| |
| |
| |
Hein F. Faber:
Underskept yn de romte
Neffens myn birekkeningen bin ik Mars nou foarby. Net, dat ik der folle fan fornomd ha, hwant op myn loaitsskermen hat neat to sjen west. Ik ha Mars dan ek fier genôch mijd om gjin flecht to forliezen yn it swiertekrâftfjild fan dizze planeet. Skielk hoopje ik alris hwat to sjen. Dat sal lykwols noch wol efkes oanhâlde en ik moat mar bisykje sa goed mooglik de tiid troch to kommen. It is al nuver, dat myn tinzen ynpleats fan yn de takomst to dwalen almaroan weromgeane nei earder tiden.
Dat is eins al bigoun doe't ik ôfsette fan de ierde. Mei in flecht fan sawn gravitearen bin ik de romte ynkeild en wie dan ek yn in omsjoch bûten de swiertekrêft-gurdle fan ûs eigen planeet, sa to sizzen los fan de kade, en sylde it ûnbikende tomjitte.
Sa'n fiif, seis ieuwen lyn sylden de sélju fan Europa it ûnbikende tomjitte. Hja wienen bang op de wetters dêr't foar harren noch nea immen fearn hie en dêr't ûnbikende gefaren wankten. Dochs sylden hja út en ûntdieken de wrâld fan doe. Ik far ek it ûnbikende tomjitte en ik wit ek net hokker gefaren my bidriigje kinne, mar ik sal de wrâld ek ûntdekke; de planeten dy't driuwe yn it hielal as de eilannen yn de wrâldséën. De sélju fan doe hiene min ofte mear fatale aventûren mei mûnsters fan de sé en ek moasten hja har mar rêdde mei de oare gefaren dy't op har loerden. Hwatfoar gefaren my bidriigje yn de djippe romten, ik ha der gjin foarstelling fan. De kâns dat myn skip lek slein wurde sil troch in meteoaryt, is sa lyts, dat ik der gjin rekken mei hoech to hâlden. Soe it al barre dan komt de ein troch it weifallen fan de synthétyske atmosfear sa hommels, dat ik der doch neat fan fornimme sil. Né, dat gefaer tel ik net.
De ûntdekkers fan earder troffen frjemde, wylde folken, dy't oars wienen as harsels, mar faken wie it ienichste forskeel de kleur fan de hûd. En al mochten dy folken wyld wêze en ôfwikende libbensgewoanten hawwe, dochs wie dat allegearre noch wol nei to kommen. It wienen minsken op 't lêst. Mar hwat sal ik oantreffe op de eilannen yn de romte-oséaen, op de planeten? Earder wie der eins allinne mar it forskeel yn temperatuer. It wie der waermer of kâlder en ek wolris frij gelyk. Ik tref eilannen, as ik se tref, dy't forskalle fan dampkring, fan druk, fan temperatuer, mar dan mear as de graed- | |
| |
mannich forskil op ierde. De âlde séfarders koenen wiken en moannen farre sûnder ea in skip to moetsjen, mar op 't lêst seagen hja dochs wer oare fartugen. Ik kom tige bislist net ien oar romte-skip tsjin en al soe dat sa wêze, ik soe it allinne mar fornimme kinne oan myn yndikators.
Fansels, wy hawwe ien ding foar. Wy witte, hwer't wy de eilannen sykje moatte; allinne.... ik wit net krekt hwat ik dêr fine sil.
Sjoch, en hjir wolle myn tinzen perfoarst net fierder gean. Dat sit him fansels yn myn mentael-training. Wy romtefarders meije ús gjin forskrikkingen foar de geast hesje dy't der noch net binne en dy't miskien nea komme sille. Eltse dei hat genôch oan syn eigen kwea. Dat is ek al in âlde wiisheit, as't my net mist.
Ik ha it hjir oars gâns better as dy eardere sélju. Dy hienen it ûnderweis in ûneindich stik minder mei har heal of hiel bidoarn iten, har ûnsmaeklik drinken, har fierstento nauwe koaijen en neam mar op. En suver de hiele reis troch waerden hja sa op en dei en hinne en wer smiten, dat hja earst wer wenne moasten oan it gean op fêste groun. Yn myn skip is gjin biweging, hwant fan it gyro-mekanisme dat foar de kunstmjittige swiertekrêft soarget, merk ik frijwol neat. Hwat dat oangiet koe ik likegoed yn in hûs sitte. Fan de ûnbidige flecht is neat to fornimmen en it skip koe likegoed stil lizze. Oan de ynstruminten sjoch ik wol oars. Dêr kin ik ek op sjen hoe fier ik fan de ierde, myn thúshaven ôf bin en dat net allinne troch it kalkulearjen fan it tal mille-kilometers, mar de wiere distânsje, hwant stel dat ik om de ierde sirkelje soe, hwat fansels net sa is.
Ik fiel my de Columbus fan de djippe romten, útgien om nije wrâlden to ûntdekken. Ik sil de earste wêze dy't foet oan lân set op in oare planeet. Fansels is it hiel goed mooglik, dat ik net oan lân komme kin, mar dan sil ik it yn elts gefal fan tichteby bisjen op myn 360 graden loaitsskermen en sil ik it fan alle einen en kanten fotografearje. Sa kinne de omstannichheden der net wêze of dat moat altyd slagje, omdat myn kamera's útrist binne mei materiael dat gefoelich is foar alle trillingen boppe de gehoargrins. It hat nou gjin doel om ien en oar yn to skeakeljen, hwant ik driuw midden yn de romteoséaen. As der hwat to sjen is sil myn mechanyske eachwacht my wol warskôgje, wylst it automatyske brein fan myn skip der wol foar soarget dat ik net tsjin in meteoryt of in planetoyt oanbats. Dat is ek mar goed om't mei de flecht dêr't ik mei troch de romten gean de minsklike réaksjes to stadich gean.
| |
| |
It is hjir dochs wol slim iensum. Der bart neat en der sil neat barre foardat ik oan myn doel bin. Dat wie earder op sé dochs oars. Hja seagen de sinne op en ûnder gean, it dynjen fan it wetter, de skaden fan de wolkens oer de weagen. Ek libbene wêzens of fleanende fisken en kopketûmeljende brúnfisken en dolfinen. Hjir.... neat.
Hawar, dat heart der by. Ik moat der mar net oan tinke, dan falt it wol ta. Yn elts gefal is der lektuer genôch oan board. Dêr kin ik my alhiel oan jaen, hwant der is neat dat my der by weihelje kin; gjin minsken, gjin minskesoargen, gjin tinken oan de dei fan moarn.
't Is frjemd, mar dochs wol it lêzen net. Ik ha mar oanienwei it gefoel dat der immen is dy't nei my sjocht. It koe om my wol wier wêze.... allinne it is ûnbisteanber.
Ring.... ring.... ring....
Minsken, hwat wurdt ik dêr heislike kjel, nou't samar ynienen de eachwacht skillet. Of ha ik it my forbyld? It kin net.... hjir kin neat to sjen wêze. Of altomets in klip yn de romte? Ik skeakelje de loaitsskermen yn.... neat. Miskien in steuring yn.... neat. Miskien in steuring yn de streamlieding. Fuort kontrolearje ik de ynstruminten. Alles yn oarder.... frjemd. Nou goed, mar der is neat. Ik gean der wer noflik foar sitten en nim myn boek wer op. Dochs sit de skrik my noch yn de lea. Dat is net sa as 't heart, hwant myn optieding wie der op birekkene, dat soksoarte fan dingen barre koenen en jit gâns slimmere. Krekt it oerwinnen fan it elemint fan it ûnforwachte, fan it net bisteanbere, is der yn hammere. En fan it earste it bêste ûnforwachte barren jaget my it hert. Lokkich bikomt it al hwat, mar dochs kin ik net al myn oandacht oan de lektuer jaen. Lykwols, nou't ik it goed analisearje komt dat net omdat ik sa kjel waerd, mar omdat ik it gefoel ha dat it ûnbisteanbere bart en dat der immen sis dy't my bignúft. Ik bisykje my alhiel op myn lektuer to konsintrearjen, mar it fielen dat der immen by my yn it romteskip is wurdt hoe langer hoe sterker. Ik sjoch op....
Rjocht foar my oer sit in man. In man dy't my bikend foarkomt en dy't ik dochs net ken.
Wol forbaesd! Myn fantasij is sa sterk dat dy my in libben minske foar eagen tsjoent. Hwer moat dit mei my hinne.... ik bin noch mar krekt ûnderweis en nou al hallusinaesjes.
‘It binne gjin hallusinaesjes’, seit de man. ‘Nim my net kwea, dat ik jo steur yn jou lektuer. Mar ik woe wol efkes mei jo prate.’
Dit giet my dochs to fier. Ik sjoch him en ik hear him. Binijd
| |
| |
bisjoch ik de man dêr foar my oer. Kreaze forskining yn in kreas habyt. Koe sa út it rút fan in moadewinkel weistapt wêze. Alles likegoed forsoarge. Hwat dat oangiet koe it wol ien fan de beau garçons fan de televysje-film wêze. Ja, fansels, dêrom komt er my sa bikend foar. Dy hawwe allegearre in bulte fan inoar wei. In konfeksjeminske.
‘It is gjin ynbylding fan jo dat jo my hjir sjogge en hearre’, seit de man, ‘ik bin hjir werklik. Wol is dizze foarm myn gewoane net, mar foar myn doel de meast gaedlike. Sa kinne wy prate as minske tsjin minske.’
Dit is sterk. Ik moat der om laitsje. Hy kin der net wêze.
‘Wy ha jou reis efkes ûnderbrutsen’, giet de man ûnforsteanber fierder, ‘en wy ha jou skip salang ûnderbrocht yn ús sammelskip. Wy fleane op dit stuit mei krekt deselde flecht as jo, mar daliks sille wy jou masinen útskeakelje. Sjoch mar ris nei jou mjitters.’
In kâlde huver giet my oer de lea as ik de triljende wizers stadich nei it nulpunt sakjen sjoch. Allinne de nudle fan de flechtmjitter kliuwt stadich noch hwat omheech.
Nou kalm bliuwe. De kop der by hâlde. Dit giet net mei bikende middels om en ta, mar hja my leard om it forstân koel to hâlden as der dingen as dizze barre soenen.
Ik moat út hwat de man sein hat wol opmeitsje dat myn romteskip troch in great ynterplanetair fartúch opslokt is as in fiskje troch in snoek en reizgje nou, sa to sizzen, yn de mage fan it mûnster. Mar ek al soe dat sa wêze, hoe komt dan dizze man yn myn skip? Hy kin dochs net troch de stielen húl komd wêze?
‘Dat bin ik al’, seit de man mei in glim om de mûle.
Kalm bliuwe! ‘Dat hat grif in hiel kerwei west’, siz ik luftich.
‘Foar my net’, seit de man. ‘Soksoarte stoffe is foar ús gjin bihindering, al liket it jo hwat frjemd ta.’
‘Hiel frjemd’, jow ik ta, ‘ierdebiwenners soene dat net kinne.’
‘Dat bin ik dan ek net’, glimket de man, ‘mar dat mei foar jo gjin reden wêze om jo oerstjûr to meitsjen. Wy hawwe faker ûnder de minsken forkeard en witte moai krekt harren dwaen en litten. Sadwaende wit ik ek, dat it jo hwat ûngewoan foarkomt dat ik hjir foar jo oer sit, mar der binne by uzes sa'n soad dingen dy't jimme frjemd talykje soenen. It minskdom i s dochs noch tige primityf.’
‘Der binne grif sokken by’, siz ik hjit. Dy superieure toan haget my net. Dizze man, of hwat it dan ek is, hoecht der hielendal net to wêzen. Hy kin bêst dizze uterlike forskinings-foarm op myn netflues projektearje sûnder dat hy by my yn
| |
| |
it skip is. En dan, om mysels primityf neame to litten giet my fier genôch.
‘Dêr binne net oars as primitiven’, forfettet de man evenredich, ‘der is op syn heechst in gradueel forskeel. Jo meitsje jo al luik oer dy opmerking fan my. Sa is dat by de minsken, de primitive driften sprekke, net it forstân. De rede wurdt mar al to graech útskeakele op alle libbensgebiet. O ja, hja witte in bulte, kinne in soad, binne sels, lyk as jo nou, al los komd fan de ierde, mar der ha har noch nea by myn witten wêzens yn de romte bijown, dy't der sa min foar útrist wienen as de biweners fan de planeet Ierde. Der kin neat komme of hja binne forlegen. Nou ja, it minskdom is ek noch tige jong. Miskien hat it earder by uzes ek wol sa west, hwa sil it sizze, mar dat is dan al langer lyn as it libben op ierde âld is. Jimme binne net ienris safier, dat jimme sûnder biskerming yn it wetter forkeare kinne (en dêr binne jimme noch wol út fuort komd), noch sûnder helpmiddels yn de loft. Jimme masinen kinne mear as jimme sels, dy't jimme net ienris biwege kinne bûten de eigen dampkring.’
‘De greate drukforskelen binne net oer to kommen foar hwat foar foarm fan libben dan ek’, siz ik wijs.
‘Dêr binne jo mis mei en dat witte jo sels ek wol. Om by tige bikende ierdske feiten to bliuwen: hoefolle djipséfisken bygelyks komme net geregeld oan de oerflakte en hoefolle spintsjes ha se net oantroffen yn de stratosfear. Dat soene jimme net fortoane kinne. En dan de temperatuerforskelen. It is foar jimme samar to kâld of to waerm. Krekt yn it middenmoatsje kinne jimme tiere.’
‘En dochs bin ik hjir....’
‘Wis, ik wit hiel wol dat jimme jimsels op it boarst slane en sizze: wy hawwe de natuer oerwoun, mar it lytste toarnderke en de meast gewoane mosk kinne hwat jimme net kinne. It wie better as jimme jimm' alhiel oanpast hienen.’
‘Wy sille ús der stadichoan wol by oanpasse’, siz ik. ‘Us lichaemlike evolúsje hat sûnt de ûntjowing fan de spraek net folle mear to bitsjutten hawn, mar de evolûsje fan de geast hat ús de helpmiddels jown dy't wy as libbene wêzens to koart kamen. Dit hat ús de hearskippij jown oer alle oare organismen op ierde.’
‘Sa is 't al, mar de geast hat him slim iensidich ûntwikkele. Dochs ha der guon west dy't wierliken great fan geast wienen en dy't oanjoegen hokker kant as it út moast. Lykwols, hja pasten net yn jimme systeem en binne al sûnt 2000 jier krusige.’
‘Ik wit wol hwer't jo sa smeulsk op doele, mar it moat jo
| |
| |
ek bikend wêze dat in great part fan it minskdom harren bisiket nei to folgjen.’
‘Grif binne der dy't dat mei ynmoed bisykje. Dy kant moasten jimme allegearre op, mar sa as it nou stiet wurde hja net teld en hawwe alhiel gjin ynfloed op de gong fan saken. As it jimme tinken west hie, hienen wy nou net in driuwend boadskip foar de ierde. It boadskip fan 2000 jier lyn hawwe jimme alhiel net forstien. De geast is hingjen bleaun yn barbarisme, wylst jimme al weet krigen hawwe fan kearnenergy. Fiersto ier foar jimme ûntjowing.’
‘Mar dêrtroch binne wy dan dochs mar yn steat om de gebieten to eksplorearjen dêr't skielk in part fan it minskdom hinne moat. Wy binne nou al ryklik machtigernôch.’
‘Fiersto machtich’, jowt de man flotwei ta. Jimme ha it sels net ienris yn de hân om it tal to bipalen, mar dat hâldt noch net yn dat de biwenners fan oare, ek foar jimme biwenbere planeten, der fuort oan ta binne om ierdebiwenners op to nimmen. Hja helje dan ek noch al hwat yn. Sa'n bêsten is de minske net mei syn ivige fordylgingssucht. Né, wy sjogge net nei jimme út.'
‘Wy ha de lânnen fan de ierde ûntdutsen en bifolke en wy sille de lânnen fan it hielal ûntdekke en bifolkje’, siz ik wis.
‘Arrogant binne jimme bûten roai, mar jimme krije nou net to dwaen mei wêzens dy't ûnbiskaefder binne as jimme, mar mei in slach wêzens dat ûnbitinklik folle heger stiet.’
‘Wy sille fan harren leare.’
‘Dêr binne jimme noch net ryp foar. As jimme earst lichaemlik en binammen geastlik ta de romte wend binne, soe dat miskien kinne. Yn 't foarste plak sille jimme gâns greater fan geast wurde moatte, sa as dyjingen dêr't ik niiskrektsa op doelde. Hoe is it nou? Jimme hawwe kunde krigen oan ien fan de greatste energyboarnen en it is nou safier, dat it iene part fan de iedebiwenners it oare dermei yn de stokken hâlde moat. Wy moatte mar ôfwachtsje hoelang't dat har slagget. Hja binne krekt as har bern dy't boartsje mei de eksplosiven foun op de plakken dêr't earder striid wie. Hja ha der gjin aen fan dat hja harsels en in oar dermei forneatigje kinne.’
‘O, mar der wurdt troch ús spesialisten wol op tasjoen.’
Hwer wol dizze nuvere prater op ta? Wy kenne dochs sels wol de gefaren fan de H- en A-bom?
‘Dat sil ik jo sizze hwer't ik op ta wol. Wy moatte út reden fan selsbihâld op jimme tasjen, lyk as jimme deskundigen op de bern. It ynteressearret ús alhiel net dat de minsken harsels forneatigje wolle, mar wol, dat hja harren planeet út elkoar
| |
| |
barste litte. Wy binne, sa to sizzen, buorlju en as jimme hûs útelkoar slacht kin uzes ek meigean, alteast skea krije. Dêrom sille wy, as dat nedich wêze mocht, yngripe. Wy kinne better in deade planeet ta buorman ha as ien dy't gefaerlik foar ús wurde kin.’
‘En hwerom sizze jo dat tsjin my? Hwat kin ik deroan dwaen?’'
‘Jo kinne trochdwaen hwat jo nou witte’, andert de man. ‘Jo ha by einsluten bûten de ierde west en binne dêrtroch in tige útsûnderlik man dêr't de hiele wrâld acht op slacht.’
‘Hja sille mi útlaitsje en roppe: hwat soenen hja der oan dwaen kinne as wy mei kearnenergy oarlogje wolle? Neat!’
‘Wy kinne der alles oan dwaen. Allinne soe it ús muoije in ein meitsje to moatten oan it bistean fan wêzens dy't har krekt bigjinne to ûntjaen. Wy steane alhiel net fijannich tsjinoer oare ûntjowingen. Hie dat sa west, it minskdom soe al net mear bistien hawwe. Wy kenne de bigripen: bigearte, hate en fijânskip net, mar wol it bigryp selsbihâld. Dêr sil de minske rekken mei hâlde moatte.
‘Wurden’, siz ik, ‘wurden’s.
De man glimket. ‘De minske kin net bûten de sûrstof fan syn damkring; wy kinne der mei en der sûnder. Wy ha it wetter yn ús weefsels, dat erfskip fan de sé, al lang ôfskaft en spatte wier net útelkoar as wy yn in vakuüm komme, lyk as jimme. Jo witte eat fan strielings-energy...... wy efkes mear.... Dêr sille wy it mar by litte. My tinkt, de kar kin foar jo net swier wêze. Jo en al jou meiminsken kinne der inkeld mar by winne. Geane jimme elkoar mei kearnwapens to liif, en wy gripe net yn, dan is it yn koarter of langer tiid dochs mei jimme ôfroun. Lykwols wy gripe al yn en dan giet de forneatiging fan it minskdom allinne hwat gauwer en hwat radikaelder. Kin, mei troch jou krewearjen, dizze ramp tofoaren komd wurde, dan krije jimme de kâns om jimme sa to ûntjaen, dat de minske geskikt wurdt foar de romten en de stjerren.’
Sliep ik nou en dream ik? It wol my net oan. Ofsjoen fan de ûnmooglikheit dat hy der wêze kin, is alles hwat de man seit moai logysk en yn goed forbân. Neat gjin brike dreamsprongen dertusken.
‘Jo binne klear wekker’, seit de man.
‘Jou telepatyske jeften binne tige ûntwikkele’, siz ik.
‘Och’, seit hy igael, ‘jimme sille ek grif noch wolris safier komme, dat jimme de breinûntfanger ynstelle kinne op de trillingen fan in oar syn stjûrder. By jimmes witte hja sa njonkenlytsen ek wol, dat tinzen elektryske streamstjitten
| |
| |
binne, al neame wy dat ek efkes oars. It is foar my like ienfâldich om jou tinzen to sjen en to hearren as foar jo om in televysje-útstjúring to folgjen. Mar wy ha genóch praet. Ik gean wer nei myn eigen skip.’
Hy giet oerein en flijt himsels deun tsjin it stielen lewant, sa dat der nearne in plakje is of by roert it metael. Dan is 't krekt as wurdt er hurd tinner, as waerd by mei in gleone strykbout yn it lewant strutsen.... en dan is er fuort.
Ik kin noch altyd net útmeitsje oft ik dream of net. It liket my sa ta, dat de hûd fan it romteskip eat forkleure is op it plak dêr't ik de man fordwinen sjoen ha. Om wissichheit to hawwen gean ik der hinne en stryk der mei de hân oer. Gysten lûk ik myn hân werom. It plak is gleonhjit.
Dan ha ik net dreamd. De reade plakken op myn hân, dy't stadich ta blierren oanwaekse, wize wol oars út. Der moat in enoarme energy-omsetting pleats hawn ha om it stiel sa hjit wurde to litten, hwant ommers it moat noch folle hjitter west hawwe, omdat alle waermte, troch de hûd fan myn skip opnomd, daliks yn energy omset wurdt.
Nou't ik der moai wis fan bin dat alles hwat him hjir ôfspile hat werklik bard is, bigjin ik my ek better myn tastân to réalisearjen. Sûnder mis ha ik bisite hawn fan in fleanendeskûtel-man. Fansels, de fleanende skûtels binne de lêste decennia sa faken sjoen, dat wy mei it byld derfan wol aerdich fortroud binne. Lykwols is der by myn witten noch nea ien fan dy wêzens dy't de bimanning fan dy frjemde fartugen útmeitsje, op ierde sjoen. Dochs moatte hja der faken west hawwe, to fornimmen oan de man dy't by my op bisite west hat. Ynienen wurdt it my klear hoe oft it komt, dat hja nea sjoen binne. Hat myn bisite net sein.... ‘al is dizze foarm dan ek myn gewoane net. Sa kinne wy prate as minske tsjin minske.’
Hja kinne dus de foarm oannimme dy't harren it gaedlikst foarkomt. Mar dan hienen hja dochs sels dat boadskip wol op ierde bringe kinnen? Nou ja, elkenien soe harren fansels útlake ha as hja sein hienen fan in oare planeet to kommen en binammen as hja har boadskip oerbrocht hienen. It hie dan nei alle bitinken net by laitsjen bleaun.
Lit dat sa wêze, mar hoe moat ik der mei oan? Moat ik weromgean nei myn thúshaven of moat ik myn reis forfetsje? Ik sjoch nei myn ynstruminten. As ik my net forsin sil ik yn dizzen sels gjin útslútsel hoege to jaen. Myn oandriuwmasinen arbeidzje net en dochs jowt de flechtmjitter in greatere gong oan as myn raketten my jaen kinne. Dan moat myn skip noch
| |
| |
yn ‘de mage fan de snoek’ wêze.
Hwer giet dit op ta? Myn ôfstânmjitter wiist it wol út. Werom nei de ierde, alteast de ôfstân ta de ierde wurdt geandewei koarter.
Wer krij ik it gefoel dat der immen by my yn it skip is en tagelyk in hiel sterke ympuls, dy't my hjit my net om to draeijen.
Ik wit, dat ik dit net út mysels wol, mar dat in oar my dat oantwingt. It hearde by ús training om soks útmeitsje to kinnen. Ek hearde der by om datjinge, dat men sels wol, troch to jaen oan de krêften fan it ûnderbiwuste, foardat de ynfloed fan bûten alle eigens fordriuwt. Ik kin my net omkeare en dochs moat ik witte hwat dêr efter my is. Mei al de krêft fan myn wil set ik myn forstân yn de nulstân. Stiel en heakken skine yn myn brein slem to wurden om de delgong fan myn biwust-wêzen op to kearen. It is oft ik mei great gewelt hinne en wer skuord wurd yn de romte tusken it tinken en it neat. De macht dy't fan bûten ôf myn wil stjûre wol is bûtenwenstige sterk. Mar ik wrakselje mei al myn geastkrêft en myn biwust tinken glûpt út myn holle. Fuort foldocht myn lichem oan it bifel fan it ûnderbiwust-wêzen en kear ik my om....
As ik wer ta mysels kom, steane forskate officials en leden fan it personiel fan de romte-haven om my hinne. Allegearre stoarje hja nei my as ik heal oerein kom, as wie ik in bysûnder televyzje-byld. As ik al dy eagen sjoch, komt my alles wer yn 't sin. Soe ik dan dochs dreamd ha?
‘Ha ik fuort west?’ freegje ik ûnwis.
Nimmen seit hwat.
Wer freegje ik, foars nou: ‘Ha ik fuort west?’
Myn freon, de opliedings-ynstrukteur, stapt op my ta en sjocht my ûndersykjend yn de eagen.
‘Ja’, seit er dan, ‘dou hast fuort west’.
‘Hoe kom ik hjir dan?’
‘In greate skûtel hat dy hjir ôfset’, seit er. ‘It greate skip striek hjir dei as in fûgel, roerde hiel efkes de groun en wie op slach wer fuort. Yn in omsjoch wie er net mear to sjen.’
De hân pimpert my. Ik sjoch der nei. Greate blierren en stikjes fel dy't der by hingje.
‘In kop as in meeps’, lûsterje ik, ‘as in meeps’.
Yn it ûnmjitlik koarte tiidsbistek, neidat ik my omdraeide en foardat ik delsloech yn de swarte djipte, ha de linzen fan myn eagen dat nuvere stal yn myn geast fêstlein, as in kameralins in byld op it gefoelich materiael. Dat wûndere spjochtige wêzen mei de kop fan in meeps. Klear sjoch ik op it byld yn
| |
| |
myn geast de triljende antennae.
Swijend steane de oaren om my hinne. De ynstrukteur barnt syn loaits djip yn myn eagen. Hy seit ek neat. Hy bisiket út to meitsjen oft myn geast noch soun is nei de romte-aventûren, dêr't hy gjin weet fan hat.
Hwat sil hy, hwat sille de oaren sizze as ik harren it boadskip trochdoch? Hja ha sjoen op hokker wize ik werom komd bin út de romten en hja sille my dochs leauwe moatte. Mar sille hja dat dwaen of tsjin better witten yn útdrage dat myn geast steurd is? De minsken wolle perfoarst net rêdden wurde. Yn de arsenalen is it meast forneatigjende materiael opslein dat ea op ierde west hat. Mar sil ik harren derfan weromhâlde kinne om it to brûken ek al ha ik it boadskip meikrigen út de romten? Gâns leaver fleach ik mei ûnbidige flecht tusken de stjerren op wei nei in doel dêr't gjin werom fan mooglik is as de minsken in boadskip bringe to moatten ta har eigen heil. Ik fiel my as Jonas dy't werombrocht waerd nei de minsken dêr't syn taek lei. Ik wit, nou't ik foar in greate opdracht stean, dat geastlike evolúsje och sa stadich giet. It wie in faei aventûr twatûzen jier lyn om de minsken it boadskip fan leafde en fordraechsumens to bringen en dat is it nou noch.
|
|