Krityk yn it koart:
Alde wyn dy't noch pearelet
Poëzij en proaza fan Eeltsje Halbertsma. Blomlezing út syn wurk. Mei ynlieding en oantekeningen fan dr. J.H. Brouwer. Zwolse drukken en herdrukken voor de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden nr. 34. N.V. Uitgeversmaatschappij W.E.J. Tjeenk Willink, Zwolle, 1958.
Alhoewol't der fan tal bledsiden oan proaza mear as twakear safolle yn stiet as oan dichtwurk, hat prof. Brouwer yn de titel fan syn blomlêzing dochs de poëzij foaropset. Dat is grif net tafallich, hwant foar elke lêzer fan Eeltsje Halbertsma komt ommers de dichter eerst. Dizze Halbertsma hat by syn lêzersfolk altyd foar alles de tekstdichter west fan in rige romantyske sangen dy't mienskiplik bisit fan de Friezen wurden binne. Dat docht yn dizze útjefte ek wer bliken oan Brouwer's kar. In kar dy't gjinien him forbetterje soe. Fan de fjirtjin apart steande, dus net yn proazastikken bifrissele gedichten, binne op syn minst tsien lietteksten. Mar de oare fjouwer hjir opnommen Eersen, lyk as In friesche Simmerdeij of Op Anna's dead, kin men jin likegoed as sjongfers foarstelle, wylst in ballade as De Lieke-blommen yn en bûten de Lege Wâlden by guon âlderein ek as sang bikend wêze moat.
Dat strykt ek mei de bidoelings dy't Eeltsje Halbertsma mei syn poëzij hie. Hy woe sjonge en sjonge litte. Sels yn it foarwurd ta ien fan syn proazaforhalen riedt de biis syn publyk oan: ‘en dy it net lêze kin, moat it sjonge’.
Is it hjir fortsjinwurdige ferswurk dus Frysk mandegoed wurden, dêrmei is net sein dat it opnommen proaza ta it skandegoed biheart. Yn de omstavering fan de bisoarger - in sinnich wurkje, hwant hoefier mei men gean? - en yn de typografy fan Tjeenk Willink wurde stikken as De Noarger Rú;n of De Jonkerboer suver wer as nij foar jin.
Nij is yn dit geef en mar ryk forsoarge boek ek de fotografyske werjefte yn hânskrift fan twa fan Eeltsje syn brieven oan broer Joast. Mei it út oare wurken wolbikende portret fan D. de Hoop en in facsimile fan Geale Sliepke yn syn earste redaksje meitsje hja de yllustraesjes út fan dizze karlézing.
Apart en aerdich is ek dat Brouwer de tekst fan de Dútske sangen dy't model stien hawwe foar De Boalserter Merke, Deagraverssankje, Nije Widzesang en de Quickborn-oersetting Jounfrede hjir mei ôfprinte hat. In tekstanalyse fan dizze ‘forfryskingen’, it opsmiten dus fan de fraech ynhoefier't Halbertsma him, bihalven troch de sjongwizen ek troch de thematyk en de wurdkar fan syn Dútske originelen biynfloedzje litten hat, jowt de skriuwer him hjir net yn. Mar nou't de teksten sa kreas njonken inoar steane kin elke lêzer dy't dêr bistek op hat sels mar oan it forgelykjen gean.
De eigentlike blomlêzing wurdt enkadrearre troch de Ynlieding (17 bls.) en de Oantekeningen (28 bls.). Yn de earste jowt Brouwer in koarte gearfetting fan libben en wurk fan syn objekt. It hat der fan, dat Brouwer alles dat der foar en nei oer de dichter-dokter skreaun is, mei sin lêzen en oardere hat. In fortsjinste is dat de eigen