De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 361] [p. 361] [Nummer 12] Sjoerd Spanninga: De ierde sjocht my oan... De ierde sjocht my oan it fuorge antlit fan in âlde eker - ek hja hat jong en sterk west en har wintle yn de waermte fan de himel dan wie de nacht in lusthôf en de moarn hie 't fjûr yn 'e fuotleasten om by har to kommen: hja joech him har leafde mei blide forwachting en woun út syn langstme de kostlike frucht fan har skerte - nou leit hja stil en wiis in dreamend ljocht noch yn de lette joun en glimket my soms guodlik ta as wie ik sels ien fan har sibben hwant myn eigen neisimmer sil de pracht fan it koalsied allyksa in oantinken wurde hûgenis oan it bloeijende libben... It lanskip Lit it stige hwer't ik gie omhegen lit it delgean by myn falen - oan de hoefslach fan it hynder wit men hwa't de ruter is alsá stiet ek de aerd fan dizze reis syn hânmerk ûnder myn sandalen: ik seach de stêdden - op alle drompels hongeren de herten ik gie troch doarpen - yn ider wetter speegle him it leed. Vorige Volgende