ynspiraesje, dêr mankearret it de measte skriuwers net mear oan.
Mar mei it útwurkjen fan it motyf, de opbou fan it stik, it dramatisearjen fan de stoffe wiist it gâns minder. It is net allinnich sa, dat de skriuwers to folle tsjin de transpiraesje oansjogge en har to maklik fan de útwurking fan faken treflike idéën ôfmeitsje, it mankearret har ek noch fierstofolle oan ‘fakkennis’. It liket ús ta, dat de ynternasionale toaniellitteratuer - binammen de moderne - de measte Fryske toanielskriuwers hwat ûntkomt. De Ljouwerter Harmonie hat mear kunde oan regisseurs en spilers as oan skriuwers.
It is ek hielendal net sa, dat de skriuwers, dreaun troch dy tsien persint ynspiraesje, ynienen sà heech gripe, dat it ûnderwerp har boppe de macht giet. Under de stikken, dy't wy hjir neame sille, binne guon dy't mei hwat roear linigens en feardigens skoandere, ûnthjittende oanwinsten fan de Fryske toaniellitteratuer wurde kinnen hiene.
In foarbyld dêrfan is it stik In man to folle fan Ype Poortinga en Barend van der Veen. It is, yn forbân mei ús útgongspunt, in hwat nuver gefal dat dit in produkt is fan twa skriuwers, dêr't fan bikend is, dat de iene foar de idéën en de oare foar de útwurking soarget. It sil wol net sa wêze, dat hja de ynspiraesje en de transpiraesje krekt yn de forhâlding fan ien ta tsien forpart hawwe, mar, as wy de fraechpetearen yn de kranten leauwe meije, dan is it dochs sa, dat - lyk as by de oare stikken fan dit twamanskip - Poortinga de yntrige bitocht hat en it stik sèls troch Van der Veen skreaun is. En dan is it lyk as mei suver alle nije Fryske stikken: mei it ûnderwerp wiist it gâns better as mei de útwurking.
Yn In man to folle is der in boekhâlder, dy't, om it syn faem nei 't sin meitsje to kinnen, in soad jild brûke moat, folle mear as er fortsjinnet. Hy fynt in útwei troch yn de leanadministraesje fan it bidriuw, dêr't er by wurket, in arbeider op to nimmen, dy't yn wierheit net bistiet, De arbeider komt yn de kaertebak en de boekhâlder strykt dy syn lean op. De skriuwers bihelje letter de arbeider, dy't net bistiet, sèls ek yn de hanneling.
In kostlik ûnderwerp foar in geastich, satirysk stik. Der hat lykwols tusken de man fan it idé en de man fan de útwurking earne in koartsluting west. It stik is gaedlik, it is spylber, it is - om it mar ris mei smout Frysk to sizzen - ‘lang net wei’, mar it hat net de geast, de esprit, dy't it ta hwat bisûnders meitsje koe. De net bisteande arbeider komt, ynpleats fan hoeden en elegant yn de hanneling ynfierd to wurden, mei de klompen yn it spul; hy is in stik wurklikheit en syn opmerkingen binne sokke as ‘Ik tochte: dit wurdt bargebiten, mar it roun goed ôf.’
In oar nij stik fan dit twamanskip, De reade fyts, is as blijspul ek net wurden hwat it, rekkene nei de mooglikheden, wurde koe. It hat der folle fan, dat binammen yn it komyske genre (der is fan Van der Veen en Poortinga ek noch it stik Op klompen yn it spul, dat it Lyts Frysk Toaniel op it repertoire hat) dizze beide skriuwers elkoar net lizze en dat it Frysk toaniel der mei tsjinne wêze soe as hja beide har eigen stikken skreauwen. It mei dan op praktyske grounen gaedlik wêze, dat hja elkoar foun hawwe, op artistike grounen binne de biswieren great.
In nije skriuwer as W. Chr. Duba docht it op syn ientsje en hy hat yn Skroeide flerken (troch it Ljouwerter Toanielselskip opfierd)
en Ut 'e pas wol aparte ûnderwerpen, mar by him jildt wol tige it