dounser to wrâld kamen en dêr't pynlik presiis Jou jeuchlike gongen fan âldershûs nei h.b.s. vice versa op útstippele stiene. Mei Greqoriaenske hertstocht en krektens hat Jou loadsmantsje al dizze pitertuerlikheden sammele en yn dat boek oer Jou jeugd reprodusearre.
Snobisme, sei myn litterair gewisse tsjin my. Unûntkomber needlot fan in great skriuwer om sa hinderlik folge en oankrûpt, sa biografynk tamakke en útbonke to wurden fan in plûzjende klerk dy't mient de litteratuerskiednis in deugd to dwaen troch ienris ta romans forwurke libbensfeiten en ta roman-suzjetten omwurke klassegenoaten to verifiëarjen oan in dochs net to efterheljen forline. Hwat rjocht hat sa'n Pluzer en bigjin to skiftsjen tusken ‘Dichtung’ en ‘Wahrheit’ lyk as wie it tsjef en nôt? Lit dizze snobs dochs oare objekten sykje foar har hantaestlikheden! Lit sokken har archivalyske apeleafde dochs op mindere goaden útwierje! Lit har omsjen nei minder ekshibisionistyske foarmen fan buorreplicht!
Lykwols, achte hear Vestdijk, al lêzende yn Gregoor's boek is myn kritysk foaroardiel as snie foar de sinne fuortteid. Dat kaem ek, om't Jou biograef en boelbirâdder in knaphandige styl skriuwt, dy't my der ta brocht om efter Jou kwalifikaesje fan him as ‘mijn literair, sociologisch en erotisch tweede Ik’ minder spotske bidoelingen to sykjen as ik earst die. Dat kaem ek om't Jou loadsmantsje sa'n transparante gearfetting wit to jaen fan Jou nea printe mammoet-manuskript Kind tussen vier Vrouwen, dat foar Jo letter útgongspunt wurden is ta rigen romans mei it Anton Wachter-motyf. Mei dizze iepening fan saken hat de hear Gregoor de litteratuer-histoarje in greaten deugd dien, net oars.
Mar dat wie dochs net de reden dat ik in swak foar dit boekje hâlde sil. It hert formurwe my pas, doe't ik lêzendewei Jou beide ‘oude vlammen’ - sa't Jo harren nou bineame - t.w. Ina Damman en Marie van den Bogaard, ûnder Gregoor's sykljocht fan romanfigueren foroarjen seach yn konkrete friezinnen. Hoe soe it hert jin net tille as dy Ina in Frjentsjerter h.b.s.-hipke blykt to wêzen, wenjend yn deselde strjitte, allinne in pear hûsnûmers leger, dêr't men sèls de frou wei skaekt hat, mei hwa't men nou troch it libben avesearret? En hoe soe datselde hert gjin noch nuverder kluchten krije as dat oare erotyske okkebyld fan Jouwes, de ûnstjerlike Hjerbeamer bouboersdochter Marie, wenne hawwe moat op in pleats dêr't men sèls, jawis, in foech fyftsjin jier letter en mei óáre biwenners, mar mei itselde romantyske brechje oer de opfeart, de earste skrutele stappen set hat op it paed fan de leafde, de dochter fan Van den Bogaards opfolger oan jins griene side?
Achte hear Vestdijk, ik wol net sentiminteel wurde, mar ik seach Jo ynienen as streekgenoat en as broer en foargonger yn Eros. Jo en ik soene ûren prate kinne oer misse reizen bylâns deselde wegen, oer frijersfuotleasten dy't (mei in tuskenromte yn 'e tiid) ienselde spear sjen litte, oer oantinkens, swiete èn bittere, mei gelikense lokalisearringen. Dy petearen sille wy nea hâlde, Jo en ik. Sjoch, lit my dêrom folstean mei dizze konfidinsje fan in âld-streekgenoat,
D.A. TAMMINGA