De film ûnder boppesteande titel fan de greate Sweedske regisseur Ingmar Bergman bigjint mei in somber karakteristyk tafriel út it hege noarden: ûnder in heimsinnich driigjend ljocht slane de weagen fan de oaséaen stikken op 'e rotsen, wylst der in machtigen earn ûnforweechlik yn 'e loft hinget. Dêrby wurde trije fersen út Iepenbiering 8 sprutsen.
Sa'n bigjin, dat jin daliks yn 'e bisnijing nimt, kin romantyske entourage bitsjutte om in midsmjittich barren. Mar dat is hjir net it gefal. Hjir is it de suggestive ynlieding ta in great en binearjend drama. Men moat hwat oandoare om sa to bigjinnen, men moat hwat kinne, om dit út to hâlden oan it makabere slottafriel ta. Ingmar Bergman kin it. It hat gâns in skoft duorre, ear't syn films hjir oan bod kamen mank de oerstjelpjende produksje fan Hollywood, mar nou forskine hja geregeld en mei rjocht. Yn syn wurk fornimt men faek in hwat mankelike noardske sfear, dy't jin daliks oansprekt as hwat eigens en oarspronkliks. Al syn films biwize de bitûfte serieuze fakman, dy't jin nea net forrifelt mei falske romantyk en allinne mei it bêste tofreden is. En hwat mear is: de bisiele en soms biseten kunstner, dy't de hichten en djipten fan it libben útbyldet yn in sterke komposysje fan bylden en dialogen. Yn dizze film It sawnde segel is Bergman ta in masterskip kommen, dêr't men jin by ôffreget, oft cle filmkunst hjir net syn uterste grinzen birikt hat. It motyf is great, de útwurking geniael en de spylders binne treflik.
Motyf: de swalkjende minske, dy't teistere en opdreaun wurdt fan de ivige fraech nei God en it hjirneimels. De fraech nei de sin fan it libben, it wêzen fan de dea en it geheim efter de dea. Bergman komt hjir net mei in antwurd, hy konfrontearret jin mei de lêste fragen, dy't alle ieuwen troch it minskdom faksearre hawwe. En hy docht it mei in macht, dat men der stil fan wurdt.
It forhael spilet yn in apokalyptyske perioade fan de midsieuwen, as der yn Sweden in swiere pestepidemy woedet en de spanning tusken libben en dea ta it uterste opdreaun wurdt.
De ridder Antonius Block en syn skyldfeint Jöns komme nei tsien jier werom fan in krústocht. De forbjusterjende dingen, dy't de ridder jinsen meimakke hat en de binearjende tastân yn it heitelân gripe him forheftich oan. Hwa en hwer is God, hat myn libben sin hawn, haw ik ea hwat goeds forrjochte, hwat wachtet my nei de dea? dat binne de fragen, dy't him bisfoarmje. En as de dea ek him opeasket, wol er útstel hawwe, om alteast ien goede died to dwaen. Hy stelt de Dea foar, in partij mei him to skaken, ûnder bitingst, dat er sparre wurdt, as er wint. De swarte man nimt it útstel oan: ik bin in kundich skaker, seit er. Sa sjocht men dan yn it bigjin fan de film de beide spylders oan it skaekboerd.
It spul wurdt hieltyd ûnderbrutsen en yn dy skoften tsjogge skriklike tafrielen út de midsieuwen jin foarby: slachtoffers fan de pest, dy't âlje fan ûntsetting, in jong fanke dat as hekse nei de brânsteapel giet, in prosessy mei in gefolch fan jammerjende flagellanten, in boetepreker, dy't syn forflokkingen oer de mennichte slingeret, en mei in twingend kyriéleis de himel oanropt. En ûnder dy bidriuwen fan dea en doem de minsken, dy't ite en drinke en frije en it libben beevjend biminne, nammersto fûlder nei't it swierder bidrige wurdt.
Antonius makket alles mei en syn hert giet út nei de Iijenden en fortrapen. As er op it lêst de húshâlding fan in pear bernlike merkeartysten meifierd hat út it pestgebiet wei, giet er werom nei it skaek-