De Tsjerne. Jaargang 14
(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 66]
| |
De hillige Theresa
Hie ik in flam yn d'iene hân
en d'oare hold it wetter fêst
ik stick de himel yn 'e brân
it hellefjûr waerd fan my dwêst
oant ider ta syn ivich heil
de Heare stil syn wêzen brocht
en joech men 't hert út leafde feil
dit net de éigen eare Bocht...
| |
Teltsje
In wife pater
giet de nacht om yn it fjild
de loft wurdt grien
it gers jowt Ijocht
de wrâld dy is yn goeije hannen
mar hwer't de moanne op it wetter stiet
in sulverreager oan 'e reidwâl
spoeket it gemien -
de stobbewylch dy hat in saterkop.
|
|