As fansels komt dan de parallel op: de hjerst yn 'e natûr is kommende weis, mar ek foar de twa minsken komt de tiid dat ‘dyn earmen lomer wurde en de kraften fan ús kinnen leechskonken lizze ûnder strewellen.’ De dichter hâldt út: ‘dizze lytse sitadel’ sil ‘in lêste festing fan ús wêze’, ‘ûnnimber’ ‘by it sfoarmrinnen fan novimber’, mar is er dêr wol sa wis fan as de wurden ús suggerearje wolle, leit oer alles net in glim fan wêmoed?
Tamminga ken syn tael better as hokker Frysk dichter en hy wit faek op masterlike wize brûkme to meitsjen fan de mooglikheden, dy't yn de folkstael lizze. Wurden as ‘binuttigjen’ (bisnoeije), ‘lims’ (limmet) en ‘kraften’ (karaffen) sille mannich Fries nou net foaroan yn 'e mûle lizze, mar hja hearden of hearre ta de folkstael en der is neat op tsjin, dat in dichter se brûkt. Tamminga ken, ek by it dichtsjen, it koele oerliz, it forduldich sykjen om it krekte, tekenjende wurd. Mei hoefolle soarch binne eigenskipswurden as ‘waerme reabikape’, ‘memmich’, ‘yngoe’ - om in pear foarbylden út in hiele rige to nimmen - net keazen. Mar mear as oars wol by Tamminga hawwe de wurden yn dit fers nêst har pikturale in suggestyf-symboalyske wearde.
Mei men sa'n fers fan 'e technyske kant bisjen? Ik weagje it der op, al wit ik fansels skoan, dat technyk de haedsaek net is en dat men in goed fers ûndergiet sûnder jin al to folle rekkenskip to jaen fan 'e middels dy't de yndruk oproppe.
Tamminga is in master yn it bouwen fan in fers, dat docht ek hjir wer bliken. Hy hat alderminst in strange strofe-foarm oanhâlden, de rigels binne fan ûngelikense langte (rigel 5 byg. rint der wol hiel sterk út) mar men soe jin forsinne as men dêr út ôfliede soe, dat it fers gjin struktuer hat. Tige sterk is yn ‘De sitadel’ de foarkar foar it enjambemint, it oerrinnen fan de iene fersrigel op de oare. Normael foarmet eltse fersrigel in ienheit, mei oan 'e ein in rêst, in ynkeping. Mar Tamminga mijt yn dit fers suver altiten dy rêst, hy lit de rigels oerglide en foarmet sa syntaktyske ienheden fan soms trije of fjouwer rigels lang. Troch de frije fersfoarm kriget er in tige wikseljende en libbene fordieling fan 'e rêstpunten oer de strofen; de sin hâldt net op oan 'e ein fan in rigel, mar weaget al mar fierder om dan earne yn 'e rigel of oan 'e ein ta rêst to kommen. In Hollânsk dichter, dy't soks tige hiem hat, is Leopold; dy rekket soms it hiele sinforbân kwyt. Binammen dichters mei in skerp each foar it détail, de nuance hawwe dat skeakeljen fan de iene sin efter de oare.