mystike resignaesje fan Rilke forbynt him hjir oan de vitaliteit fan Walt Whitman, de dichter foar hwaens Leaves of Grass Spanninga de greatste biwûndering hat.
Whitmanniaensk fan foarm mei wiid útsaeijende rigels binne ek de beide, yn de bondel in apart plakje ynnimmende fersen Moeting en Oerjefte. Lyk as yn Brief fan Don Juan út in eardere bondel wurdt hjir de erotyk bisongen op in masterlike, breedskilderjende wize. De fersen litte yn har bylderykdom en soms yn har wurdkar - ‘hwa komt dêr oer de klingen op ús ta?’ - tinke oan it ûnfolpriizge Heechliet út it Alde Testamint. It is greate erotyske poëzij dy't hjir skreaun wurdt, mei fan de greatste leafdelyryk dy't der ea yn ús âlde tael skreaun is, al lijt de twadde helte fan Oerjefte ûnder in to lange en to forstânlik útrutsen metafoar. Men kin der frede mei hawwe dat de lokken fan de leafste forgelike wurde mei ‘de moanjes fan in sierlik hynder’; men kin jin ek de minnaer foarstelle as ‘de greatske ruter dy't it ride sil’. Mar as dy ruter yn de folgjende rigel ‘streaket it glânzjende bihang’, dan rûkt dat lêste wurd my to folle nei it hynstestamboek. Gelokkich sil men sokke konsesjes oan ús agrarysk idioom, dy't it forhevene omleechtriuwe nei it triviale, by in dichter as Sjoerd Spanninga net folle tsjinkomme.
As der ien dichter-pur-sang yn Fryslân is, dan is it de skepper fan poëzij lyk as dizze. Spanninga skriuwt fersen mei ynset fan syn hiele persoanlikheit. Hy hat syn libben oer foar it dichterskip, weaget syn libben dêr oan, om't er leaut oan de ûnmisbere funksje fan it dichter-wêzen, ek yn in wrâld dy't ûnwennich en fijannich stiet tsjinoer syn muze. Dat mei foar him in hâlding út needsaek wêze, in moedige hâlding is it ek. Los fan alle tydlike moade-goarren sil dit útsûnderlik talint syn gong gean en noch jierren produktyf bliuwe.
Yn de Encyclopedie voor Friesland stiet Sjoerd Spanninga oankundige as ‘journalist en vertaler’ en dat noch wol ûnder in ûnbikende skûlnamme: Jan Dijkstra. It moat dúdlik wêze dat dizze litterair oars sa bitroubere ensyklopedy hjir forkearde foarljochting jowt. Hwa't dy dubieuze kranteman en oersetter Dykstra is ynteressearret gjin minske. Mar de dichter Sjoerd Spanninga sil nou en yn de fiere takomst elkenien ynteressearje hwa't de Fryske dichtkunst nei oan it hert leit. Wy wachtsje mei spanning op Spanninga's folgjende bondel, dy't al wer yn hânskrift klear lizze moat. Och, dat dizze Jakob it hûs fan Laban net wer sawn jier hoegde to tsjinjen om de bigearlike Rachel to krijen!