Geart Jonkman:
Hear Willem...
foar Douwe Annes Tamminga
Yn 'e hoeke fan in Amsterdamsk kafé, in lang smel pipelaed dat mei de namme Citybar oantsjutten waerd, siet in iensume flaekskoppige Fries, de earmtakken op in roun izeren en wibelich tafeltsje. Syn blauwe wetterige eagen sochten, sij it omdôch, hâldfêst oan in heechpoatige romer, alhoewolt dêr gjin oannimlike reden foar neamd wurde kin, hwant hy wie in frij man dy't nearne yn it kryt stie en elk ûnder eagen komme koe, alteast yn Amsterdam. Der waerd dy jouns bruiloft hâlden, in sulveren houliksfeest neffens it opskrift fan 'e spegel, mar dat gie bûten him om, ek al joech er mei de beide wiisfingers de mjitte fan de akkordeonmuzyk oan. Hy hie gjin diel oan it feest, hy wie der, ûnderweis nei de tramhalte, alhiel by táfal ynrekke mank in ploech sjongend, hossend en serpentinesmitend jongfolk, sûnder dat der oer en wer forklearringen jown en easke waerden. Mooglik hiene hja him foar in bûtenlânsk séman hâlden en bigreatsjen mei him hawn, om't er net al to fêst op 'e skonken stie, it wie him likefolle, hy siet en hja lieten him sitte. Bûten de heechpoatige romer like der mar ien ding reëel to wêzen en dat wie de lichtfuottige faem dy't dy romer algeduerigen folgeat en him ta drinken oantrune mei in swier Jordaensk aksint,
Yn 'e nacht op waerd der op de oare ein fan it pipelaed lûd hammerjend om stilte roppen. Op it podium, tusken de akkordeonist en de slachwurker, forskynde in keal ticht mantsje dat mei woarstearmen bigoun to swaeijen. Hwat er krekt sei, wie ús maet net dúdlik, mar oan it daverjend hantsjeklappen fornaem er wol dat it de muoite weardich west hie. Nei dizze sprekker koe elk him wer to goed dwaen oan Manke Nelis, de Toffe jonges, Hoeperdefloep en oare tradisionele feestsangen en doe folge der in rige fan sprekkers dy't koart krieme koene.
De nommele Fries line noch altyd mei de earmtakken op it taffeltsje en al koe er de sprekkers út syn fiere hoeke wei net alhiel neikomme, hja hâldden him hwat langer hwat mear dwaende en it like wol dat de dize yn syn plasse hwat oploek.
Ynienen stie der in tryste filtuer op it podium mei in hingsnor. Hy makke him bikend as kollega-metaelbiwurker fan de breugeman en sei dat er it foarrjocht hie, it sulveren pear, út