Omke Douwe
It wie it Needlot, dat my oan dizze man yn 'e hannen joech: op in goede moarn stie er ûnder oan 'e skûne dêr't ik boppe op siet, en rôp nei hoppen ta, ik soe der ôfkomme, om't ik mei him fuort moast. Ik wist, dat dy man omke Douwe wie, en dat er in ûre lyn by ús mem kommen wie om oer my to praten. Ek hie ik earder wolris by him útfanhûs west, mar dat wie to lang lyn, en safolle wist ik dêr net mear fan. Stadich klattere ik by de skûne del, en doe stie ik foar him. Hy wie in reus, syn skaed foel oer my hinne, en syn brounzen lûd waeide om my:
‘Dû bist in hiele keardel wurden.’
Ik treau de snút fan myn klomp fûl yn 'e moude, en Loek oan 'e skouders.
‘Kom mar’, sei er, ‘dan kinst jim mem dach sizze.’
Efkes letter siet ik by him efter op 'e fyts, myn Buske foar op 'e stange, en mem stie op 'e stoepe to wiuwen. Ik wit net, hwat der ûnderweis nei Snits ta allegearre bard is, mar by de Wellebrêge - omke sei alteast dat it forwrongen izeren ramt de Wellebrêge wie - stapten wy yn in boatsje, en doe't wy oan de oare kant wiene, joech omke de man fan it boatsje in kwartsje en in sigaret. Efter de beammen lei it pún fan in ôfbarnde pleats, en yn de muorren fan in húske sieten roune gatten. Anke, myn suske, bigoun to gûlen, en omke syn lûd sette mei treasten út ein. Doe hâldde Anke op to skriemen, en wy fytsten wer. Omke syn lûd wie dat ein fan 'e Wellebrêge ôf altyd om ús hinne, hy fortelde dat hjir de Hommerts wie, en dat it greate houten gebou Lankhorst hiet, en: ‘Dit is nou de Wetterpoarte.’
De sinne skynde, mar Snits wie skier en fortrietich; ik moast hast gûle fan omke syn lûd.
Doe stapten wy ôf, en omke roun in steech yn. Ik roun efter him oan, Anke efter my. Op 'e pleats stie muoike Sjouk, dy't my in hân joech en Anke tute. Anke bigoun wer to gûlen, mar hja krige in muntsje en doe lake hja wer. Muoike joech ús beide in hân en naem ús mei yn 'e hûs. As ik troch it rút nei it wetter seach, moast ik hyltyd hast skrieme. Heit hie tsjin my sein, dat ik nou op mem passe moast, mar mem wie thûs, en Anke tsjottere sa drok.
‘Jim wenje hjir nou’, sei muoike Sjouk.
Anke kroep op 'e divan, en sloech mei de fûstkes op 'e ruten.
De oare deis krige ik in bân fan omke, mei in read krús der op, dy't ik om 'e earm dwaen koe, en doe moast ik nei skoalle ta. De klasse wie great, en de bern seagen út en troch skean nei my, de breuken op it boerd koe ik net. Ik bisleat, net wer nei skoalle to gean, en de oare deis gie ik nei de Kanadezen op 'e Fémerk, de deis dêrnei wer, en doe wer, As omke my frege, hoe't it op skoalle gie, sei ik: ‘Bêst, op 'e breuken in tsjen.’
Op in dei yn 'e fekânsje kaem omke by mem yn Skalsum. Doe't ik thúskaem, seach ik omke yn 'e greate smookstoel fan pake sitten. Omke hie in griene unifoarm oan, hy hie nei Dútsklân west, en twa pakjes ‘kauwgom’ en in mês foar my meinommen, en in kacheltsje foar Anke. Ik pronke mei de ‘kauwgom’ tsjin 'e jonges, en bikôge der muntsjes yn, om't it langer goed bliuwe soe dan.
Letter moasten Anke en ik wer op 'e bus nei Snits, Mem gûlde en stie op de brêge to wiuwen. Muoike helle ús op, en sei, der wie in presintsje, it hie ommers myn jierdei west. Ik mocht riede, it bigoun