De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
II
De âld lantearne stiet wer skeef oer 't djip
en ljochtet mei in oaljelampke oer 't paed
In wiete houn biskûlet yn 'e hage
en alle man leit nou horizontael
mei lichte eagen yn 'e tsjusternis bitize
Dit is dan 't bêste fan in ûnbitroubere ierde:
forjown oan 't leech, fan alle ljochten skiede
en net mear prate as inkeld yn in dream
En boppe 't paed in wetterige moanne
En út in hiem de rop fan Petrus' hoanne.
| |
III
Oer it wetter dea en swart
giet de brêge troch de nacht.
Swart en dea it wetter.
Wyt en lûd en libben rint de brêge
En gjin minsken bliuwe stean,
en gjin rêdde fuotten gean
lyk as juster.
Hwant de brêge rint yn 't tsjuster
swarte wegen yn 'e mjitte.
De brêge giet, de minsken binn' foarby
en alle stjerren gean as lampen út
Fei dan de rein fan 't autorút
ôf mei de hannen:
de akku is leech.
Ryd net nei Harns of Heech
Kom net mear ta dy sels
en kom ta God.
Praet oer gjin ivichheit
Sliep, sa't it wetter leit
ûnder de wite brêge.
|
|