De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 88]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 89]
| |
net tsjin, binne it allegearre meiinoar iens en hâlde har oan it wurdboek, dêr't de wurden yn bitsjutte hwat hja bitsjutte en neat oars. Dieses heiszt Hund und jenes heiszt Haus. Oh, hwat gnize dizze minsken, hwat ha har wurden in wille, as bliken docht, dat in dichter him to fier bûten de ôffreding weage hat, dy't hja mei har wurden ôfpast hawwe, en yndie ûnsin sprekt, as wie er oansketten. Sjogge jim nou wol, jûchje har wurden, hwer't it hinnegiet? Fluch grypt in journalist syn ball-point en skriuwt yn ien nacht in bondel eksperimintéle poëzij. It biwiis, dat hjoeddedei sybe hakkenkruk in skriuwer en jan griemer samar in dichter wurde kin. It arrivisme fan it eksperimintalisme. Ik wit net, ynhoefier't jelle de jong biwust in eksperiminteel programma fordigenet. Ik kin my foarstelle, dat er party eksperimintélen sympathyk fynt en wol oan de oare kant graech oannimme, dat er him mei it wurd eksperiminteel, dêr't eltse himsels respektearjende dichter en essayist syn eigen útliz fan hat, net sûnder mear identifisearje wol. It is syn goed rjocht, lykas it it goed rjocht fan de kritikus is en stel fêst, dat dit poëtysk debút binnen it troch de eksperimintéle poëzij skepen klimaet ûntstien is. Binnen it klimaet dus, dêr't de lêste tsien jier yn hollân yn bisocht is nije diminsjes oan it wurd to ûntfytmanjen, it byld ta syn oarspronklike, polyvalinte status werom to bringen, de magy fan it fers op 'e nij wier to meitsjen, de idele rykdom fan in abstrakte skientme yn to wikseljen tsjin de hurde konkretens fan in lichaemlik en ierdsk bilibjen en de lyryk to sjongen fan it protest. In stikmannich tafallige merktekens, dy't net folslein hoege to wêzen om dochs it klimaet oan to tsjutten, dat ik hjir op it each ha en dêr't jo smit yn it jannewarisnûmer fan de tsjerne sokke dúdlike dingen oer sein hat. Merktekens ek, dy't men, yn elts gefal hwat har programmatyske kant oanbilanget, yn dizze bondel sûnder lang sykjen weromfynt. It wurd as poëtysk thema. De jong skriuwt:
de wurden binne draken
dy't ik fleane lit
mei in klute moude oan 'e sturt
En oan it bigjin en de ein fan dit fers, dat draekfleane hjit:
alle doomnys sjogge efterom
as ik troch de buorren fyts
en de wurden hifkje op 'e wyn
In oar foarbyld, dat men ek, as men wol, mei de polyvalinte of symboalyske funksje fan it byld yn forbân bringe kin: | |
[pagina 90]
| |
it alphabet is muorrefêst
myn poat sil gatten slaen
de letters sille fjûrstien wurde
en de tondeldoazen fan sonnetten
sille lizze op it jiskeplein
Ek de magy ûntbrekt net. In magyske tekst hjit it folgjende, net ien fan de minste fersen út de bondel: | |
Us heit seit:
bern
gean allinne
nei it hinnehok
juster wie it ek net tsjuster
smoar de slangen om dyn fuotten
swij de kûgels út dyn ear
spij de fûgels út dyn strôte
gean allinne
nei it hinnehok
juster wie it ek net tsjuster
bern
De théoryen oer it konkrete en it ierdske binne de skriuwer likemin foarbygongen. Men fynt der yn de hiele bondel de spoaren fan werom, wylst de jong ek bisiket de lyryk to sjongen fan it protest. Ut 'e pas hat er syn bondel neamd en yn it fers armada seit er fan syn poëtysk konfoai:
myn fersen binne smelle fiskersboaten
fan rebelske geast
har mêsten lizze ûnder de kanonnen
fan publike mienings
hja falle oan op skip pen fan tradysje
mei de seilen heech
en rame yn in fûle kanonnade
stikken út 'e boaijem
De bidoelingen binne goed. Jelle de jong wol wol, hwat de hjoeddeiske dichter yn it algemien ek wol. De boaten fan syn fersen wolle graech op de tradysje ynrame, útsein it skip fan de eksperimintéle tradysje, dat trochfarre mei sûnder intere to wurden. Dêr is op himsels neat op tsjin. It is mûglik en skriuw binnen dit klimaet, dêr't de wurden har hwat frijer yn biwege kinne ass yn de twadde keamer of it rono-programma, | |
[pagina 91]
| |
gaedlike fersen sûnder folle persoanlikheit of originaliteit; fersen, dêr t de wurden yndie fan út 'e pas rinne en op 'e nij posysje kieze. Men hoecht it jannewarisnûmer fan maatstaf mar to lêzen, om goede fersen tsjin to kommen, dy't lykwols har poëtysk materiael allinne ûntliene oan hwat oaren folbrocht ha. In dichteres as ellen warmond is sa'n filtuer, dy't mei help fan it materiael fan oaren in goed fers skriuwe kin en men kin yn 't algemien de stelling fordigenje, dat gjin dichter om syn foargongers hinnekomt. Grif hjoeddedei net, nou't in fers net folle kostet en yn pocketedysje to krijen is, sadat eltse letterfretter bihalven syn shagdoaske in stikmannich eksperiminten yn de Mise hat. By jelle de jong lykwols bliuwt it by goede bidoelingen. Men kin dy bidoelingen sympathyk fine, men kin se ôfwize, as men fan obe postma of inne de jong hjit, it docht der yn dit gefal neat ta. Ik haw gjin fers fine kinnen yn dizze bondel - om by it lêste foarbyld to bliuwen - dat ek mar yn de fierste fierte de linichheit ha soe fan in smelle fiskersboat, dy't it skip fan de tradysje yndie in raem forkeapet. Nim in fers as fleane op ierde, dat sûnder mis dy bidoeling hat. It fortelt my allinne, dat wy' yn in spikerbroek rinne; dat dat ‘the progressive form’ is yn tsjinstelling ta dy fan oaren, oantsjutten mei ‘hja’, dy't to swier binne, net fleane kinne en har wjokken yn de himel en har kop yn de groun ha. Ik sil net ûntkenne, dat in poëzij fan de spikerbroek of fan de strúsfûgelminske mûglik is. Ta de wurden fan de generaesje mei de smelle boksen hat de moderne dichter suver noch gjin tagong en hwat de kop-yn-degroun-stekkers oanbilanget, de dichters, dy't genôch ûnder de oermacht fan it kliché lit ha, om har ûnmacht mei poëzij biswarre to moatten, binne spitigernôch ek tin siedde. Jelle de jong lykwols set allinne in swart-wyt-skema foar jin del, dêr't er fierder neat mei docht en suggerearret in protesthâlding en in iroanysk bilibjen, dy't yn it fers net wier wurde. Dêr komt by, dat de bylden yn it fers neat dogge en inoar foar in part útslute. It wurdt yn it fers net oannimlik, dat it ‘yn in spikerbroek rnnen’ mei ‘fleanen’ eat to meitsjen hat, wylst ek de sin: ‘har wjokken lizze yn 'e himel’ de saek net opklearret, mar fortribelet. Dit hie in fers wurde kinnen, dat is alles hwat men sizze kin. Forskillende bylden troch inoar hinne sjitte litte, kontrasteffekten binutsje en it wurd op it skerp sette fan in oare bitsjutting, is noch hwat oars as dizze pseudo-poëtyske tizeboel. Itselde nochris mei oare wurden: in fers as fleane op ierde kin men alhiel bigripe, leit jin anatomysk dúdlik foar eagen, wylst in goed gedicht, eksperiminteel of net, altyd in | |
[pagina 92]
| |
marge hâldt fan ûnbigryplikheit, dy't gearhinget mei syn poëtyske wearde. In fers as fleane op ierde makket my likemin wizer as ûnwizer. It komt net boppe de persoanlike, goede bidoelingen fan de skriuwer út, dy't mar hwat praet en syn yn- en ¬tfallen op papier set, as wiene hja al gedichten, omdat jelle de jong se opskreaun hat. Ik sil it gedicht, dêr't it hjir om giet yn syn gehiel sitearje. | |
Fleane op ierde
wy geane fierder yn in spikerbroek
dat is the progressive form
hja kinn' ús net keare
hja binne to swier
hja kinne net fleane
har wjokken lizze yn 'e himel
of by de uno
koartwjokke strûzen binne hja
hja hawwe de kop yn 'e groun
hja knipe de eagen ticht
wy binn' it publyk en wy laitsje
wy fiere krystfeest yn in spikerbroek
Ik ha der de romte net foar, mar as men de fersen yn dizze bondel neijer ûndersykje soe, dan soe blike, dat dizze dichter suver gjin nije bylden ta syn foldwaen hat. In inkelde kear, lykas bygelyks yn de midden fan it sitearre fers US HEIT SEIT, slagget it him eefkes en suggerearje in oare réaliteit, dy't, kombinearre mei in nayf wurdgebrûk (‘gean allinne nei it hinnehok / juster wie it ek net tsjuster’) in poëtysk effekt hawwe kin, sokke mominten komme mar komselden foar. Hja bliuwe poëtysk materiael, rjochtfeardigje net de útjefte fan in bondel en binne krekt goed genôch foar de portefeuille fan ien, dy't fersen skriuwe wol. Jelle de jong rint meastentiids sa kreas út 'e pas, dat syn wurden like neatsizzend binne ús de termen fan dyjingen, dy't mei harsels ôfpraet ha oant har dea y n 'e pas to rinnen. As de jong mar eefkes oars rint as in oar, fielt er him al dichter. It biwiis leverje de meastentiids neatsizzende konklúzjes fan syn fersen, dy't suver altyd oan de ein as in lege moalpûde yninoar sakje. ‘it wie in erotyske dream / dêr praet men net oer tsjin in oar’, einiget it fers ûnrein. En yn poppen fan gips, dat slim tradysioneel bigjint, mar yn it forrin fan it fers in nijsgjirrige, hast toorop-eftige sfear wit op to roppen, wurdt alles wer bidoarn troch de lêste rigels: ‘syn holle | |
[pagina 93]
| |
soe falle fan it skodzjen / dat mei net yn in etalaezje’. It kin bêst wêze, dat soks net mei yn in etalaezje of dat yn it formidden fan de jong oer erotyske dreamen swijd wurdt, mar as dat sa is, dan moat de spanning, dy't dat meibringt, op de iene of oare wize y n it fers nei foaren komme. Binnen it eksperimintéle klimaet hat jelle de jong fersen skreaun, dy't nij lykje to wêzen en oars wêze wolle, mar dy't foar fierwei it greatste part gepraet bliuwe, om net to sizzen ôfwaeid praet. De iennige fraech, dy't dizze bondel my stelt, is, hoe't it mûglik is, dat soks útjown wurdt. It litterair of kritysk talint fan de fryske útjower wol ik it net oer ha. Yn dit lân fan litteraire earmoed en poëtysk analfabetisme is men wol twongen dy syn goede bidoelingen to respektearjen, mar as marten brouwer yndie biweard hat, sa't yn ien fan de foarige tsjerne's stie, dat jelle de jong de greatste fryske dichter is fan nei '45, dan is marten brouwer de greatste nul, dy't der sûnt dy tiid op kritysk mêd yn fryslân ompanderet. Forabsolutearje ik it eigen oardiel? Hoe't ik it mei mysels ek oerliz en oerlein ha, ik ûntkom net oan in like banale as ienfâldige forklearring. Yn in litteratuer, dy't minder iepen stiet foar it eksperimint, it nije en de avant-garde, as jo smit yn syn niisneamd essay ha wol, wurdt de suggesty fan it eksperimint al field as eat posityfs. Yn in litteratuer, dêr't de tradysje oermachtich hearsket mei of sûnder help fan biweging en folklore, hat de opposysje genôch oan de simpelheit fan de ûntkennende hâlding. Hja sil net op it idé komme kréatyf wêze to moatten, omdat de tsjinstanners elts kréatyf bisykjen al lang oerjown hawwe. De perioade yn de fryske litteratuer, dy't letter faeks bikend stean sil as ‘de tiid fan it administratyf geskrep’, dêr't de tydskriftredaksjes en bibletheekbistjûrders like warber yn binne as ûnfruchtber, kin allinne mar holpen wêze mei in jongerein, dy't it net oandoar en stean op eigen fuotten. Guon sille faeks spytgnyskje, omdat in bondel fan in quatrebras-man net biantwurdet oan de avant-gardistyske pretinsjes fan dy ploech. Hja forsinne har, omdat hja noch leauwe yn de sin fan hàr tradysje, en forjitte, dat út 'e pas yn de takomst wis wol in nuttich effekt hawwe kin. Al wie it allinne mar, omdat it tsjinje sil as biwiisstik, as ûnmisber dokumint foar de man, dy't him der meikoarten ta sette sil en skriuw in nekrology fan de fryske litteratuer. |