De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 346] [p. 346] Gerben Brouwer: Nocturne Foar Douwe Tamminga op syn 50ste jierdei Nacht as swart wetter. Uren rinne as getallen: fyftich, hûndert, tûzen - Stjerren binne yn stikken fallen: fyftich, hûndert, tûzen - In wife fûgel ropt: hallelujah. Kyriëleis. In wiete wyn rint troch grien gers. De bosk ribosket yn 'e blêdden: fyftich, hûndert, tûzen In skiep skreaut om drinken. De foks strûnt om 'e poel - Kyriëleis: wy binne al jierren ûnderweis en yn dit godforlitten tsjuster, lit de himel iepenskuorre, rop ús nammen oer 'e muorre fyftich, hûndert, tûzenkear, Sjong yn ús Hear. Vorige Volgende