De Tsjerne. Jaargang 15(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 72] [p. 72] Tineke Bethlehem: ‘Se-eilan’ twifel wyn yn myn seilen herteskip weagen hoedzje 't stille wachtsjen driuwe mij doelleas nei dij * wês spegel foar it griis wurge triennen dyn hân, stjûr nei it lân efter dyn eagen skomdronken sé, brún barnstien * waerme lea, haven myn boat meart eins de himel is in spande bôch dyn each is stjerrens-kym * Sinne: ljocht op dyn hannen read oan dyn wangen fjûr op dyn hier * oan fûgelflugge wurden de leafde yn blauwe side dyn wettersêfte hier ringelrij roazeblêd reade muzyk * oan blauwe krinkelingen sé dyn skomlichem wynhier skip Ik de wetterdouns sûchearmen séwier eagen draeikolk swart oan 'e branning it libben [pagina 73] [p. 73] langstme oan tinne triedden namme wynfrjemde fûgel leafde op ôfstân wetterkâlde leaflikheit dyn mûle tsjuster dyn boarstklaed rôzichheit fandinne rinne wij oer de winen oer de langstmetriedden * ik mearman en dou mearminne 'k blaes bûlen yn dyn hier, froufisk dyn eagen bin' mei 't wetter ien goud-grien * koop'ren wetter oan myn wurge mûle 'k glyd fierder en kin dij net bidjipje * * * dounseresse fan myn leafde hast de swarte man net sjoen 't libben wie in greate spegel wurden: blommen fan dyn tsjoen. parlemoernen stjerreskym inte yn 't fleis fan myn minne soest dit ûnk, ek al woestû, myn faem út dyn rôze núnder net keare kinne. leafde waerd ta skom fan langstme brutsen op myn herte strân wurden waerden wite fugels wjukjend nei 't to fiere lân. spegeldiggels skulpegrús yn hannen kâlde kom dounsereskes triennespoar forwaeid ta leafde langstmeskom. mar strân is fol skulpen yn eagen spegels stiet nij in dream de wyn komponearret in douns... 'k fornim dat 'k de blommen bij namme wer neam. [pagina 74] [p. 74] * oer de brêge fan 'e nacht rin ik nei de stjerren oer en fyn mijsels in culminaesje ûnbiredeneard. * myn hân is in klau en stomp is it wurd dat wrakselet om de sin fan it skreaune steande to hâlden. * in minske rint de dei oanein de wei op nei de joun hij hat yn 't stjerren fan de dei it wrede andert foun. [pagina 75] [p. 75] Boskgod juster oer skroeijend blommeread teart dyn neakene amme in wiete wale griis lichtfuottich wêzen frjemd de wûnderwrâld meldije oan toppengrien fan stiltme wyn flerken forgetten libben neat en fierder. Fortriet gjin snie gjin leafde gjin sinnerea mar skamtleas griis tusken de beammen kâld lyts myn hert yn myn hannen oan myn lippen barst it lok kapot myn eagen groetsje fûgels fan 't farwol. * pinsiele rook oan dyn roazehûd jounloft teltsjespin springfloed fan giel earmsholte-muzyk efter wyt glês in neitins en moarn oan dyn eagen. Vorige Volgende