De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Inne de Jong: Midsimmer It jier bliuwt grien ûnder de hege sinne fan midsimmer, de beammen sitte fol fûgels en wyn, it rypjende nôt hâldt in ûnthjit fan rike risping yn. Forsille yn it sân wachtsje kostlike stiennen, om slipe to wurden fan in mastershân. Doarren en firasters fan de feilige sitadel steane iepen op alle winen en yn it wite waeijende ljocht giet in dichter op nij avontûr de bloeijende lânnen oer, op reis nei de kimen, dêr it wûnder wachtet, op reis net de nacht, dêr't de Brandaris syn fjûrbaen oer it wetter slacht, om âlde forhalen to fangen yn nije balladen, om lâns heimige paden de boarne to finen fan it liet, dat jit net songen is. Vorige Volgende