it de breuk yn safolle houliken oan it ljocht, ek sokke dêr't it net ta saeklike foarmen fan ûntrou of ta skieding komt, ek guon tusken kristenminsken. It is de selssucht, it oan't yn 'e leafde ta jinsels bigearen en sykjen en leafhawwen, it net bûten jinsels tinke en fiele en komme kinnen. It is opsluting fan 'e siel, har projektearjend op en idéalisearjend oan 'e oar, yn harsels.
En as it dan ôffalt tusken twa, as hja de iene sawol as de oare net krije neffens eigensuchtige forwachting, eask en bût, as hja ûnderfine, dat der sûnder jaen, ûnbaetsuchtich jaen, gjin ûntfangen mûglik is, ja, hwat kin dêr oars op folgje as ellinde? Dy fan 'e ûnfoldienens, de ûntgûcheling, de forwidering, it konflikt, de trochbrekkende spjalt. En net to forjitten it selsbiklach. Hwant selssucht wol har oan 'e ein ta rjochtfeardigje, en oan bigreatsjen mei harsels ûntbrekt it yn dit forhael noch Rixt noch foaral ek Hedzer. It selsbiklach nimt by harren in plak yn to great om de lêzer to oertsjûgjen. Net, dat it tekene wurdt sûnder stuiten en opstigingen fan twivel, eigen skuldbisef en striid tsjin 'e sûnde der troch hinne, mar hieltyd wer sette man en frou, slim mei harsels bigien, har ôf tsjin de skuld, de sûnde, it ûnrjocht fan 'e oar. Hwat harren dêryn ek tsjinkomme en wjerhâlde mei, de selssucht litte hja al kleijend de oerhân. Op 'en djipsten geane hja troch mei it sykjen fan hwat hja ta eigen foldwaen bigeare.
En dat nammersto nuodliker, mei't hja God der by helje: Rixt yn opstân tsjin itjinge har oan Him tinke lit, Hedzer yn tomûk himsels foldwaende selskastijing en fyn ynleine streaking fan syn eigenleafde. God tersket my, seit er, mar sûnder folle bisef, dat syn earste skuldige tersker hysels is. Sa'n bilidenis freget stranger eask en greater earlikheit, en de titel derneffens wurdt yn it forhael net wiermakke noch kriget genôch oannimlikheit. Alhoewol, ús sizzen is dêrmei net, dat it ûnréeel wêze soe, sa't it boek ek yn dy wei spilet. Heart it net mei ta de ynlikste ellinden fan 'e minske, dat er, earlik en ûnearlik tagelyk, syn sûnde, skuld en ellinde jerne en gaueftigernôch theologisearje mei en, de ellinde foarop, oan God presintearje? It falt net ta, hearrich, dat wol sizze sûnder retoryk, foar de Heare to kommen.
Dit allegearre nou hat Pier Feddema yn Gods Terskflier flot, mei feart, aktivearre en faken spannend forhelle. It oannimlikst is it boek, as de skilder oan it wurd kin: yn natuer- en milieutekening en yn sketsing fan 'e figueren yn biweging. De karakterútbylding kin gean, mar tinget en komt net djippernôch. Spitich, dat de ein fan it forhael, útrinnend yn in stik ûnbihearske pathetyk, gâns bidjert.