by dizze pleats hearde... sen dochs mocht er de frou wol lije, altyd al!
- Ofpraet, waer of gjin waer, moarnier bring ik dyn sinten! Dochs bleau hja stean dêr't hja stie, liet him net troch de doar. Mar de hân mei de lantearne der oan trille suver...
- Doch dy doar nou op...!
- Hwerom sa hastich; ik wol forstannich mei dy prate...
- Ik bin net forstannich, ik bin nidich op alles hjir... ik woe, de hiele boel soe ôfbarne, ik woe...
- Bist' dan ek nidich op my?...
- Ja... né...
- Né of ja?...
- Né! En lit my nou troch...
- Ik mei dy lije, Jarich... ik, ik wol net mear sa allinne!
Sa't hja dêr stie: in moaije jonge frou, ré ta alles hwat hy faeks nimme woe. Mar hja wie ien mei dizze pleats en dit gea dat him útspuid hie. Hy stiek in hân nei har út, syn lange fingers krampen har om it iene skouder, doe't er frege:
- Doarst mei my oer 't greate wetter? Nei in nije wrâld? Kinst' hjirre alles forlitte en forjitte?
Hja kime en koe de triennen net keare: - Ha 'k my nôch net genôch oanbean? De tekkens fan myn bêd lizze opslein foar dy... moat myn poppe dan yn in frjemd lân opgroeije?
- Oan de oare kant fan it wetter is in arbeider yn tel - bliuwt it fanke hjirre omhingjen en kriget hja mei de tiid in boer op 'e side, dan sil hja him meistimme as dy in arbeider fan 't hiem skopt lyk as har heit it die.
- Né, siz dat net, siz it net... ik, it is alles noch sa farsk...
- Jow myn jas oer en doch de doar op!...
It ûngans fan de kou dy't pas kealle hie plofte mei in klap yn 'e groppe. De frou waerd der kjel fan en fleach mei de lantearne nei it bûthús. Jarich die de skuorredoar op en waerd wei yn it tsjuster fan de nacht.
Yn de dûbele wente sliepten de arbeiders noflik yn de weach by de frou; de fyts stie noch by 't stek; it reinen wie ôfsakke; in skyltsje moanne seach sa nou en dan troch stikkenwaeide wolkens, mar de polderdyk wie noch glysterich, it wie oppassen.
De oare moarns yntiids stie de frou foar de doar by de âlden fan Jarich. Hja waerd mei de biwende ûnderdienichheit ynhelle fan Jarich syn mem. Jarich lei noch op bêd - hy waerd fuort fan syn mem roppen. Linich kaem er fan de souder, dy lange sloarm en sei yn nachttenu de frou goemoarn.