Krityk yn it koart:
Forbreding fan sicht
De Gunnlaugssaga, in moderne âldyslânske leafdeshistoarje. Oersetting fan dr. G. Dykstra. Drukkerij Laverman N.V., Drachten - 1958.
De okkerjiers forstoarne prof. dr. W.A. Craigie, man fan Oxford, great kenner fan Yslân, freon fan Fryslân ek oer in lang tiidsbistek, hat ris ûndersocht hwerom der fan de súdlike Skandinaviërs, fan de Friezen, fan de Saksen, fan de Franken, gjin bydrage ta de iere germaenske literatuer jown is. Dat komt, sa ornearre er, omdat dy folken doe frijhwat op harsels libben; allinne de folken oan de uterste, de bidrige rânne fan it germaenske gebiet hawwe it brocht ta hwat wy nou literatuerskepping neame soene. En wier, it kloppet foar Yslân, foar Ingelân, foar Súd-Dútsklân. Mar soe it yn it gefal fan in úthoeke as Yslân ek net sa west hawwe, dat de minsken twongen waerden harsels in tradysje to skeppen, de bân mei it lân fan komôf fêst to hâlden, it eigen folksbistean foarm to jaen? Yslân hie, foardat hja der kamen, altyd ûnbiwenne west; it hie in greate, in magyske natuer, dêr't de urinske licht yn weiwaerd; de bifolking wie ien fan pioniers, fan hoekhâlders, fan mannen dy't gjin ûnderskied seagen tusken moed en oermoed.
Dat mei dan fierder hinnebruije, Yslân hat in unike literatuer krigen, in rykdom oan wurken fan proaza en poëzij dêr't elk oar germaensk folk oergunstich op wêze mei. De âlderdom, de swiere tael, de foar in modern minske frjemde kultuersfear, hja meitsje it net sa maklik tagong ta de âldnoarske literatuer to krijen. Ien dy't fan bern ôf by it Alde Testamint opbrocht is, hat yn dat stik fan saken hwat foar. De wurdearring, de weardeskatting fan de Yslânske saga bygelyks, fljocht jin net fansels oan; der moat genôch affiniteit wêze, mar sûnder stúdzje rêdt gjinien it. De lju dy't graech in hwat spotsk of leechlizzend oardiel oer de bitsjutting fan de Yslânske literatuer yn har bigjintiid útsprekke, witte der ornaris ek net al to folle fan. Fansels mei in ûnmusyske of ûnmuzikael minske oer Haydn of Ravel prate, mar hwa harket der nei?
It is net sa dat Fryslân gjin kâns hawn hat goed mei Yslân yn 'e kunde to kommen. Douwe Kalma, lêzer en skriuwer mei in wiid eachweid, hat gauris foarljochting fan datoangeande jown; E.B. Folkertsma hat foar de eksimplaryske bitsjutting fan Yslân foar ús folksstriid altyd each hawn. Yn 1939 haw ik in Fryske oersetting fan de Hrafnkels saga útjown; lju as prof. dr. A.G. van Hamel en prof. dr. Jan de Vries wiene dêr doe tige oer to sprekken en achten it Frysk in bysûnder gaedlik ynstremint foar de sagaliteratuer. Yn it tydskrift Yn ús eigen tael hawwe oersettingen fan myn hân stien fan inkelde koarte saga's; it mei hjir wol sein wurde dat it nea ta útjefte fan myn oersetting fan de tige moaije Gísla saga kommen is, omdat ik net yn steat wie de dêr talryk foarkommende skaldestrofen sá yn it Frysk oer to bringen dat it der hwat op like. Dat is in heikrewei; it kin wol, mar dan moat men it Yslânsk én it Frysk yn de puntsjes kenne.
Dr. Gerrit Dykstra, dy't de Gunnlaugs saga oersetten hat, is wol in taelman mar gjin taelmaster; dêr is gjin kwea mei sein, hwant de