De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] Sjoerd Spanninga: Delta De nacht sjit fol geheime tekens it libben sjongt de dea in fiere fluit men hat it kwea forspile by de lytse lusten en 't goede wer genoaten fan de dei lykwols íén suver amerij bloeit jin de geur fan kamperfoelje soms tomjitte dan pûlje út 'e bast opnij de beammen harren skamte bleat hwant troch forhoalenheden dûke de bigearten del wylde fûgels lûke hja de geast oer iepen einekoaijen sa wurdt de piip de ûnskuld sels najaden sjocht men efter reiden matten en it weelderich strewel de eagen blier fan boartsjen dat mannich pylger lâns de polderpaden lit dêr gol en graech syn pij om minsken is nou frede spegeling fan ljocht hja makket har kontoeren sulverskier al rint it ûnderein op bokkepoaten of yn geitefel noch tusken dyk en slyk mar 't wetter floeit de himel kin men net mei sloaije in springtij ljept de sé aenst foar de kust en de rivier delta fan de greate stilte tilt net de stjerren machtich it gewei. [pagina 43] [p. 43] Iselmar In wjokslach fan de dyk is 't wetter dampich fjûr dat earne libbet yn 'e loft pûr sinnedize de skippen driuwe hjir op stilten dy't men lang forgetten waende griissulverich fan sfear de netten steane yn in ûnbisiele wrâld noch skier fan skimeringen mar in ûneindich en wiidsichtich glânzjen giet âl mear syn gongen en wint aenst wol in klearte hwer't de kym foar wykt de ierde hat it antlit fan de himel dizze moarn sa treastelik forduldich is har swijen hjoed skildert de natûr har masterstik it rêsten fan de romte en de tiid in ivich ljocht dat blinkend en biskûle wazemt út de wolken sykhellet hja it eigen wêzen wiis trochskinend op sjineeske side de geast dy sjocht de dingen yn it hert. It rabbelemint Jawisse, 'k kin fan dij wol spuije dóú leist de neilen hwat to druijen en speakest dij de luije lea op 't mesthok foar it deistich brea ik bealigje fan ier oant let lykwols dyn fuotfaech bin ik net sjoch nei dyn broer op nij guiné hjir bleau er altyd de risée mar bij de wylden wie er thús hja fielden wol dy heart bij ús [pagina 44] [p. 44] nou sit er yn de fûgelkop en slacht er dêr foar master op of om in oaren-ien to neamen en dij noch better ôf to seamen tink oan de sus fan jouke bier dy't troud is mei in marinier hja seach bij dij it spark wol dwalen dou libbest' inkeld fan forhalen mar dizze man is bij de pinken hij hat de jas fol gouden finken sa'n frommes hie hwat fan dij makke dan soest net bûten 't potsje kakke hwant hiest neat foar de bern to bikken hja sloech de biezem op dij stikken hawar 't hat net sa wêze meijen dat hja it reau krig' en de leijen 't is ivich sûnde fan de sinten dy't men spansearret oan studinten wij bodders ha der krom foar lein hjá jachtsje mei de jongerein en ride yn in sjike sjees fan acht p.k. nei de sjinees en dy set har in lekker miel mar ik sjoch alle bearen giel hwer moat dat hinne mei dy kluchten bin ik allinne goed foar suchten dou hast mij nou genôch formotte en meist der fierders sels foar wrotte ja krij mar net in tapsk gesicht it is op 't lêst myn djûre plicht om dij it bêste foar to hâlden al bist in lider fan dyn âlden it jowt foar ús soart folk gjin foech oerdwealsk to swetsen yn in kroech of gean op sjou mei pierewaeljers dy't dounsje om de oargeldraeijers en leafst bij fyftjin froulju lizze hwat mei de boargerij wol sizze!... - Vorige Volgende