Nijs ut de tydskriften
It moanneblêd It Heitelân hat meidield dat de útjowerij Het Witte Boekhuis yn 1959 trije Fryske boeken útjaen sil yn in saneamde Heitelân-rige. Dat binne: in berneboek De wite fôlle fan Willem Brouwer jr., De brulloft fan de muonts fan Conrad Ferdinand Meijer, oerset troch fr. W. Brouwer, en in detektiveroman. * It tydskrift quatrebras hat it forskinen dit jiers noch oankundige fan in fersebundel fan Ella Wassenaer: reade runen. * Geart Jonkman hat de stok by de doar set en soarge foar in variant op de bikende dichtrigel fan (de jonge) Fedde Schuren: ‘Dy deis sil ik gjin dichter wêze...’. Yn Lyts Frisia (dêr't ûndertusken juffer W.L. Zyl.stra as redaktrise it plak romme hat foar mr. M. Oosterhout en drs. Teake Hoekema) hat Jonkman kategoarysk de forklearring ôflein: ‘Mocht der in nije stavering komme, dan bin ik gjin Frysk skriuwer mear.’ By in nije stavering forliest it folk syn lêste bytsje bitrouwen yn de eigen tael, is syn bitinken.
FREARK DAM