Op it harspit:
‘Quatrebras’ forhellet it
In pear wike lyn is fan it artistyk jongerenblêd quatrebras dan dochs it 7e nûmer fan de 4e jiergong forskynd. Al set de redaksje it tiidrekkenkundich dan hwat op in sêft sin, sa'n nij nûmer is dochs in teken dat dit tydskrift, dat it okkerjiers op 'e dea ôf helle hat, sa njonkenlytsen wer op 'e (Amsterdamske) kluten bigjint to kommen.
It nûmer bifettet in briefwiksel tusken frater W. Brouwer en Jo Smit oer publisiteitskwestjes en it skriuwen op ûnderskaet niveau fan ienselde persoan. Nijsgjirrich wol om de problematyk dy't der yn oeralhelle wurdt sûnder ien fraech op to lossen, nijsgjirrich ek om't de geastige setten de kweekskoallelearaer diskear liniger ôfgeane as de radio-manager. Fan twa redakteurs, Lambert Mulder en Marten Brouwer, binne skôgings opnommen. De earste iepenet in artikel-rige oer it binearjend thema Kristlik leauwe en atoombewapening; de lêste jowt in essay oer Sjochfersen en harkfersen, in fortsjinstlik bisykjen om de dichtkunst út in each fan konsumearring op to spjalten yn in visueel en in audityf genre, al lit spitigernôch de skriuwer dy ûnderskieding sterk skematisearjend gearfalle mei in oarenien, ntl. ‘experimintéle’ en ‘tradisionéle’ poëzij. Fierders jowt dit nûmer fersen fan Steven de Jong, oerset dichtwurk fan Horst Maschner en in tekening fan Janmurk de Vries.
Tige spitich is it, dat de quatrebras-redaksje de wansmaek oan it wurd litten hat troch in pseudo-poëtysk nifelprodukt as dyn teannen op to nimmen. Dizze op 'e gatsjepanne sâlte flauwichheit is dúdlikerwize bidoeld as in persiflaezje fan in fers dat ûnder de titel dyn hannen foarkomt yn de debútbondel fersen foar marida fan Tjitte Piebenga. Spitich is ek dat de poëzijskeiner dy't hjir oan it kladzjen is, him forskûlet efter de namme Sierd Siebenga, in pseudonym dat in variant wêze wol op Piebenga, mar ûngelokkigerwize tagelyk suggestjes opropt, as soe Sybe Sybesma de auteur wêze, hwat jin min oan wol.
Nou is de parody in litterair byprodukt mei bisteansrjochten. Men kin sels, lyk as ik, sljocht wêze op parodistyske kolderpoëzij, mar dochs sil de bidriuwer dêrfan him earst goed ôffreegje moatte hwer't de grins leit fan it talitbere. Persiflearring fan in gedicht ûnderstelt twa dingen: a) it origineel is in wanprodukt dat oan 'e kaek steld wurde moat; b) it is troch âlderdom of klassikens ûnoantaestber. De wize hwerop b.g. Fedde Schurer de Jounbea fan Gysbert Japicx ris omparodiearre hat ta in spotfers oer Kneppelfreed kin by my wol troch de mesken. De klassike skientme fan dizze sapphyske ode wurdt der net fan oantaest.
Dy âlderdom en klassikens hat it fers fan Piebenga net. Dyn hannen is in iepenhertich en tear-erotysk gedicht, ien fan de bêsten fan in jong dichter, dêr't men lykwols net mei smoarge hannen oan komme moat. Om sjen to litten dat dat hjir wol bard is, wurde beide teksten hjir njonken inoar set: