De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 347]
| |
Sjoerd Leiker:
| |
[pagina 348]
| |
pen yn it lân’, dan sil bliken dwaen dat út dy djipten wei de keningen sprekke ta it slachte fan hjoed en ta dat fan moarn en dat der noch altiten witten is oan guon, dy't de earsten fan de earsten binne, oan de keningen sels.
Ek hjoeddedei binne der noch altiten sawn keningen, dy't rêstich har tiid ôfwachtsje en dy't ûnderwilens wrotte yn alle soarte fan ambacht, yn it fean en op 'e bou, mannen lyk as jo en ik, alteast foar hwa't net fierder sjocht, arbeidersminsken, mannen dy't sizze sille ‘Om ús gjin drokte en om ús gjin spul’, dy't harren by alle ding hwat efterôf hâlde, dy't, as hja hwat to witten dwaen wolle fan ‘dit of dat moat sa en sa’, in oarenien stjûre omt hja nou ienkear witte dat it, oant in stelde tiid ta, sa bliuwe sil dat nimmen fan dy't mei harren oparbeidzje it fele kin dat hja planût sizze ‘Ik bin ien fan de sawn’ en dêrom hâlde hja it stil. Mar it hat noch altiten sa west dat ienkear yn it jier dy sawn keningen meiinoar gear komme en dat der dan rieplachte wurdt. Eartiids wie dat gauris yn 'e Houtigehage. Der mocht net oer praet wurde fansels, mar der wiene doe helte mear as nou dy't it wisten, en al waerd der dan swijd en al waerd der nimmen oanwiisd, it wie altiten skoan to fornimmen as der wer in gearkomste op hannen wie. Der hawwe tiden west, dan wie alleman hjir oan it messeslypjen en dan waerd der hjir gjin frjemdling talitten. Nou dan, dat wiene de dagen fan de greate, ûnbikende keningen.
De âldste kening, út myn jongesjierren, wie in skoalmaster. It mei my noch heuge dat dy man ek boeken skriuwe koe en dat op 'e papieren yn syn skriuwkeamer in âld-soarte knyft lei, mei âlde skrifttekens, út hout makke en dus net foar de fjochterij. ‘Dat is it “bod”’, sei master, ‘dêr wurdt boadskip mei dien.’ It wurdt mei in aparte ôfspraek rounbrocht fan de earste nei de twadde, fan de twadde nei de tredde en sa fierder, oant de sawnde, dy't it werom bringe lit nei de earste ta. Master hat ús gauris frjemde dingen foarhâlden; hy praette lykwols komselden oer saken oangeande de steat, mar safollestomear oer it forkommen fan ús folk, dêr't guon fan nei de opstân ta woene en alhoewol hy him dêr bûten hâldde en sei: ‘Myn findel is net read en it is net swart, mar wyt, lyk as ús âlde frijheitsfane, dy't by it Wytfean weilein is foar de takomstige dei’, waerd hy dochs op in jountiid fan hûs helle om ûnderfrege to wurden oer hwat hy wist dat guon fan ús yn it sin hienen. | |
[pagina 349]
| |
It wie in oerfal, hwant leau mar dat, as immen yn 'e Houtigsehage it witten hie dat master fuort brocht wurde soe nei Drachten ta, dan hiene dy beide mannen nettsjinsteande de biwapening in rare reis makke. Hja wisten dat sels ek wol en hja hawwe master dan ek suver smeekt om rêstich mei to kommen en gjin alarm to slaen. Master sei: ‘Jim arresteare my en jimme freegje tagelyk sparje ús it libben, is dat net hwat frjemd?’ ‘Jo kinne sizze hwat Jo wolle’, seinen de beide mannen, ‘as Jo mar rêstich meikomme.’ ‘Jimme steane ûnder myn biskerming’, sei master, ‘dus haw gjin noed.’ It roun allegearre bêst, oant by de Folgeren. Dêr kaem harren in man tomjitte dy sei: ‘Hwat nou, moatte der beammen forplante wurde op 'e lette joun?’ Hja anderen hja forstienen gjin grappen, hja wiepen yn tsjinst en ûnderweis mei in arrestant. De man sei: ‘Ik wit hwa't it is dy't jimme by jimme hawwe, in man as in ikebeam, de lêste dy't wy yn 'e Houtigehage hawwe.’ Master sei: ‘Meitsje gjin spul, Sytse, dizze mannen sitte thús mei in frommis en mei lytse bern.’ ‘O, dan is it yn oarder’, sei Sytse. Dit wie dus goed biteard, mar master warskôge de beide mannen dat der noch in twadde wachter komme soe en faeks noch in treddenien. De twadde kaem, in ein fierderop, efter in beam wei. Hy sloech gjin acht op de mannen, dy't master by it skouder hienen en sei: ‘De oare seis hawwe tynge hawn en hja hawwe my hjitten om maetregels to vimmen.’ Hy krige fuortendaliks it gewear op it boarst, mar it wie as seach er dat net. Master sei: ‘Dat is dan yn oarder, Jan, soargje der foar dat de wei frij bliuwt.’ ‘Jo hawwe de révolûsje al moai taredt’, seine de beide mannen tsjin master, doe't hja de huzen fan Drachten om har hinne hienen. Master sei: ‘Hwat jimme nou fornimme, dat hat altiten sa west. It is in kwesje fan ien en mien meiinoar wêze, fan libjen ûnder itselde krús en mei deselde hope.’ ‘Hwer hawwe Jo dan hoop op?’ fregen de mannen. Master wiisde har in âld skipper, dy't allinnich by de brêge stie en dy't, doe't er seach dat er oanwiisd waerd, op harren tastapte en sei: ‘Nou wit ik dat it net lang mear duorje sil.’ Hja fregen: ‘Hwat net?’ | |
[pagina 350]
| |
Hy sei: ‘Jimme hawwe de hannen slein oan immen, dy't ús altiten it goede foarholden hat. Dit bitsjut dat it net lang mear duorje sil, dat de tiden fan 'e Fredefoarst, dêr't guon fan ús as keningen mei hearskje sille, oansteande binne, dat jimme wapens omsmeid wurde sille ta leppen en ta oarsoarte fan boere-ark.’ Hja seinen: ‘Jo moatte oppasse, man, hwant oars nimme wy jo ek noch mei.’ Hy sei: ‘It sil my in eare wêze en stean njonken dy man yn itselde forhoar. Dan sil de professije wier wurde dy't seit dat wy foar steedhâlders en keningen steld wurde sille en dat ús yn dy stoune opjown wurde sil hwat wy to sprekken hawwe.’ De mannen seinen: ‘Jo prate oer hiel oare dingen as dêr't wy foar yn it spier binne. Wy moatte noed stean foar de feilichheit fan de boarger en fan de steat, it kin ús kâld litte hokker evangeelje as jo forkundigje wolle, as jo mar respekt hâlde foar it gesach, dat wy fortsjintwurdigje.’ Master sei: ‘Douwe, jo hawwe it heard, is 't n't sa? En lykwols hawwe dizze mannen my fan hûs helle.’ It forhoar, dat dêrnei ynsteld waerd, gie om wapens, oer it opruijen fan it arbeidersfolk en om de soarch fan it gesach dat it misrinne soe mei de feilichheit, Master sei: ‘Jim prate oer dingen dêr't jim mei great brocht binne, jimme hawwe jim wapene foar slaggerij en jimme wolle nou hawwe dat ik in stok op nimme sil om jimme to slaen en dat wylst jim niiskrektsa noch priis stelden op myn biskerming.’ Hja seinen doe, hy praette der mar hwat yn om, dat hja soene him earst mar opslute. ‘De man hat him goed hâlden’, seine hja, doe't hja wer ûnder inoar wiene, ‘wy sille him ien nacht fêst hâlde en dan moat er moarnier mar wer frij.’ Mar mei't hja dat seinen hearden hja de doar piipjen fan 'e sel, dêr't master yn opsletten wie. De man, dy't him útlitten hie, in ûnbikendenien, die krekt de doar wer ticht en stuts de hân omheech, sa folle to sizzen: ‘Ho, der is in ôfgroun tusken jimme en my; noch ien stap en jimme binne wei.’
Men kin fan tinken wol hawwe dat mannen, dy't in bytsje plysje binne, har net forrifelje litte troch eat dat faeks hwat wûnder liket, mar dat yn syn oarsprong natuerlik wêze moat. ‘Wy brûsden der troch hinne’, hawwe hja letter sein. Op de ôfstân, dy't harren skiedde fan de man by de doar, wienen flier en souder en twa muorren de bitroude flakken fan in romte mei in eigen sfear, hwat kâld, hwat amtlik, sikom militair, | |
[pagina 351]
| |
mar doe't hja dêr troch hinne jagen, sloech harren sa'n ôfgryslike wyn en sa'n kjeld tomjitte dat hja hieven op in stuit it gefoel dat hja as twa skossen as tsjin inoar oan slein waerden. Der hat ek noch lûd by west. Ien fan harren woe wol hawwe dy man by de doar hie lake, mar de oare sei it wie in lûd út sokke djippe djipten wei dat it wie krekt as foel der yn in ôfgroun in stiennen tafel om. It hie ek krekt west as wie ûnder harren de flier forskoud. Hja hoegden amper in foet to forsetten. Ien stap en hja wiene dy man by de doar fier foarby, hja stienen al wer by de efterpoarte fan it gemeentehûs. En hja hienen mar ien gedachte: de man to pakken dy't harren dit lapt hie, de master fan Houtigehage. Hy waerd ynhelle doe't er it Fûgelsangspaed op stappe soe, dat rint nei de Dwersfeart ta. Master sei: ‘Hoe nou, is der noch eat dat jimme forgetten hawwe to freegjen?’' Hja seinen: ‘Nou moat is mar ris út wêze mei dy gekoanstekkerij en mei dy kunsten, dy't mei ús úthelle wurde.’ Master sei: ‘My tinkt, jimme hawwe jim hwat oerstjûr makke. Ik soe my rêstich deljaen, hwant ik bin der de man net nei om út to brekken; ik hearde lykwols in stim dy sei: ‘Kom der út, master, en gean nei Aef en dy, dêr sil noch hwat neipraet wurde.’ ‘Ja, ja’, seine de mannen, ‘stokelje, dat sit jimme yn it bloed.’ Master liet him op 'e nij meifiere, mar it moat sahwat by it postkantoar west hawwe - it wie al neare nacht - dat harren twa man en in frommiske yn 'e mjitte kamen, alle trije lju út 'e Houtigehage. De iene man wie in skuonmakker, de oare skrepte oerdei hwat yn it fean. It frommiske wie sa'n ien mei swart hier en brune eagen, ien út us eigen famylje, optheden troud mei in toskedokter yn Leyen. Dy arbeider wie in slim biskieden man, dy't sa sneons, by it útbiteljen, gauris sei: ‘Jow my fan 'e wike'mar de helte fan hwat my takomt. Ik bitrou der op dat Jo it oare part bistelle ta in goed doel.’ Der hat ris in forfeantersbaes west dy sette dat bidrach de middeis om yn drank. Nou, dat wie net bêst. Switte sa ha je net! Dy man hat him dea switten, hy hat bloed switten, sei ús heit. Dat pas op, hwa wit krije jim nochris sok jild yn hannen; wês dêr forsichtich mei. Fan de skuonmakker - fansels in kening, krekt lyk as dy arbeider - kin ik dit fortelle dat hy op in kear in pear learzens meitsje soe foar in bikend ealman, in minnenien foar syn folk en ek foar dy skuonmakker, dy't al útrekkene hie dat er by nacht en by dei arbeidzje moast om dy skuon op 'e tiid ré to | |
[pagina 352]
| |
krijen. De skuonmakker waerd dêr lykwols foar biwarre. Hy krige yn 'e dream tynge, gjin learzens to meitsjen, mar in pear deadssloffen. En komt der nou, krekt in pear dagen foardat de learzens ré wêze moasten, net in feint fan dy ealman mei it boadskip: Us hear is ûnforwachts forstoarn, dat mefrou lit freegje oft jo in pear deadssloffen meitsje wolle? De skuonmakker wie fan al de keningen de nederichste wol 'k leauwe, mar bijeftige mei sicht yn fierten, dy't wy wolris de takomst neame. Hy siet altiten to sjongen, dat men soe sizze hy hie syn moed wol, hy forwachte hwat goeds. Hy hearde, allyksa de arbeider, ta de sawn, dy't nou ienkear oanwiisd binne en dy't, al meije hja dat dan net merke litte, yn bigjinsel de macht hawwe dêr't oaren noch, en om 'e nocht fansels, om wrotte, hwant dit moat wol dúdlik wêze: macht komt fan hoppen, macht wurdt jown. Alle macht dêr't fan sein wurdt, dêr kin foar skrept wurde, is forkearde macht, macht dy't is ta minskene fordjer. Hwa't dêr nei stribbet sil falle ûnder it mês krekt lyk as de keningen fan Frankryk. ‘Binne dat faeks ek wer wachten?’ fregen de mannen, dy't master meifierden. ‘Dizze binne heger steld’, andere master. De mannen seinen: ‘Ho ris, folk, komme jim ris eefkes mei.’ It frommiske die it wurd en sei: ‘Wolle Jo ús ris útlizze, master, hoe't it komt dat it dizze beide mannen, dy't Jo meifiere, slagge is om troch de hage to krûpen fan ús hôf, fan de ôfsletten tún, en dat hja dingen heard hawwe dy't pas iepenbier wurde meije op de greate dei?’ Master sei: ‘It is nacht, Aefke; dizze beide mannen, dy't mei gewearen slepe, binne guon fan ús folk. Hja hawwe optheden in dream.’ De beide plysjes laken hwat tsjin it frommiske en ien fan harren sei dat it him suver muoide dat er troud wie. De oare sei: ‘It mei faeks sa lykje dat wy dogeneaten binne, mar ik kin jo forklearje, ik soe o sa graech hwat oars wolle. It giet my faek fierstento bot.’ ‘Nou goed’, sei Aefke, ‘as it sa gelegen is en jimme kinne jim hwat fatsoenlik oanstelle, dan moatte jimme mar eefkes mei to kofjedrinken.’
Dy beide mannen fan 'e plysje hawwe letter sein, hja koene mei dy lju fan 'e Houtigehage lêze en skriuwe. ‘Net mei macht en gewelt’, hawwe hja sein, ‘hawwe wy dy lju ûnder stjûr krige, mar mei praten. It bliuwt fansels altiten hwat eigenaerdich folk, men moat jin to wacht nimme en gjin dingen | |
[pagina 353]
| |
sizze dy't kwea kinne; men moat ek net bisykje om de lju op to bringen mei twa of trije man, hwant dat slagget jin dochs net, mar men moat, as der hwat is, yn oerliz gean mei de master, mei in skuonmakker of mei in arbeider en as dy sizze “It is yn oarder”, dan hat men frij spul, earder net. Der binne aparte machten wurksum, dat is nou ienkear sa en dêr moat men frede mei hâlde.’
Dy beide mannen hawwe der dus hwat fan bigrepen. Lang net alles, mar genôch om to witten dat men forsichtich wêze moat mei dat âlde keningsfolk, dat gjin peallen yn 'e groun set hat om oan to tsjutten ‘hjir wenje wy en dêr wenje jimme’ en dat gjin boeken skriuwt om út to lizzen dit is ús rjucht en dat is jimmes', mar dat lykwols har sté yn it âlde Fryslân wit to biwarjen en dat him hâldt oan hwat der eartiids sein is: ‘Nimmen fan ús mei hjir wei.’ En dat wylst bikend is dat der hjir noch minne tiden to wachtsjen binne, ear't de greate dei komt dat der in ingel stean sil by de mar yn Rotfalle en dat de keningen oerein komme en dat hja, elk op syn plak, stean sille om to roppen: ‘Minsken fan myn keninkryk, kom efter my!’ It sil, oan dy greate dei ta, bliuwe sa't it west hat. Soks alteast soe men opmeitsje út hwat ien fan dy plysjemannen letter út 'e holle wei opskreaun hat. It binne de wurden, dy't de skuonmakker opsein hat, doe't hja noege wienen om noch hwat nei to praten by Aefke en dy. De skuonmakker hat doe likernôch it folgjende sein: - Hjir yn it Wytfean dêr hat in man wenne dy is samar ynienen ryk wurden en dat soe doe in hûs bouwe en lân keapje en himsels op it boarst slaen en sizze: ‘Toe dan, earme lûsangels, doch jim bêst en wurd krekt lyk as ik.’ Dat wie my min nei 't sin, dat ik ha der hinne west om to sizzen: ‘Hwer moat dat hinne, man, as de lju hjir, krekt lyk as jo, bigjinne to skreppen om goud en sa, dan wurdt it hjir krekt sa'n spul as yn Drachten, dêr't ús pake fan sein hat dat it noch ienris mei eare neamd wurde sil troch greatmachten lyk as Rome, dy't de minskene sielen bine oan klingklang.’ Drachten sil it swier to forantwurdzjan krije en der sil in tiid komme, dat ek it folk fan Houtigehage en Surhústerfaan, Aldegea, De Himrik en Easterwâlde hjitten wurdt om timeels to bouwen, om it net mear to hâlden op de libbene God; dat der gearspand wurde sil to Ljouwert en sels yn it fiere Hollân om ús to forlieden, en der sil sein wurde ‘Jild, jild, jild, o, hwat is der in jild to winnen op 'e wrâld!’ En der sille guon komme fan fierrens, mei greate klokken yn 'e iene hân en yn de oare hân in swipe, | |
[pagina 354]
| |
en dy sille ús hjitte, ús dei to bûgen, sa't de hynders fan de woastine har delbûge om in lêst optein to krijen, en hja sille it lân hjirre folslein foroarje wolle en hja sille sizze: Der mei net mear praet wurde fan ‘heit en mem’, der mei net mear sein wurde dit en dat en ik wol it sa hawwe of ik wol dit net of ik wol dat net, hwant der sille ]ju wêze dy't ús forkeapje wolle en dy moatte har keapers in swijend folk tobringe, in folk dat hja yn 'e rige sette kinne, tsien, fyftich of hûndert man, alle gearre mei de pet yn 'e hân, en op in teken fan ten fan de lju, dy't oan it forkeapjen binne, sil der dan roppen wurde moatte ‘Jild, jild, jild, o, hwat is der in jild to winnen op 'e wrâld!’ Mar dit is mar ta in stelde tiid. Us Houtigehage sil al foroare wurde en der sil in greate macht wêze, dy't net fan ûnderen op komt; by sil it stal hawwe fan ús pake, dy't him deawrotten hat, en hy sil bijeftige wêze mei suvere macht, macht dy't fan boppen komt en hja sille hjir allegearre syn gelikens wêze; de iene sil net boppe de oare útstekke, de iene sil net tsjin de oare sizze: Ik moat dy dit hjitte of ik moat dy dat hjitte, mar der sil frege wurde: Hoe sille wy dit dwaen en hoe sille wy dat dwaen en der sil in koar wêze dat sjongt: Sa en net oars!, ja, der sille hjir himelske lûden heard wurde en hja sille rounom wei hjir hinne komme, der sil hjir leard wurde, en it sil noch sa komme dat hja yn 'e greate stêdden fan it fiere Hollân prate sille sa't wy prate en dat net allinne dêrre, mar ek yn Rome, dat him noch bikeare sit. -
Dit binne, lyk as ik sein ha, mar foarbylden. Der is noch helte mear, mear dat frij jown is, dat opskreaun wurde mei, dat wol sizze, it mei optheden troch eltsenien bisocht wurde om der hwat fan op papier to setten, mar jo sille bigripe, hoe'n karwei as dat is, hwant dizze forhoalen keningen hawwe gjin saneamd ‘kabinet fan de kening’ en it is ek dêrom sa swier om troch to kringen ta de wiere steat fan dy sawn man omt it keninklike yn harren him sa min skiede lit fan harren deistich bistean. Men kin dizze dingen net útinoar skuorre en men is faeks ek noch to folle rasjonalist, to folle bern fan dizze tiid om diel to hawwen oan de greate forwachting, dy't dizze keningen oproppe. Ik bin der lykwols mei dwaende en dit is dan in earste forslach.
25-8-1952. |
|