E.B. Folkertsma:
Erf en adel fan tael
D.A. Tamminga ken Frysk. Soks moast gjin namme hoege, fan dichter noch fan prozaïst. De iene sawol as de oare soe it in fanselssprekkendheid wêze, ja conditio sine qua non en ken har tael. Mar yn Fryslân net to min hat dat aparte bineaming nedich, en fortsjinnet it dy mei eare, cum laude. Hwat ryklik follen yn Fryslâns literatuer ommers hawwe itsij de finkunde, itsij de nonchalante maklikens, itsij de pretinsieuze frijmoedichheit om har to bitsjinjen fan breklike, earme, rûge of ûnsuvere tael. As it mar Frysk is, fan Frysk hat hwat der út 'e pinne rint, dan kin it by sokken gau ta. Krekt as stekt it mei de sprake fan heit en mem, fan slachte en folk net sa nau, en hoecht respekt dêrfoar der net sa lyk by, en soe dy tael, de eigene, net yn striid en need lizze. Krekt as hat hja gjin rjocht op suverheit, glâns, eare en soe it allerlêst foar de dichter opkomme, har sterk en moai to meitsjen. Krekt as soene kunstners roppen wêze, har materiael, medium en ark mar út'en sleauwens en sloffens to hantearjen en foarbyldich mei to wurkjen ta de devaluaesje: de forskraling en forheukering en ûntwearding en skandalisearring fan it Frysk.
As tael is Tamminga's wurk in treastlike forkwikking. Sjochdêr in kunstner, dy't de tael fan syn heit en mem en folk dreech ken, dy't in tige taelgefoel en taelyntuysje hat en net minder hwa't it de wille, de muoite en de pine - ja langer ek de pine - wurdich is, mei de tael, de eigene, to wrakseljen, har to knetsjen en to foarmjen, der yn to byldhouwen. Hwerom? - hast soe men freegje: Hwertroch? Dat docht syn earbied foar it wurd, syn bisibbe kunde oan it wurd yn foarm, de freugde fan syn ear en each oan 'e tael as edel ynstrumint.
Net fansels, dat de tael sûnder mear de kunstner makket. Mar hja makket him wol mei, ynsafier't hja syn gefoel, tinken en utering ta tucht is: by dyjingen nammentlik, dy't net oer har hinne flodderje, mar der wurk, smeijen fan meitsje. De tael is Tamminga fan herten tinken, en tinke, yngreven tinke, kinne hert en sinnen him der yn. Dat is net fansels kommen. Hy hat it him net oanwaeije litten noch is to foare gien op syn gefoel en yntuysje foar tael allinnich. Om it Frysk to kennen en to bihearskjen, hat er it de muoite wurdich achte, der by oanhâldendheit fan lange jierren oer yn 'e lear to gean: ûnder it folk, yn 'e literatuer, by de wittenskip, yn tael- en wurdboeken. Der sit in respektabel stik arbeid efter syn fersen en balladen.