De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 336] [p. 336] D.A. Tamminga: De sitadel 1.[regelnummer] Nea sloech it waerme reabikape ljocht meilydsumer en kliener bimanteling om dy, it memmich wêzen bûgd oer it miel, dat tusken de iensumheit 5.[regelnummer] fan ús togearre-wêzen réskikt stie. Nea tagediener tape in frouwehân it yngoe drinken mei sok ûnrimpen en stil skinken oer yn de glêzen fan gemiensumheit. 1.[regelnummer] Lea, it wurdt bitter tinken. Bûtendoar binuttiget de hjerst de roazebêdden, spint er de paden ticht. En úttsjinne sinke de pompeblêdden yn de grêften 5.[regelnummer] fan it forfil: ûnkearber en âld barren. 1.[regelnummer] En tusken ús is it sêft brekken fan it ljocht yn ien inkele romer en yn it lims en de biennen hêften fan it tafelreau op it wyt lekken: 5.[regelnummer] lyts en faei fjild-fan-krêften. 1.[regelnummer] Ek as ienris dyn earmen lomer wurde en de kraften fan ús kinnen leechskonken lizze ûnder strewellen, dannoch sil dizze lytse sitadel in 5.[regelnummer] lêste fêsting ús wêze, dy't ûnnimber is by it sfoarmrinnen fan novimber. (Ut: Nije Gedichten) Vorige Volgende