De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 330]
| |
Lolle Nauta/Jo Smit:
| |
[pagina 331]
| |
men dat fan jinsels net forjit en om nou fuortendaliks mar mei in earlikheitsoffensyf yn omkearde rjuchting to bigjinnen: soks liket my in ûnmûglikheit. J.S.:
Foar it rasjonele forstân wol, mar der is noch altyd sokssahwat, dêr't wy de rjuchte wurden net foar hawwe, mar dat yn 'e bibel leafde neamd wurdt en dat in oare kear ûnder de namme freonskip foarkomt, mar dat der út bistiet, dat men in oar yn syn feitlikens oannimt. L.N.:
Tige tank foar dit komplimint yn 'e rjuchting fan myn reedlikheit. Ik wol it leaver net oer de bibel, mar oer Douwe Tamminga ha. J.S.:
Ik haw it ek net oer de bibel, mar faeks dat dit my in fruchtbere tins ynjowt. Foar de skepper is it tige maklik om dizze gefoelens foar syn kréaturen to hawwen. It nuvere is, dat ik Douwe Tamminga net skepen haw. L.N.:
De skepper Douwe Tamminga wurdt fyftich jier. Hoe bylket it mei syn kréaturen? J.S.:
Hy sil der sels net al to folle ûnderskie tusken meitsje kinne. Foar my lykwols is it iene en it oare út syn wurk suver ûnforgelykber. L.N.:
Plato lit Sokrates al sizze, dat men foar it better forstean fan dichtwurk wier de dichter sels net rieplachtsje moat. Neffens dizze théory, dêr't ik it wol mei iens wêze kin, soe men sizze kinne: de skepper is de greatste debyl yn 'e kosmos. J.S.:
Astou ûnder debyl forstieste ‘ûnwittend’, bin ik it mei dy iens, mar wol is it sa, dat hy net ûnderskiedt neffens boargerlike noarmen. L.N.:
Yn eltse super-boarger sit de ûntkenning fan 'e boarger. Hy spilet de boarger sa goed, dat men net wit, oft er him noch trou is of àl persiflearret. J.S.:
Ik mei oannimme, datst Douwe bidoelst, hwant myn skepper fan niiskrektsa is perfoarst gjin boarger en noch minder in super-boarger. L.N.:
De apen har God sjocht der út as in aep. Myn skepper hat it gesicht fan 'e super-boarger en ik bidoel dus Douwe Tamminga net. Mar om ta de saek to kommen. Ik haw ris tsjin Tamminga sein, dat ik It ‘Griene Jier’ sa goed foun. Hy andere, it wie him to froulik, to sêft en ik moat nou ynienen tinke oan 'e lekken en brekken, dêrst it oer hiest. J.S.:
‘It Griene Jier’ is sublym. Hy is der hwat skou foar, mar dat seit fansels inkeld hwat oer de psychologyske konstellaesje, dy't D.A.T. hjit. | |
[pagina 332]
| |
L.N.:
Ha wy it oer eat oars? J.S.:
Ik leau it al. Rabje is foar my eat, dat boppe psychologyske fenomenen utrikt. It is psychologysk bineikommen plus noch hwat oars. L.N.:
Ik leau allinne yn in ‘plus’, foarsafier't de psychologyske fenomenen boppe my útrikke en dit ‘plus’ is dus tagelyk in ‘minus’. Ik woe lykwols mar sizze, dat Tamminga syn antipathy foar biskate stikken fan syn eigen poëzij my seit, dat de marge fan syn poëtysk fielen smeller wurden is en oftstou dit psychology of in ‘plus’ neame wolst, is my likefolle. J.S.:
Dat plus' hat yndie net folle mei D.A.T. to krijen, mar wol mei ús forhâlding ta D.A.T. en dêrom is dyn ‘minus’ faeks in better útgongspunt. Fral omdat it net yn poëtyske winst omset en dêrom diskutabel is. L.N.:
Yndie. Hjir hat, leau ik, ek it feit mei to krijen, dat dy fersen fan Tamminga, dêr't persoanlike winst en persoanlik forlies inoar balansearje, my it leafst binne. It wurdt neffens my tiid en swij nou mar ris oer it forneamde taelmasterskip fan 'e dichter. Dat is in wierheit, dy't ek yn saffier op in kou liket, dat hja dochs wol yn it lân stean bliuwt. J.S.:
Dochs is it ambachtlike ien fan 'e charmes fan it wurk fan Douwe Tamminga. L.N.:
Jawol, mar de krêft fan in minske is faker as ien kear ek syn swakte. As ik de poëzij fan Tamminga lês, haw ik fakentiden it gefoel, dat ik ûnder imponearjende forwulften trochreizgje, sûnder dat ik my earne ta wenjen sette kin. Dat jildt nammers fan de Balladen. J.S.:
By swakker ambachtlikens, - as men sa nou en dan in losse stien op 'e kop krije kin, falt it ek net ta om rêstich to sitten. Ik leau dan ek earder, dat de oast sit yn 'e forkearde evolûsje fan 'e man, fan 'e ambachtsman. L.N.:
Forklearje dy neijer, hwant wy binne net genôch oan it rabjen. J.S.:
Ik leau, dat de ambachtsman mei bihâld fan syn kundichheden tofolle boarger wurden is. As dat gjin rabjen is, dan wit ik it net. L.N.:
Kinst bigripe, dat it net allinne út freonskip foar D.A.T. en út leafde foar de paradoks is, as ik anderje, dat er tagelyk syn status as boarger net wêze wol? J.S.:
Ik jow ta, dat er in treflik Tsjerne-redakteur is. L.N.:
Ast dêrmei ien fan 'e formommingen fan 'e boarger bidoelste... | |
[pagina 333]
| |
J.S.:
Wis, likegoed as de forwoedene mar o sa bitûfte polemist, dy't er de lêste tiden blykt to wêzen. L.N.:
As polemist is er my leaver as yn 'e rol fan 'e man, dy't eltse moanne in like brede as neatsizzende blomlêzing fan fryske litteratuer publisearret. J.S.:
Dêr kin hy ek net safolle oan dwaen, mar it feit, dat er it docht, birêst op in soarte fan hounetrou, dy't troch syn dierlik karakter perfoarst ûnboargerlik is. Ik ha der respekt foar. L.N.:
Ik ek, al wie it allinne mar, omdat er sa trou it Frysk fan myn essay oereidet. Ik fyn lykwols, de houn bigjint tofolle op syn baes to lykjen. J.S.:
Lit ús de byldspraek fierder oan kant lizze. Yn elts gefal is de polemist nijsgjirriger as de redakteur, alhoewol't beide in kwesje binne fan in andert. Ik bidoel, dat wy hjir to krijen hawwe mei ‘challenge’ en ‘response’. L.N.:
Sawol as dichter as as redakteur jowt Tamminga in andert op hwat de Fryske sitewaesje fan him freget. Yn dat andert hat Fokke Sierksma ris de estheet weromfoun, dy't er op dat stuit net yn himsels ûntdekke koe. Ik leau, dat it tiid wurdt, dat de ‘response’ dy't Tamminga jowt, in nije ‘challenge’ wurdt foar himsels. J.S.:
Ik soe it leaver omdraeije. Ik bidoel dus, dat dat ‘sels’ in útdaging wêze moast foar syn andert. L.N.:
Bitsjut dat, datstou mear of datstou minder bitrouwen yn dat ‘sels’ hast as ikke? J.S.:
Mear. Ik soe, yn 'e weddenskip mei dy, divel, Job Tamminga op 'e rûchskerne sjen wolle! L.N.:
En de oare redakteuren fan De Tsjerne as de freonen fan Job deromhinne, hoe woe God it ha? J.S.:
Ik foarsiz dy greate poëzij, greater as ea ien Fryske dichter skreaun hat. L.N.:
Omdat de divel altyd de rol fan synikus tabidield is, soe ik freegje wolle: de profeten kinne nou seker wol by de DUW? J.S.:
Winliken is it de estheet en de boarger yn my, dy't Douwe mei de potdiggel útrisse wol. De moralist freget him ôf, oft dat wol mei en de freon gunt him moai waer, lange dagen en swiet petear mei wiif en bern. Hy hat op 't lêst ek in fers oan ús opdroegen. Dat is my noch nea earder bard. L.N.:
Dêrmei hast in probleem oansnien, dat my ek wol sa slim dwerssit, dat ik der Tamminga net foar forantwurdlik meitsje wol. By dyn freonlike winsk slût ik my | |
[pagina 334]
| |
dêrom alhiel oan, al is der oan my ek al ris in forhael opdroegen. J.S.:
Douwe is foar my nou ienris gjin hin, dy't fan 'e liz is en dy't oft de nekke omdraeid wurde moat of troch preparaten ta it produsearjen fan gâns en greate aeijen brocht. Ik soe him noch graech fyftich jier derby winskje, al soe er dy allinne mei it kweekjen fan roazen folje wolle. L.N.:
As men oer it tokoart fan ien biskikke wol, komt men yndie gefaerlik ticht yn 'e buert fan de leave Van Goghoanbidders, dy't sa tige fan 'e earmoed en illinde fan 'e Kunstner genietsje kinne. Boppedat, ik yt noch altyd fan Tamminga syn aeijen en om ek persoanlik to wurden: Fersen lêze en wurdearje, dat haw ik ynsté fan op it Gymnasium by Tamminga thús leard. J.S.:
Tamminga is foar my dichter. Hy sil dat altyd bliuwe, mar de rol fan dichter sjoch ik him net graech tabidield. L.N.:
Ek foar my is Tamminga dichter. En net allinne omdat er in forline hat, winskje ik him in takomst, J.S.:
Rabjen liedt dus wol ta eat, al muoit it my foar de raconteur Douwe Tamminga, dat wy net hwat mear anekdotysk wêze koene. L.N.:
N'en déplaise Tamminga, mar in anekdote is fakentiden in ‘In Memoriam’ ûnder it motto: ‘De mortuis nil nisi male’.
J.S.:
Nou hoopje ik twa dingen, Foarst dat ‘male’ oerset wurde mei as ‘it mâlle’ en twad, dat Douwe, dy't by dizze rabberij faeks in Frysk sprekwurd yn it sin kommen is, net syn plicht dwaen sil.
L.N.:
As ik dy nou forwyt, datstou it lêste wurd ha wolst, haw ik it lêste wurd. |
|