De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 77] [p. 77] Durk van der Ploeg: - nou't it ijocht iepen giet op de sliepen fan de joun is de dei in woune op it wetter wurdt it lân in fiere swerfstien dy't de kleuren fan dit seizoen fordielt op it skelet fan 'e nacht. de op eachlingte wytwiuwende hân wurdt legindarysk lyts yn de tsjelk fan it lok en de tiid stiftet in net to neamen koartswurd yn 'e mûle fan it forlies. [pagina 78] [p. 78] Prinsegreft I de dei leit metael op it wetter as sêfte muzyk dat troch de parken swevet melancholyk en blau it byld fan de frjemde frou toevet teantslend by de grêft hweryn sêft beammen groeije as greate aquarellen. II de nacht brekt blau op it wetter fan 'e prinsegrêft nou twinge sêft pinsieljend de eagen fan in frou en oer de glêzen stêd slacht mankelyk it liet sa wurdt de nacht in bêd sa wurdt de dei fortriet. [pagina 79] [p. 79] Konsert it ljocht leit op 'e tafels ré en tekent tsjin de muorren figueren as fisken yn 'e sé ik lês sabeare partitueren kwant alle noaten lykje op fûgelpoaten. Sniepop mei dyn hannen winterkâld mei eagen fan bern oertsjûgjend en boartsjend mei dyn hiele fantasij út snie in minske boetsearje mei eagen en mûle fan antrasyt en earen - omdat se dochs al dôf binne - fan fjûrféste blaublomme diggels jow him in blanke stel in ruten pet en in stiennen hert. [pagina 80] [p. 80] Fleanende fisk de moanne riidt de nachten oer de sé fisken lizze nimmensré op 'e floed fleane op de ûnrêst fan it floed rimpen mei it krimpen fan 'e wyn it noarden yn. - ik kear my stadich fan dy ôf forienlâldigje myn ankels yn de tegels ik rin de stêd yn har forbân en skein mysels yn alle spegels mei de nellen fan dyn hân. Vorige Volgende