei 'k wol sizze - dat wy hawwe eins nea klaeijen hawn lykas ús maten. Hoewol: it hat der by ús ek wol oan: sjoch marris hoe't wy der hinne rinne. Wy meije dan noch sokke baes bidlers wêze, dou en ik, mar sels hjoeddedei nou't it elkenien foar de wyn giet, barre wy amper mear as in arbeider mei de foechste deihier - in dichter, bygelyks.
AKKY:
Nou moatst opjaen...
NEB.:
Dat sadwaende, eale freon, liket it my de baes en jow it biddeljen oer. Ik kin in baentsje krije yn tsjinst fan de kening. Toe, wês wiis en doch it ek. It is it sa maklik as hwat: moarnier om acht ûre kinst dy oanjaen by it ministearje fan finânsjes - twade doar rjochts, earste loket. Mar it is dyn lêste kâns, ast it net dochst sil kening Nebukadnezar it oars mei dy bisykje, dat wik ik dy. It komt de kening krekt: ast moarnier net út 'e rie bist koe der dy wolris handich ophingje litte - foar 't neist oan deselde lantearnepeal dêrst nou tsjinoan hingest.
(Op 'e eftergroun makket de boal in bûging.)
AKKY:
Dus: dou bist Anasjamasjtaklatû, de bidler út Ninevé?
NEB.:
De earste, de bêste - en yn alle silen mak.
AKKY:
En dou barst deis net mear as de deihier dy't in dichter makket?
NEB.:
Dêr sit it sahwat, ja.
AKKY:
Dan hastou der gjin slach fan. Ik ûnderhâld allinne al sa'n fyftich Babylonyske dichters!
NEB.:
Mar it kin fansels ek wêze, dat in dichter by ús yn Ninevé justjes méar fortsjinnet as ien yn Babylon. | |
[pagina 88]
| |
AKKY:
Dou bist de earste bidler fan Ninevé en ik de earste fan Babylon. It hat my altyd al moai talike om mei de baesbidler út in oare stêd in kampslach oan to gean. Sille wy dwaen hwa't it bêste biddelje kin? Astòù it winst, jowe wy ús aenst om acht ûre fuortdaliks oan foar in baentsje by de steat. As ìk it win, silstou dêr yn Ninevé ek wer fannijs oan it biddeljen moatte lykas ik hjir yn Babylon - kening Nebukadnezar kin lipe of pipe. Sjoch, it wurdt al ljocht, de earste Babyloniërs komme al op 'e lappen. Oars net sa'n gaedlike tiid foar ús nearring. Mar namsto mear sille wy broeksette moatte!
INGEL:
Leave Kûrrûby - de ûre is kommen. Nou silst de man kennen leare, de earmste, de ûnhandichste fan dy beide bidlers - dat is dines...
KURRUBY:
Mar hoe wit ik hwa't dat is, ingel?
INGEL:
Dat wiist him fansels, fanke: Hwa't dizze kriich yn 't biddeljen forliest, is - soe ik sizze - de earmste fan alle minsken...
AKKY:
Sjoch, dêr komme twa arbeiders oan. Fan 'e iene kant fan 'e stêd moatte hja nei de oare, en dat op 'e nochteren mage - trije ûren binne se ûnderweis om moarns yntiids op 't tichelwurk fan Masjerasj to wêzen. Nou, bidler út Ninevé, dou moatst earst mar los!
(Fan lofts komme twa arbeiders.)
NEB.:
(earmhertich)
In jefte, earbere arbeiders, ien inkelde jefte mar - foar in kammeraet dy't yn 'e minen fan Nebo in krupsje skipe hat!
EARSTE ARBEIDER:
Earbere arbeiders! Is 't dy yn 'e plasse slein?
TWADE ARBEIDER:
It folk fan de Nebo bart wyks tsien stûren mear as wy. Dy moatte mar mei har eigen krupsjes rêdde!
EARSTE ARBEIDER:
En nou tominsten, nou't it regear folle mear granyt brûkt as tichels.
TWADE ARBEIDER:
Jawis jonge, granyt hâldt it yn 'e ivichheit folle langer út...
AKKY:
Elk in koperstik, jim rekels, in koperstik siz ik jim. Jim bisykje, jimsels fet to mesten fan in sulverling wyks, mar ìk pas foar sa'n slavelean, ìk hâld de arbeiderseare heech. En dus moat ik biddelje, hongerlapje siz mar. 't Moat net mâller, wol? Jow op, elk in koperstik of jei oars dy hege bazen fan jim nei de bliksem - dàt is tominsten keardelswurk.
TWADE ARBEIDER:
Ik stean pûr allinne, man - hwat sil ik tsjin dy bazen bigjinne?!
EARSTE ARBEIDER:
Men hat optlêst ek in húshâlding!
AKKY:
En ha ìk soms gjin húshâlding? Myn streuperts fan bern fljogge hiele Babylon oer, hwat praetstou my. In koperstik siz ik jim of jim sinke fannijs wer yn slavernij, noch djipper as foar de sontfloed. In moai spul soe dat wurde: in roerich proletariër lykas ik forhongerje litte! Jow op!
(De beide arbeiders, alhiel bidimme, jowe Akky har koperstikken. Dan geane hja rjochts ôf.)
AKKY:
(smyt beide munten yn 'e loft)
De earste slach is mines!
NEB.:
Seldsum is 't - de arbeiders by ús yn Ninevé moat men hiel oars oanpakke.
AKKY:
Hwa komt dêr oan krukken? O, Gimmel mei syn ezelsûpekarre. | |
[pagina 89]
| |
(Fan lofts komt Gimmel en bliuwt mei syn nearring stean.)
NEB.:
Tsien koperstikken, dou smoarge ezelmelker! Tsien koperstikken of ik sil Mardûk de kommiis ris ynskune hoestou dyn fammen wrotte litst foar in slavelean.
GIMMEL:
Mardûk, de kommiis? Dyselde dy't alle wiken in dofke kriget fan 'e steatskoöperaesje? Silstou dy Mardûk hwat ynskune oer my? Dat is troch alles hinne: de lju hjir yn Babylon drinke ommers langer allegearre koumolke fan de steatskoöperaesje en in lytse ezelman lykas ik hâldt gjin nearring mear oer. Noch gjin healtsje krigest, smoarge lúsangel!
AKKY:
Hjir, Gimmel jonge - myn lêste sinten foar in streksum fleske ezelmolke. Ik bin bidler en dou rinst mei de ezelsûpekarre en beide binne wy lytse mantsjes dy't ússels rêdde moatte. En hwa binne de pylders fan de maetskippij? Dêrom: ik hâld it op ezelmolke en op 'e lytse man. Praet my der net fan: Babylon is great wurden fan ezelmolke, rjochte en sljochte Babyloniërs drinke ezelmolke!
GIMMEL:
(optein)
Hjir, hast twa flessen ezelmolke en noch in sulverling derop ta. Mei ien sa'n echte Babyloniër lykas dou ha 'k lak oan alle kij fan 'e wrâld dy't troch de steatskoöperaesje útflut wurde. Rjochte en sljochte Babyloniërs drinke ezelmolke - sa is 't en net oars! Dat is oars noch in sechje as ‘Gjin better waer as út it kouwejaer’, dêr't de koöperaesje altyd mei flagget!
(Hy giet lofts ôf.)
NEB.:
't Is al singelier, mar it wol hjoed net.
AKKY:
Stil mar - nou krigest it maklik, echt in biddelboarterijke om samar to sizzen, it is it oergear kommen mar. Hast wolris fan in skiere iel heard? Nou, dêr komt ien oan - moarns bitiid kinne sokken ornaris noch gjin kwea: Tabtûm de hetaere - Trintene Tapke sizze se ek wol - sil mei de faem nei de merk om hwat grientespullen, liket my ta. Toe mar, hjir hoechst de mouwen net by op to strûpen.
(Fan efteren komt Tabtûm de hetaere op mei har tsjinstfaem, dy't in koer op 'e holle draecht.)
NEB.:
(kritend)
In jefte, rju eale frouwe, foarbyld fan trêft en fan deugd! In jefte foar in earme, oppassende bidler dy't trije dagen lang gjin iten hawn hat.
TABTUM:
Hjir, hast in sulverling. Moatst foar my bidde ta de goadinne Ysjtar, om lok foar my yn 'e leafde.
(Hja jowt Nebukadnezar in sulverling.)
AKKY:
Haha!
TABTUM:
Hwerom lakestou sa, smjunt?
AKKY:
Ik laitsje omdat sa'n oanfallich jongfaem as Jo oan dy earme hongerlijer fan in bidler út Ninevé net mear as in sulverling jowt. Hy moat it biddeljen noch leare, hartsje. Hy mei wol twa sulverlingen ha as er mei syn biddeljen hwat bidije sil!
TABTUM:
Noch in sulverling?
AKKY:
Jawis, nòch ien.
TABTUM:
Hwa bistou eins?
AKKY:
Ik bin in bitûfte, goed ûnderleine priisbidler, dame.
TABTUM:
Wolstou foar my ek ta de goadinne fan de leafde bidde? | |
[pagina 90]
| |
AKKY:
Ik meitsje der gjin gewoante fan, mar foar de moaiste en keinste fan alle froulju sil ik de hân oer 't hert strike...
TABTUM:
En helpt it, astou bidst?
AKKY:
Omraek, jongfaem, omraek! It bêd dêr't Ysjtar op leit to sliepen skoddet deroer as ik mei myn psalms fanwegen kom. Dat sadwaende: dou silst mear rike manlju oer 'e flier krije as der yn Babylon en Ninevé omrinne - dêr stean ik dy boarch foar.
TABTUM:
Nou hawar, dan moatst ek mar in sulverling fan my ha.
AKKY:
Ik bin al lokkich, ast my mar ienkear oansjochst mei sa'n swiet glimke om dyn roazemûltsje. Wier, dêr haw ik genôch oan!
TABTUM:
(forwûndere)
En myn jild bist dus net brek?
AKKY:
Nim my net kwea, myn goudene, mar ik bin in bidler fan 't boppeste buordtsje. Ik ha by keningen, by de greate ljuwe en by de deftichste froulju fan de hegerein wol biddele - en nea foar minder as in goudstik, earder méar! Né, né - allinne mar in glimke, myn goudene, in swiet glimke - dat is my genôch.
TABTUM:
(gleon)
En hoefolle barst dan by dy froulju fan de hegerein?
AKKY:
Twa goudstikken.
TABTUM:
Fan my krigest trije...
AKKY:
Dan hearre jo moai wis by de heechste hegerein, dame. Mefrou Chamûrapi, de oare helte fan de aertsminister, jowt krekt itselde.
(Op de eftergroun wurdt de aertsminister sichtber, dy't nij opharket.)
TABTUM:
Dat wiif fan Chamûrapi? Dat eigenwiis serpint fan de Uterburd? Oare kear krigest fjouwer goudstikken!
(Hja giet mei har faem rjochts ôf. De aertsminister fordwynt pûrlilk.)
AKKY:
Hwat seist hjirfan?
NEB.:
Dou hast it my ôfwoun, oant nou ta, dat sil 'k dy net ûntstride.
INGEL:
(tsjin Kûrrûby)
In bitûften bidler, dy Akky. Dizze planeet sit fol fordivedaesje, liket my ta. Mar ik bin fansels thús, yn myn eigen sinnestelsel, ek net it measte wend.
NEB.:
Mar nou krij ik de guit, doch der ris tinken om!
AKKY:
Namsto better. Dêr komt Enggiby oan, de âldste direkteur fan it bankiershûs Enggiby en soan. De man is tsienkear sa ryk as de greate kening Nebukadnezar.
NEB.:
Slim genôch, dat der noch sokke grauwe kapitalisten omrinne!
(Twa slaven komme mei Enggiby oan, dy't yn in draechstoel sit. Efteroan rint in grouwe eunuch.)
(wurd fuortset) |
|