De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 335]
| |
Wy libje ienfâldich fan brea
dat God ús jowt op it lân,
de sinne stiet op ús hân,
wy stferre deselde dea.
Wy wenje yn ús kiel
as in fûgel yn in beam
as wetter yn in stream
as wurden yn 'e siel.
Wy drage deselde wyn,
de wyn dy wurden skriuwt,
de wyn dy't aloan bliuwt
al wurde ús eagen blyn.
Wy kenne de seizoenen
ûnfruchtber yn ús skerten,
mistreastich yn ús herten,
mank skrille fermiljoenen.
Wy hawwe in hûs fan waer en wyn,
in wenstich sté op ierde
as fûgels op 'e miede;
wy gean de loften yn.
Faek is 't ús swier to moede,
mar al Syn wurd is wier.
En swalkje wy soms fier;
Hy nimt ús yn syn hoede.
God jowt ús tiid en tiden
en jitt' in oare tiid
en yn it heimichst wiid
lit Hy ús sjen de blidens.
De dea is ús neiby;
om alles hwat wy witte
sill' wy Him wurden litte
eart alles yn ús swei.
Hy jowt ús yn it swijen
de klearste tael
as wetter yn in skael
om Him in liet to wijen.
|
|