De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 383]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 384]
| |
spontaniteit en makket dat it liet nij wurdt ûnder de hannen fan dizze dichter, dy't muzyk oan de tael wit to ûntfytmanjen.
Taelmuzyk hat in aparte en libbene funksje yn de poëzij en is net mar in yllustratyf bigeliedend forskynsel. It is in natuerlike eigenskip fan de tael, dy't sfearbipalend is foar de poëzij. De taelmuzyk dy't Piebenga yn syn wurk sa sterk útkomme lit jowt oan syn fersen in eigen lûd en in eigen antlit, it is origineel. En hwat binammen bilangryk is: it is frysk. De hiele klankkleur fan it wurd yn al syn frjemde en abstrakte gearstallingen hat in lûd, dat him daliks forbynt mei de fryske tael. Piebenga biwiist dit yn it fers serpentine, dêr't ik in fragmint út oerskriuw:
brouns brouns
fammebrouns
kleuren fan in
getten fanke
lytse tine
greate anke
douns douns
roune douns
kleuren dounsje
oer de koarden
wetterfammen
wetteroarden
douns brouns
roune douns
yn in kleur fan
moannebrouns
Dit fragmint lit ek dalik sjen de muzikale taelbihearsking. Binammen it herheljen fan de klanken yn ûnderskate wurden makket it gehiel sa libben, dat de dichter jin stees wer forrifelt. By it skriuwen fan dizze poëzij hat it Piebenga ek net to dwaen west om wurden dy't him it bêste yn 'e kream to pas kamen, mar yn dit ûndernimmen is de dichter teffens dwaende de tael to demokratisearjen om har yn it gehiel ûnderdienich to meitsjen oan de skientme en charme fan dizze poëzij. Dizze demokratisearring kin in gefaer wurde as Piebenga him tofolle fêstbyt op wurdgearstallingen en selsfoune wurden lykas wankeldjûre, reaze, tangeldronken, frissellange, ûnkelwant, singelleare en weageskou. Dizze wurden haw ik notearre út ien fers. | |
[pagina 385]
| |
De romte dy't Piebenga himsels oplein hat by it skriuwen fan dizze fersen is net mei grinzen oan to jaen, mar tsjûget fan in forantwurde marge, dy't er meastentiids yn syn wurk net iens nedich is of somstiden amper aksintuearje kin. Yn de bondel fersen foar marida (1958) hat dizze auteur sjen litten in dichter en romantikus to wêzen; en yn syn twadde bondel biwiist er dat op 'e nij, mar nou waermer en argeleas, wilens it motyf fan dizze fersen yn feite gelyk is oan dat fan syn foarste bendeling. Wie it yn fersen foar marida de earnst fan de yntrige, dy't him dreau lâns de kurve fan in himsels oplein of yntuïtyf ûntstiene ûntwikkeling, yn dizze útjefte hie er de frije hân en wikselje syn dichterlike figueren ôf yn útwrydske nammen, mei sterk muzikale klankassosiaesje en exoatyske nuansearringen. Moast er yn syn earste bondel it pro en kontra tsjinoer marida yn it lykwicht bringe, yn dizze bondel leit de spanning en it aksint op de frouste frou, de soargeleaze en geselle, de net by namme neamde, dy't de narsis fan it wurdend liet útmakket. Dizze frijheit en romte jowt syn poëzij transparantens en linigens, hwerby de dichter him hieltyd wer charmant distânsiearje moat fan syn dichterlike figueren, dy't him úteinlings oars net binne as ta in poëtyske sinsaesje, relaesje en miskien wol ta argewaesje, mar dat kin ik net neigean. Hjirmei bliuwt er tagelyk binnen de romte fan syn muzikael dichterskip, en dêryn bliuwt er muzikael oant yn syn dissonanten.
It demonstrative karakter fan dizze fersen, yn har technyk, tael en muzikaliteit, liket my Piebenga syn sterkste poëtyske uteringsmiddel. Lokkich is it net in oerbiwustens dy't him hjirta laet, mar in ynstelling fan syn hiele persoan: dynamysk en ympulsyf. Tagelyk kin dit demonstrative syn swakste sté wurde as Piebenga oergefoelich réagearret en de utersten elkoar reitsje yn de essinsje fan de poëzij en de pregnantens fan it wurd, dat beide equivalint meitsje kin en Piebenga himsels forliest oan de forhâldingen fan tael, poëzij en muzyk, in elemint lykwols dat teffens tsjûget fan it sterk poëtysk talint, dat wit hwat it skriuwen fan in modern en markant fers ynhâldt. |
|