De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 234] [p. 234] Diet Huber: Lyts petear berntsje berntsje yn my dit is de moaiste tiid - nou leist noch stil to ruoikjen yn dyn roune widze fan nimmen sjoen fan nimmen oandien waechsend sûnder wil. yn it boek ‘the family of men’ seach ik de foto fan in frou dy't ek in bern forwachte hja stie to dreamen yn de sinne en wie fier, fier wei. doe moast ik gûle om't ik sa faken ek sa stean to dreamen om't dat, hwat hja bilibbe, ek myn diel is om't ik djip fielde dat ik ek hear by ‘the family of men’. berntsje dit is de mooiste tiid - sadréstou út my komste bist in minske, in bistke, in siker om iten, dochs al in minske. ik bin - biheind - dyn hoedster, in funksje, in oar, dy't soargje moat datstou yn libben bliuwst. en hoe't ik fan dy hâlde sil dy misse en goede dingen meijow op dyn wei it sil de stream net keare dy't ek my forbjustere en meinaem: it leavjen it haetsjen it fjochtsjen it lijen it lokkich wêzen it libben sels dy greate, greate ûnfeiligens. [pagina 235] [p. 235] allinne silstou gean, allinne - omtstou ek hearste ta ‘the family of men’. en dêrom berntsje moast ik gûle en tinke: dit is de moaiste tiid - Vorige Volgende