De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] J. Dotinga: Hijum jit mannich kear bin ik dyn tsjoen passearre bin dwers troch dyn sletten iepenheit tein dyn huzen bin in koar dat sunich rûzet mids bou en greiden wurdt it dizich wei dyn tsjerke in dirigint om alles yn bistjûr to hâlden it lykwicht mei net steurd de huzen net forsille wurde it stiet op himsels en dochs is it ien mei har syn eachweid hoedet de ienfâld trou en âld Vorige Volgende