greate Skelte Reinders? Oan it wyt fan 'e eagen ta sit er yn it jild, en noch wie 't him leed dat wy yn dat wentsje sieten. In hûs koe 't amper mear neamd wurde, mar wy moasten der út. Kin sa'n Skelte mei ús dwaen hwat er wol? Sprek dan!’
‘Hwer makkest dy drok oer, is dit minder as de keet dêr't wy út komme? Nou dan.’
Maei swei. Tsjin Bartele hie hja dit net neame hoegd, it soe foar har en de jonge opkomme om mei Skelte de rekken lyk to meitsjen.
Der siet noch âld sear. Hie er har heit yndertiid net de kampkes lân ûntnadere, doe't er yn it labaret siet? De beide bisten fuort, heit oan syn dea ta ûnder in oar. Né, dat wie har noch net forgetten en dizze lêste minne streek die de doar ta. Har húshâlding foar alle wrâld to skande meitsje. De sútrichste went wie foar harren noch to goed. In skip fol wanluzen mochten hja yn forkeare by graesje fan 'e gemeente. Skelte syn wurk. As hjir dalje op kaem, soe er it him sels to witen ha.
Neist Bartele op 'e striesek helle Maei har fan alles foar de geast. Hoe faek hie er de bern net drige en winske? Wie Metsje al ris net mei in blau each thús komd en hie er Pibe net ris in terwinkel mei in bats jown?
De ûren forgyngen. Maei garre alles byelkoar hwat hja oan haet mar bitinke koe. Farsk en gleon brânde de smaedlike ôftocht har noch op it hert. Hy hie it rjocht oanspand om harren to forbaljen. Mooglik hie er yn it hôf stien to gnizen.
It hôf...!
Op in moarn bitiid yn 'e iere hjerst, doe't Skelte Reinders syn wenstich loopke mei de koer ûnder de beammen troch dwaen soe, foun er de houn dea yn it hok en yn it hôf leine alle skoandere fruchten yn it wilich gers. Gjin beam wie sparre. Heal ripe Harm Harkes parren, winterfêste ringnetten, readwangige bellefleuren en neam mar op. Alles, alles!
It ryk en djûr ûnthjit fan in mylde maitiid en in lange waerme simmer, wie yn ien nacht ta bargefoer wurden.
In skriklike lilkens kaem by Skelte Reinders op. Freark rekke yn tûzen hasten nei de buorren om 'e polysje.
Op 'e neidei waerd Bartele út it ûnlân helle en foar boargemaster brocht. Hy lake bolderjend, doe't er hearde hwat hja him yn 'e skuon skouwe woene. ‘Ik tocht net oars as dat it om in hazze wie of sokssahwat, mar dit? Né minsken, nou binne jimme der fier by troch. Ik soe by nacht yn Skelte syn rûpstekrige apels omreagje, it soe myn lêste wêze.’
Boargemaster bisocht him leagen to lizzen. Allegear om 'e nocht.
‘Kinne jo sizze hwer't jo fannacht west ha?’
‘Wel man, by Maei op 'e striesek, hwer oars?’
‘Hoe let binne jo op bêd gien?’
Op gjin inkelde fraech bleau Bartele it antwurd skuldich, noch hoegde er him to bitinken.
Op it lêst gyng boargemaster yn 'e pleit. ‘Siz it nou mar, Wester, it is yn jou eigen bilang. As jo nou alles bikenne, sil ik by de hearen wol in goed wurd foar jo dwaen, dat jo der mei in lichte straf ôfkomme.’
‘As it nou mar út is’, drige Bartele, ‘ik haw myn nocht. Ik bin hjir like