Les dit dan mar!
1. Yn de kommende jiergong 1960 hoopje wy ús abonné's in bysûnder nûmer oanbiede to kinnen, dat wy Israël-nûmer neamd hawwe. Troch de wei fan forhalen, essays en fersen fan Israëlyske skriuwers en ek fan yllustraesjes sille yn dat nûmer de tsjintwurdige litteratuer en oare kulturéle aspekten fan de moderne steat Israël biljochte wurde.
2. Oant nou ta is it ús slagge de abonnemintspriis fan it tydskrift op it âlde, sûnt 1946 al jildende bidrach to hâlden. Om't wy ús meiwerkers in forheging fan it skriuwershonorarium ta hawwe wolle en ek om't de eksploitaesjekosten yn forbân mei de hearskjende konjunktuer tige oprinne, binne wy needsake it abonnemintsjild mei yngean fan 1 jannewaris 1960 to forheegjen ta f 12,50. In studinte-abonnemint komt nou op f 10,-. Wolle de lêzers by it oermeitsjen fan it abonnemintsjild foar 1960 hjir efkes rekken mei hâlde? It jild kin stoart wurde op postrekken 810027 fan ‘Stichting Je Maintiendrai-Friesland’ to Ljouwert. Wolle de abonné's dy't oer 1960 al bitelle hawwe, har bidrach efkes oansuverje? De abonné's sille ynskikke kinne, dat nou't de bûterprizen sa omheech fleane, ‘de Tsjerne’ ek wol dy kant in eintsje út moat, al stiet dizze maetregel yn gjin inkeld forbân mei de droege simmer fan '59.
REDAKSJE EN UTJOWERIJ ‘DE TSJERNE’