De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 65] [p. 65] [Nummer 3] Geart Jonkman: By in portret Har glimk is breed en it ûnthâld, de nawlestring fan al 't forline, forriedt it goede mannichfâld en lit it tsjoede gol fordwine - Har eagen hâlde stil forbur gen it forskil mar sûnder kamûflearjen de sterk bislipe bril is swakker as har wil him to romantisearjen - Hja glimket en dat is him hjoed sa goed al ken er har fan dit portret to let hja glimket en dat is him hjoed ta moed... hy hat himsels net har forret hàr net. Vorige Volgende