De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 51] [p. 51] Tjitte Piebenga: - - in baen fan dagen nuodliker as alles nauwer as juster en moarn djipper sûnder ien kâns de ein net witte it bigjin net kenne yn de selde stappen trochgean en wurgens mei tinzen machteleas yn bisit jinsels drage as lêst de dei as in sel sletten en bange lammens tusken hjoed en moarn - - forwachtings fen foar ien ôfskriuwe wurklikheit biwize oan wurklikheit en omskeppe ta kenbere foarmen mar stom bliuwe ûnder de stommen ûnmachtich tobekfalle sûnder in werom mei in liif fol bange earnst bistean bidjipje ûnkundich fan alles en sûnder krêft dit is it nou wurdt sein [pagina 52] [p. 52] - - neaken oant de tried fan de folwoechsenheit de boaijem fan de earnst sichtber yn alle gebearten en bitter yn it skelet de deikleaune opnimme en lam ôfwine wurgens dy't nestelet tusken de dieden en as in lyk allinne lit by jinsels moarn steiler tobek kin net fierder skouwe fierder bang yn alle gewrichten sûnder to witten hwerom wurdt net sein hoe noch minder en alles alles swier yn hjoed Mem mei bern foar helga biwegen yn de rounte fan de earmen de tiid stûket yn it brutsen blau en efter dit witten ûnsizber earne in lyts laitsjen picasso [pagina 53] [p. 53] Klown trompet gniist de tromme skuort gerdyn midstwa: de klown seachmoal banen stof yn floodlight publyk oerein as in hoanne kriúskeëagen holle skean lege snuten tusken hynstekeutels trompet dy't troch de romte snijt publyk dat nou de bisten krijt Dichter doe hat hy - yn syn greatens - it wurd skepen en brutsen yn tûzen lytse diggels yn syn greatens wist hy net dat oan de diggels in pine bilune [pagina 54] [p. 54] Koloryt hwant ik bin swart ik wit it net der rinne tûzen iepen fregen troch al myn dieden al myn dagen o dei hwer is myn hân myn hert oer minsken giet de selde sinne strang yn it selde stelsel del mar elts bliuwt yn syn eigen sel en nimmen stapt oer grinzen hinne hwant fan de iene op de oare dei wurde wy djipper mear allinne en nimmen dy't hwat leafliks sei hwant wy bin swart en wyt wy rinne elts foar himsels de selde wei de iene kin de oar net winne Fossyl it liet dêrst ta forstienne bist leit konsekwint yn print bisletten folslein bianderstû de wetten fan omslach romte en fan list it lettertyp dyn passepartout fers de útslach fan dyn plannen en bistû frjemd noch fan it hoe dû leist omtein foargoed oan bannen wy binne net komplemintair fossyl út earder perioaden frjemd tiidskema út grize oarden en bliuwe beide atomair de ôlwiking yn de liguer binne dyn hannen myn struktuer Vorige Volgende