| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Demaské fan de rjochtfeardigen
‘Nou moatte Jo der net útpike, Wierda, Jo hawwe 't ús justerjoun ûnthjitten!’ rôp ien fan de froulju dy't mei ús om 'e kachel sieten. De measte dielnimmers oan it stúdzjekamp wiene al yn 'e rêst, hwat hjir siet wie de biwende ploech nachtlike neikaerters, de élite fan moréle herbiwapeners, Boucke Wierda net meirekkene.
‘Hwat hat Wierda ûnthjitten?’ frege Jansonius, dy't mei my yn 'e kamplieding siet.
‘Wierda soe joun hwat fortelle fan syn mobilisaesjetiid!’ rôpen trije fammen tagelyk.
‘De hear Wierda mei syn forhalen...’, sei ik spytgnyskjend. Ik mocht de man net lije mei syn great massyf lichem en ik koe mar net bigripe hoe't dy proleet him by ús thúsfielde. Syn forhalen wiene der altyd hwat by troch en boppedat net origineel, hwant it wie in bilêzen smjunt en ik speurde gauris hwat fan Boccacio, Poe of Tsjechow, as er stie to swetsen.
De man dy't op in forhael ferge waerd die lykwols krekt oft er him myn haetlikheit net ergere, hy helle in platgouden horloazje út 'e bûse en sei: ‘It is aenst tolve ûre, it wurdt tiid om 'e koai op to sykjen en boppedàt ...’
‘En boppedat?! woe de kampbihearder Douma witte.
Boucke Wierda seach Douma op en del oan mei syn wetterichblauwe eagen. In nuver kontrast, dy beide mannen. Wierda, dûknekkich, mar great en grou - wy neamden him de kolos - Douma, helte jonger en lytser, in foege pindasjinees. Wierda syn plasse sa keal en read as in omstrûpt keallefel, Douma omtrint kopswier fan in prûk hier dêr't mannich frommis oergunstich op wêze koe.
‘En boppedat’, forfette Wierda, ‘wit ik by ûnderfining hoe't der yn dit heechseedlik formidden oer my en myn forhalen tocht en praet wurdt. Dat ik soe sizze...’
‘Né, der net foar weiwine! Jo hawwe it ús ûnthjitten!’ rôpen de beide froulju fan 'e kamplieding.
Ik smiet harren in forneatigjende blik ta. Ik achte it net forantwurde, sa'n âlde fordoarne geast de gelegenheit to jaen ta ûnsuvere uteringen en Douma syn gesicht stie ek soarchlik. Ik moat lykwols tajaen dat ik, as er ienkear oan it wurd wie, tsjin better witten yn meiharke. Mar as ik it keare koe kaem er net oan 't wurd.
| |
| |
‘Nou, as de hear Wierda dat dan by ûnderfining wit, nimmen sil him tsjinhâlde en gean op bêd’, sei ik.
Mar Wierda hie my net yn 'e rekken, ik bistie sljochtwei net. Hy seach guodlik op Douma del en suchte: ‘It biroerde fan 't gefal is, dat men yn dit formidden jinsels net wêze kin. Men moat de morael forsteanber meiprate litte en dêr komt by dat ik allinne mar nei jim maetskiplik-forantwurde gesichten sjen hoech om mysels in amoreel yndividu to achtsjen, in skurve houn, net weardich om yn deselde romte tagelyk mei jimme to sykheljen.’
‘Kom, kom...’, sei Douma dimmen.
‘Hy stelt him oan! Hy docht mar sabeare! Hy wit wol better! Hy wol him der handich foarwei wine!’ rôpen de froulju om bar.
Boucke Wierda fandele in pakje tabak út 'e bûse en sei, in sigaret draeijend: ‘Nou, as it der sa foar stiet mei jimme, hawar. Mar tink der om, moarn gjin neipraet.’
‘It bliuwt ûnder ús, nou?’ sei Jansonius. Bihalven Douma en ik, rôp elk fan ja.
Wierda bloes in pear rinkjes reek nei de souder, seach efkes mankelyk oer ús hinne, as kamen him in pear dierbere oantinkens yn 't sin, en sette doe út ein:
‘Sa't guon fan jimme faeks wol witte lei ik yn '17 as ûnderofsier oan 'e grinzen yn Brabên. Lei is einliks it wurd net, hwant ik wie aldergeloks in soad ûnderweis, mei't ik as soan fan in hynsterosser de opdracht krige om jonge hynders to foarderjen en tagelyk de ôftanke bokken, as 't heal koe, oan deselde boeren to forkwânseljen. Ik moat dêr daelk oan tafoegje dat it foar de boeren wol útkoe, hwant de jonge hynders waerden gâns heger wurdearre as de âlde en de âlde wiene foar 't boerewurk gau sa brûkber as de jonge.
Nou moatte jim jimme ris yntinke hwat dy tochten by de boeren lâns doedestiids foar my bitsjutten. Yn 't foarste plak de biwegingsfrijheit, twad krige myn hynsterossersbloed syn gerak en tred seach ik hieltyd oare froulju. Hwant foarsafier't de boeren gjin kreaze jonge wyfkes mear hiene, kaem ik wol mei de dochters yn de kunde. Guon boeren hiene wol fiif, seis en dan moast it al nuvere mâl treffe as dy allegearre ûnsjoch wiene.
En hoe gyng it yn dy tiid? Men hoegde mar nei in goede herberch of in hinnekommen foar de nacht to fornimmen, en de lju noegen jin daelk út om de nachts by har to bliuwen. Foar twa, trije man wie der altyd wol plak en oars waerd der plak makke. En nou moatte jim jimme ris yntinke hwat dat ynhoud. Jim witte wol hoe't it hjir yn 'e jierren '40-'45 om en
| |
| |
ta gyng. De minsken wiene méár op elkoar oanwiisd as hjoed de dei, der wie net folle fortier en sadwaende waerden hja tobekkrongen op har primityfste skânzen.
Yn Brabân wie it yn '14-'18 ek al wakker gelyk. Dêr kaem noch by dat de minsken jouns sa goed as yn 't tsjuster sieten, de lytse pitsjes dy't hja ta har foldwaen hiene moasten hja sunich mei omspringe, dat fangefolgen... Hawar, neat minskliks is de minske sokke tiden frjemd.
Nou is der noch ien ding dat jimme al even witte moatte, ear't ik fierder gean... ik wie yn dy dagen net de útweakke moalsek dy't jimme hjir op dit stuit foar eagen hawwe. Rjochtoarsom! It unifoarm siet my as getten om 'e lea, ik hie de skouders fan in bokser en de mul fan in ballerina. Myn portret soe moai wis yn in tydskrift foar body-building stien hawwe as dat der doe west hie. Ik wie boppedat sljocht, né gleon op froulju; as ik sa to sizzen in opwynderjende rôk of de rouning fan in frouljusheup seach, dan wie der gjin hâlden mear oan. Dêr komt by, ik kóé it spul. Ik wist de psychologysk forantwurde mominten en dàn, nommele freonen, dan koe my it moment suprême sa't de Frânskman seit, net mear ûntkomme. Ik hoegde myn loftereach mar ticht to knipen en it sedichste begyntsje wie fan 'e moréle kaert. Ik krige langer safolle húskes fan hâldoan, dat myn maten har roppen achten my yn myn eigen bilang to warskôgjen. Gekheit allegearre fansels, hwant ik wie sa sterk as in hynder. Sa't ik al sei, ik wie yn dy dagen net it opblaesde kjessensloop dat hjir yn dit kamp ombollewyndert.
Hwat dy Brabânske fammen oanbilange, hja wiene foar my, sij it net in iepenbiering, dan dochs hwat oars as de heechskonkige en ornaris groubonkige froulju fan dizze kontrei. Dêrtsjinoer stie dat ik foar harren, noch ôfsjoen fan myn kwaliteiten, ek hwat oars as oars wie.
Mar goed, ik swalke dus hiele Brabân oer, hie myn setten en pretten, die myn plicht as militair. En dochs ûntbriek der hwat dêr't ik doedestiids gjin namme foar wist. Sa kaem ik op in goede dei yn it lêst fan oktober mei myn maten yn in herberch oan, sá iensum en sáfier bûten de biwenne wrâld dat men dêr, minsklik sprutsen, it laitsjen wol forleare koe. De hjerst wie moai en it wie sá stil dat wy der op 't lêst bang fan waerden. Yn 'e fierte grommele de tonger fan de Dútske Bertha's, it loek al moai nei de nacht en de himel ljochte út en troch op fan it granaetfjûr. Wy wiene bliid dat wy einling in hinnekommen foun hiene en de kastlein wie in ûnderhâldend en freonlik man. Doe't wy oer en wer hwat neijer yn de kunde
| |
| |
kamen hearden wy dat er sûnt de berte fan syn earste bern, in famke, widner wie en dat er der nea ta komme kinnen hie en sykje in oar wiif. Sa goed hie him syn earste foldien.
It famke skaeide alhiel nei de mem oer, mei't it âlder waerd bigoun it hwat langer hwat mear op de mem to lykjen en nou wie hja der net mear fan to ûnderskieden, safier wie 't hinne. Wy hiene de mem net kend, en ynhoefier't de kastlein út in great gat bloes foel min to sizzen, mar doe't wy noch dyselde joun de dochter to sjen krigen, waerden wy net allinne op slach foreale op har, mar wy wiene it ek daelk meiinoar iens dat wy har gelikens nea earder sjoen hiene en nea wer sjen soene. Hawar, it muoide my om 'e maten, mar der wie gjin oare kar. Nou mei ik fan jimme, dy't my allinne foar eagen hawwe as in mislearre pudding, nou mei ik fan jimme net forwachtsje dat jim bigryp hawwe foar itjinge der dy nachts barde. Myn maten krigen in keamer njonken de jachtweide, ik moast it dwaen mei in keammerke, hielendal op de oare ein fan in greate spoekeftige souder, om hwat reden wie my net dúdlik. Myn maten gnysken en ik kin net sizze dat ik myn moed hie. Hawar, de kastlein wie op 't lêst baes en ik liet my as in laem nei dat ûnsillige keammerke bringe. Fan sliepen kaem neat, ik stelde my foar hoe't dy faem dêr ûnder troch it hûs sweve en hoe't myn maten elk foar oar sa kwânskwiis nei de toiletten bjisken, yn 'e hoop har to moetsjen.
Ik smiet my fan de iene side op de oare, it joech allegearre neat. Ik helle my de forskuorrendste waenbylden yn 'e plasse, ik seach hoe't reade Frits, de kreaste en linichste fan 'e beide maten, har yn 'e earmen sleat. Ik hearde har suchtsjen en kûzenamkes sizzen... Ik hearde hoe't hja dy reade ellindeling sêft meifierde nei har keamer... Jim witte net, freonen, hwat ik dy ûre trochmeitsje moast. Ik krige oanstriid om fan 't bêd to springen en mei de holle foardel de souder op to sfoarmjen en mysels to pletter to rinnen tsjin de muorre op de oare ein. Ja, hwat der yn my omgyng is net mear to sizzen en it soe sûnder mis forkeard gien wêze as ik op in stuit net hoedene fuotstappen op 'e souder heard hie. Ik siet heal oerein op de earmtakken en houd de siken yn. Hwa mocht dat wêze midden yn 'e nacht en hwat socht dy dêr?
Ynienen houden de stappen op en ta myn greate forbjustering seach ik oan in streekje ljocht dat myn doar súntsjes iepentreaun waerd. Seach ik it goed? Wie dat net it stal fan de kastleinsdochter? Ear't ik ta it bisef kaem dat hja it yndied wie, fielde ik twa lytse hannen om myn gesicht en waerd myn mûle sletten fan in mûle dy't ik hjir net weagje to biskriuwen,
| |
| |
mei it each op 'e gemoedsrêst fan ús freonen Douma en De Jong...’
Boucke Wierda helle op 'e nij it pakje tabak út 'e bûse. Hy seach Douma en my net sûnder bigreatsjen oan en ik koe him wol in traep tsjin 't grouwe liif jaen op dat stuit.
‘Hwat sizze jim, sille wy it oare mar foar moarn biwarje?’ sei er ynienen.
‘Né, fierder, fierder!’ rôpen de froulju en it foel my op dat hja fjûrreade hollen hiene. Mooglik siet ik dêr sels ek mei in reade kop, mar dan wie it allinne fan argewaesje. Ta myn skande moat ik hjir bikenne dat ik my net ôfjoech en heimlik hope dat dat stik ûngelok fierder fortelle soe. Dat die er nammers ek, nei't er in fikse reekwolk oer ús hollen bloes.
‘Wy sille it barren fan dy nacht mar litte foar hwat it wie’, sei Wierda, wylst er Douma en my bigreatsjend oanseach, ‘en fuortdaelk in stap fierder gean. Dy kreaze kastleinsdochter waerd myn wiif. De kastlein hie it dêr yn earsten net op stean, mei rjocht en reden nammers, hwant hy hie nei my fornommen, mar doe't syn dochter him twong om in blik yn har hert to slaen, joech er bilies. In jier letter bigoun de man fan klearebare ûnwennichheit to sukkeljen en rekke al moai gau wei.
Tsien alve jier letter, lit ris sjen, jawis, yn 'e lette hjerst fan '28, fuort dêrop hiene wy dy lange strange winter, yn 'e lette hjerst dus, it sil yn 't lêst fan novimber west hawwe, krige ik ynienen yn 'e plasse om nochris nei dy iensume âlde herberch to reizgjen. Doe't ik op 'e lette joun út 'e trein stapte stie dêr aldergeloks noch in bus dy't op it doarp ried dêr't ik wêze moast, it wie de lêste wit ik wol.
Ik kaem dêr oan en moast doe noch in foech healûre rinne. It wie ûnlijich en roettsjuster, der wie bûten my gjin minske mear op 'en paed. Doe't ik likernôch healwei wie bikroep my in nuvere eangst dêr't ik gjin forklearring foar fine koe en dy't mei elke stap oanboaze. Ik waerd lilk op mysels, oan spoeken leaude ik net en der wie neat dat myn eangst rjochtfeardige. Wetterstofbommen, fleanende skûtels, ierdsatelliten en sok reau hoegde men doe ek net oer yn to sitten en lykwols wie ik stjerrrende binaud. Ik bigoun to fluitsjen, to sjongen... it joech gjin grevel. Lang om let sei ik grouwe ûnfoege dingen, by 't godslesterlike om't ôf, om yn 'e keardeleftige kazernesfear fan eartiids to kommen... it joech allegearre neat. In stim yn my lústere dat ik better weromgean koe mar ik biswarde myn oanstriid om werom to gean mei lûd to roppen: Gean út my, satan!
De eangst die lykwols gjin lichten, de lêste twa, trijehûndert
| |
| |
meter liken my in ivichheit ta en as ik op dat stuit de donkere kontoeren fan de herberch net yn 'e bocht fan de wei sjoen hie, soe 'k moai wis dòchs weromgien wêze. Alles yn 'e herberch like kâld en tsjuster. It is einliks to healwiis, tocht ik, sa yn 'e nacht-op de lju ta lêst to wêzen. Mar de eangst joech de trochslach, ik achte my ynsletten fan ûnwittende gefaren en seach om my hinne as in opjage dier. Ik hie mar ien doel, yn 'e herberch en ûnder de minsken to kommen.
It is hast net to leauwen, ik mei myn athletysk lichem, stjerrend, ja stjerrende binaud. Mar hwat lichem is pânsere tsjin de eangst? Hwer hat de eangst gjin fet op, as er it bigrepen hat? Op in streamlined man as Douma mooglik. Mar gekheit allegearre, lit my ta de saek komme. Ik stau op 'e herberch ta en bounze yn panyk op 'e doar.
“Hui, hui, kin dat net hwat bihindiger?!” rôp immen mei in swier heas lûd. De doar gyng op en op 't selde stuit die ik in stap tobek. Sa'n boevetroanje hie dy kastlein.
“Hwerom komme Jo der net yn lyk as oare minsken?” sei er.
“Och... hearde ik mysels stammerjen, ikke... ikke... kin ik hjir tonacht ek sliepe?”
“Jo kinne it alteast bisykje”, sei de man ynienen freonlik, tó freonlik like my ta.
Hawar, ik rekke de jachtweide yn en myn each foel daelk op in frommis dat mei de rêch nei my ta yn 'e taep stie. Op myn goejoun draeide hja har om en... de siken bisetten my. Sa skurf en ûnsjoch as de kastlein wie, sa kreas wie it frommis. Wy namen elkoar even tige forwûndere op, mar ear't ik de mûle iependwaen koe om hwat to sizzen, fordwoun hja mei gleonreade wangen troch de doar njonken de taep.
De kastlein seach my opmerksum oan en ik bistelde in âlde kleare. “Ik haw my yn de wei forsind”, sei ik, “dat sadwaende...” Hwerom't ik dat sei wie mysels net dúdlik, mar de man hie it daelk yn 'e rekken sa't it like.
“Jo hoege nearne oer yn to sitten”, sei er freonlik.
It wie smûk en waerm, ik kaem hwat ta mysels en fielde my hwat langer hwat mear op myn gemak. Wy praetten oer waer en wyn en oer de delgong yn 'e konjunktuer.
Ynienen sei ik: “Hoe giet it hjir mei de bûter en de kofje, wurdt der drok smokkele?”
De man wie daelk op syn iepenst, hy joech in ûntwikend antwurd en ik seach wol dat myn fraech him net sinnige.
Om him fan myn kant wer gerêst to stellen, fortelde ik him dat ik de dochter fan de eardere kastlein troud hie.
| |
| |
Hy sprong fan 'e stoel as siet der in nudle yn. “Woene Jo sizze dat Jo...?!” rôp er.
Ik knikte.
“Ik koe har ear't Jo har hjir wei helle hawwe”, sei er. “Ik wie widner en woe har hawwe.” Hy seach my oan mei in blik fol haet en it waerd my ynienen dúdlik hwerom't ik ûnderweis sa stjerrende binaud west hie. Ik moat sizze dat ik him op dat stuit ek hate en dêrom achte ik it better om mar op bêd to gean. En hie 'k it net tocht? Hy brocht my op itselde keammerke dêr't ik de earste kear ek sliept hie, alhiel op de oare ein fan dy aeklike souder. “Under hawwe wy gjin plak”, sei er.
Ik wist wol oars en better, mar hwat moast ik? Ien ding foel my ta, der wie nou aldergeloks elektrysk ljocht. It knopke siet wol by de doar en ik moast it bêd op 'e taest fine, mar ljocht wie der.
Hawar, ik joech my del. Mar ik koe, lyk as tsien jier earder, net yn 'e sliep komme. Der wie hwat dat my wekker houd en hwat langer ik der lei, hwat mear it my oanwoe dat der nuvere dingen barre soene. Ik mei sahwat in ûre op bêd lein hawwe, doe't ik guon by de efterdoar fornaem. Even letter hearde ik it oanslaen fan in motor en it fuortriden fan in auto.
Hwat hie dat allegearre to bitsjutten? It lûd fan de auto wie mar amper forstoarn doe't ik hwat op 'e souder hearde krekt as dy nachts yn 'e mobilisaesje. Better biret as doe, sprong ik daelk fan 't bêd en stelde my by de doar op, it ljochtknopke ûnder myn birik. En jawol... dêr wie 't al sa. De doar waerd hoeden iepentreaun en op 't selde stuit taestte ik nei de knop fan 't ljocht. Myn hân staette lykwols op hwat oars, in frouljusearm. Ear't hja lûd jaen koe hie ik har mûle sletten mei mines.
Doe wie der gjin juster en gjin moarn mear...
Mar kom, lit my om 'e gemoedsrêst fan De Jong en Douma tinke. Lit it barren fan dy nacht wêze hwat it wie. Ik sil noch in sigaret draeije en dan slute wy de gearkomste mar, net Douma? Jim hawwe nou allegearre wol foar 't forstân hwa't ik dy nachts yn myn earmen sleat.’
‘Hoe soene wy dat witte?! Fortel fierder!’ rôpen de froulju mei gleonreade wangen.
‘Och kom’, sei Wierda, ‘hwa soe it oars west hawwe as myn eigen wiif?’
‘Jou eigen frou?!’ rôp ien fan 'e fammen mei toloarstelling yn har stim. ‘Hwat falt my dat fan Jo ôf, hwat kinne Jo lige, Wierda!’
‘Jo binne net earlik!’ rôpen de oare froulju.
| |
| |
De hiele ploech stoarre lilk en ûntgûchele foar him del. Ynienen sei Jansonius: ‘Jou eigen frou? Hoe koe dat dan? Jo wiene dêr ommers allinne hinne reizge?’
‘Gekheit allegearre, myn wiif wie in trein earder gien.’
‘Ja just, gekheit allegearre. Jou forhael kloppet net, Wierda’, sei ik. Wierda sloech my gjin acht. Hy seach nei de lilke misledige gesichten fan de froulju en sei: ‘Jim hawwe gelyk, nim my net kwea, it wie de nije kastlein syn dochter.’
Der foel in djippe stilte.
Doe gyng der in sucht troch it selskip en... even letter socht elk, wurch mar foldien, syn sliepsté op.
|
|