| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Wes wiis mei wetter
De opsichter by de I.W.G.L., de hear Piter Stufkens, ûnder hwaens taforsjoch Skylge op 'e wetterlieding oansletten waerd, soe âldjiersmoarn normael op 'e boat rekke wêze as de forpakking fan de haedbuis ûnder Midslâns net loslitten hie. Sûnder dat lek soe er mei syn kreas jong wyfke, en syn beide rûbels fan jonges, âld en nij yn alle frede en freugde fierd hawwe. Plicht gyng Stufkens lykwols boppe it wiif, dat moat ta syn eare sein wurde, en fangefolgen krige frou Stufkens, ynsté fan de bigearde man, it minderbigearde telegram fan him thús. Hwat ik der fan wit sprongen har de triennen yn de eagen, mar hja stie op dat stuit ek sjalotten ta to meitsjen dat alhiel wis bin ik net. Yn alle gefallen, hoe't de slach har ek treffe mocht, sa fûl en feninich net as him, hwant hjà wie yn har eigen hûs mei de bern en hy stie lykme allinnich yn 'e frjemdte. Dêr kaem by dat hy, as dy Skylgers him in heal kertier earder waskôge hiene, de boat royael helle hawwe soe. Nou stie er dêr op 'e steiger, de boat amper de haven út en omtrint to biroppen. Mar ja, it wetter tusken him en de boat wie to breed en to djip...
Wês wiis mei wetter, bromde de opsichter synysk en hy foege dêr inkelde wurden oan ta dy't ús leaven hear him ûnder oare omstannichheden net gau forjown hawwe soe. Machtleas en forbiten seach er de boat nei oant dy it Skûtegat yndraeide. Doe roun er nei 't postkantoar, forstjûrde in telegram en sette nei syn kosthûs mei it foarnimmen oant iterstiid ta op bêd to krûpen. Dat soe der ek fan kommen wêze as de kostfrou him net sa lykmoedich to witten dien hie dat der de oare moarns - notabene fjouwer-en-tweintich ûren letter! - wol wer in boat op Harns fear. Hwat er it minske doe taboldere moat hjir om 'e goede sede forswijd wurde; lit my folstean mei to formelden dat der in rút fan de foardoar sneuvele, ear't de hear Stufkens nei de herberch fan Nap snuorre. Yn 'e herberch - dit moat hjir fêstlein wurde mei 't each op syn superieuren - yn 'e herberch bistelde er sljochtwei kofje. By it twadde bakje krige Stufkens de nuvere gewaerwurding dat mei it sakjen fan syn wrok it fortriet omheech kaem. Kofjedrinkende waerd syn ellinde greater en dêrmei ek syn selsbigreatsjen. Mar it aldernuverste fan 't gefal wie wol, dat it him goed die. Hy krige hwat langer hwat mear forlet fan leed en ellinde en sadwaende seach er himsels fannijs op 'e
| |
| |
steiger stean, de fuortfarrende boat foar eagen. Doe't er minsklikerwize dat leed ta it ûndraechlike opfizele hie, stelde er him de toloarstelling en it fortriet fan syn beide jonkjes foar. Forbûke fan smert helle er him dêrnei syn kreaze jonge frou foar de geast.
Hy seach har stean mei it telegram yn 'e triljende hannen, hy seach hoe't hja har langút op 'e divan falle liet en skouderskokte fan it skriemen. En dan... dan seach er har yn 'e nachtklean op bêd, de nachts fan âld op nij. Har hearlikjonge mûtelheden leine dêr omdôch en har frisse reade mûle flústere omdôch syn namme... By dy lêste foarstelling friet it leed fan alle wâllen: Wyts har ûnbistoarne widdousteat, syn widnerskip, it bigreatsjen en it machtleas bigearen oer en wer, de haet tsjin it wetter dat harren skaette en it wetter fan 'e wetterlieding dat dêr ta meiholpen hie. Kofjedrinkend loege de opsichter it iene leed op it oare oant er gjin kofje mear sjen koe.
En doe die de man in ding dat men fan in opsichter by de I.W.G.L., sjoen it devys ‘wês wiis mei wetter’, nea forwachtsje soe... hy bistelde in jongekleare. Moat ik der noch mei klam op wize dat dy bistelling dien waerd op suver fysike grounen en net op psychyske? En moat ik dêr noch oan tafoegje dat it yn alle gefallen neat mei dranksucht to meitsjen hie? Bisykje it mar ris om nei sawn kopfollen kofje de achtste troch it kielsgat to krijen!
Ik néam dizze dingen foar it gefal de nommele direkteur fan de I.W.G.L., de rju eale hear Storm van 's Gravesande - syn namme sij priizge boppe dy fan Caspar di Robles! - dit forhael ûnder eagen krije soe. De hear Storm kin op myn gesach oannimme dat syn opsichter ûnder dy omstannichheden mei gjin mooglikheit hwat oars as jongekleare bistelle koe.
Dat de hear Stufkens it net by dat earste slokje litte koe, moat sjoen wurde as de konsekwinsje fan syn mathematyske geast. De opsichter stelde nammentlik fêst dat it twadde slokje in wichtige funksje hie op groun fan it feit dat men fan gjin earste en tredde slokje prate kin sûnder it twadde ...
Om koart to gean, hy bistelde ek de tredde jongekleare en kaem doe yn 'e kunde mei in fytsmakker dy't yn syn bettere dagen séman west hie. Om't al moai gau bliken die dat de man mear niget oan de farrende as oan de fytsende wrâld hie, krige in maetskiplik man as Stufkens bigreatsjen mei him. De minske dy't gjin nocht hie oan de dingen dêr't er syn deistich brea mei fortsjinje moast, wie der neffens Stufkens ûngelokkich oan ta. It lot fan de earme fytsmakker yn him omgean littend, krige de opsichter fan de I.W.G.L. op 'en nij in eigen- | |
| |
aerdige gewaerwurding. It leed fan dy man wie in balsum foar sines en makke him gâns moediger.
Fangefolgen bistelde er de slokjes net mear by ienen mar by twaën. Syn waeksende moed sloech om yn freugde doe't er op in stuit ta it bisef kaem dat er net, lyk as dy ûngelokkige man, in Skylger wie. As Skylger soe ik my ek ûngelokkich fiele, tocht er. Dêrom naem er it initiatyf, by dronk en klonk mei de fytsmakker, hwant by wie in Fries en de man wie in earme Skylger. As it goed wêze soe dan moast dy man in earlik sémansgrêf krije, dat kaem sa'n man ta...
Nou meije guon ûnthâlders spytgnyskjend oan 'e skouders lûke om dy logika en it op 'e drank skouwe, mar ik bin ré om twa fingers op to stekken en to swarren dat it de opsichter tinken wie mei dat sémansgrêf, oars hie er it by tinken bliuwe litten en net neamd.
- Hwat seine Jo dêr?! rôp de fytsmakker.
- Dat Jo in earlik sémansgrêf hawwe moasten!
- In hearlik sémansgrêf sizze Jo?!
- Ja, en hwat gauwer hwat better.
- Hwat gauwer hwat better?!
- Ja, dat komt Jo ta, Jo en alle Skylgers. Ik gun it jimme. De fytsmakker roun blau oan en soe oerein. Mar de opsichter bûgde him nei de man en treau him wer del.
- Jo kinne it net helpe, sei er dimmen.
- Hwat kin ik net helpe?
- Dat Jo Skylger binne.
- Né, dat is sa.
- Sa'n lot hie my ek treffe kinnen, mar ik bin der foar biwarre bleaun.
- Foar biwarre bleaun?
- Ja, foar de ellinde fan it Skylgerskip. Ik bin in Fries.
- Dat wurdt my hwat langer hwat dúdliker, bromde de fytsmakker, oereinrizend.
- Moai sa, sei Stufkens, nou binne wy dêr't wy wêze moatte. De Friezen wolle de Skylgers út har lijen helpe.
- Dêr sjoch ik Jo oars net op oan.
- Ik bin ek in Fries, ik sil Jo út it lijen helpe.
- It liket my ta dat ik Jo út Jou lijen en op bêd helpe moat, bromde de fytsmakker. Hwer binne Jo yn 'e kost, by Swart, by Rijf of by Buren?
- Né, dêr om 'e hoeke, by Jort Zorgdrager, sei de kastlein.
In sprekkende namme, ornearre de fytsmakker en hise Stufkens fan de stoel. It wie de opsichter net alhiel dúdlik en dêrom sei er tsjin de man: wês wiis mei wetter. Doe liet er
| |
| |
him gewillich meinimme nei syn kosthûs en op bêd bringe...
Om fiif ûre hinne kaem er der ôf mei in foege daem yn 'e holle. It kâlde suvere liedingwetter dat Skylge oan him to tankjen hie, wie dêr krekt it middel foar. Hy stiek de holle ûnder de kraen en kaem prústend ta it bisef dat it devys fan de I.W.G.L. ‘wês wiis mei wetter’ gjin holle frase wie. De auteur fan dy wurden soe wol in knappe sigaer fan de direkteur krige hawwe en dat kaem him ek ta...
Doe't er út 'e sliepkeamer kaem seach er dat de kostfrou it miel foar him op 'e tafel sette. Hy skamme him ynienen en stammere sokssahwat as in ûntskuldiging. Och, Jort hat ek wolris in sneed yn 't ear hawn, sei de goede frou.
Itendewei stelde Stufkens fêst dat de Friezen net sterk yn it skuldbiliden wiene en dat hja ek op it stik fan forjaen en forjitten gjin masters útmakken. Né, dan wiene dy Skylgers al even royaler en greatmoediger. Sa'n frou praette nearne mear oer, en dochs hie hja, op groun fan syn hâlden en dragen, alle reden om him to forachtsjen. Dy fytsmakker soe er mooglik ek wol misledige hawwe, mar hwat die de man? Yn syn greatmoedichheit brocht er dejinge, dy't him misledige, as in broer nei hûs. In Fries soe soks nea wer forjown hawwe. Né, dan wiene dy Skylgers al even oars. It die him deugd dat er de kostfrou syn ûntskuldiging oanbean hie. Mar ja, hy wie yn de oardeljier dat er op Skylge tahoud heal Skylger mei wurden en syn namme wie ek al net botte Frysk. It ûntskuldigjen mocht him dan hwat knoffelich ôfgien wêze, men koe op 't lêst net fan 'e flier op 'e souder stappe. Dàt er it dien hie wiisde der op dat de Skylger yn him it al fan de Fries woun as de kniper op 'e skine kaem. Nou soe er op slach nei de fytsmakker, hwant hy woe it iene sagoed as it oare daelk út 'e wei hawwe. Hy frege de kostfrou hwer't de man wenne en stiek fan hûs mei de bêste foarnimmens.
Mei foarnimmens is it lykwols sà, Jo kinne dy allinne hâlde en wiermeitsje as alles neffens plan forrint. As Stufkens de fytsmakker thús troffen hie soe er likernôch dit sein hawwe: ‘Jo binne in minske, mar ik bin in Fries. Ik hoopje it lykwols nochris ta minske to bringen mar dan moat de âlde Adam, de Fries yn my, syn plak folslein ynromme hawwe foar de nije Adam, de Skylger. Forjow my dat fan it sémansgrêf en haw goede moed. De Skylger-yn-my is op kommende wei.’
Dat de opsichter fan de I.W.G.L. gjin utering jaen koe oan dy greatmoedige opstiging fan hert en geast lei him oan de fytsmakker sels. Hwant ynsté Stufkens thús ôf to wachtsjen kaem er him ûnderweis tomjitte en naem daelk it wurd:
| |
| |
- Ik soe krekt nei Jo ta, mynhear, hwant der is goed nijs foar Jo. Mei in ûre-oardeheal fart de Stortemelk nei Flyré om de loads ôf to lossen en dan kinne Jo mei.
- Hwat moat ik dêr op 'e loadsboat? frege Stufkens.
- Wachtsje op in kuster út Bremen dy't om acht ûre hinne it Fly ynfart en nei Harns moat. Helje Jou kofferke mar gau, dan geane wy yn Sésicht sitten en drinke der ien op. Wy hawwe de Stortemelk dêr op 't each.
Hwàt in nommele man, hwàt in suvere siel, tocht de opsichter, doe't er werom draefde om syn kofferke to heljen. Hwa Fries soe him ea sa útslove foar in freon, lit stean foar in fijân? Mar hy wie de man syn fijân net mear, hy fielde him Skylger tonei en neat oars. As er ea syn pinsioen helle, soe er him op Skylge nei wenjen sette, mei Wytske.
Tsien minuten letter siet er foar de brave séman-fytsmakker oer yn Sésicht. Yn de ûre dy't de beide mannen noch ta har foldwaen hiene klonken en dronken hja op alle freugden fan it libben en op 'e kade namen hja ôfskie mei de earste strofen fan it Skylger folksliet. In weardich bislút, tocht Stufkens.
Oan board fan 'e Stortemelk wist er him tusken maten, Skylgers, lânslju. Hy die elk to witten dat er in hûs bouwe soe op Skylge en ien fan harres wurde woe. Wurde woe? Dat wie er al! De Stortemelkers stimden him dat mei, ek al om't de sé kalmer wie as de nijberne Skylger. Hja setten him mei de loads op de Noardsfarder, dy't op Flyré lei to widzjen, en tuften mei de oare loads werom nei harren dreameilân. As Wytske net sa jong, kreas en hertstochtlik wie soe Stufkens mei harren weromfearn wêze.
De mannen fan 'e loadsboat wiene nammers gol en hertlik as dy fan 'e Stortemelk. Hoe koe it ek oars? Hja wiene allegearre Skylgers meiïnoar. Hy liet harren elk foar oar de foto fan Wytske biwûnderje, bigoun de lof fan de Skylger froulju to sjongen en sei dat der fierder mar twa dingen it neamen weardich wiene, to witten Skylge en de sé. Hja priizgen him yn har sjongsum Skylgersk en huften him om bar op it skouder as in gelikense, dat wie wol dúdlik, en hy rekkene him dat ta in eare.
In foech healûre letter stie er op de kuster út Bremen nei de mannen fan de Noardsfarder to wiuwen. Mei't er de bûsdoek út 'e bûse helle om't hja it oars net sjen soene, hearde er de loads sizzen oft se dy mynhear - dat wie hy - hwat op 't each hâlde woene. It waerd yn in oare tael sein, mar hy hie op Ulo en MTS genôch leard om it net mis to forstean.
Soa, dàt wie it dus. Hja tochten dat er dronken wie, dêrom
| |
| |
hiene hja him allegearre gelyk jown. Soa, just... wie dàt de Skylger sede! Nou, hy wie net dronken en dy loads koe de koarts krije. En alle Skylgers der by. In Fries soe noait sa fluensk flaeikje, in Fries soe him sljochtwei to wurd stien - en de wierheit sein hawwe as er dat nedich achte hie. Sljocht mar rjocht, dat wiene de Friezen en dat gyng der mei. Hy wie bliid dat er gjin Skylger wie. Hy gyng nei de wâl, nei Fryslân sels. It wetter tusken him en dat eilân waerd aloan breder en dat wie mar goed. Wês wiis mei wetter dat skieding makket tusken lân en eilân. Hy naem him foar oan Harns ta to swijen en dat die er ek. Doe't de kuster om alve ûre hinne foar de wâl lei bitanke er Herr Kapitân alderhoflikst. Sjesa, nou koe de man sjen dat de loads mar hwat swetst hie.
De trein gyng middennacht, dat hy hie noch omtrint in ûre de tiid. Yn Harns wie ek in Sésicht, dêr koe er wol sa lang tahâlde en in pear slokjes keapje om hwat op in oar idé to kommen. Sa, dit wie Fryslân, hy fielde it oan 'e balstiennen ûnder syn soallen, geef, hurd, oprjocht. Ek de sfear yn 'e herberch wie hjir oars, folsleiner, manliker. Yn 'e biljertkeamer rôllen de ballen krijboartsjend oer it griene lekken. Tik, tik, dy âlde dichter hie gelyk, dit alles wie Fryslân. Hy sei it tsjin de ober mar dy sei dat Harns Harns wie en Fryslân in bigryp. Sjoch, dat mocht er wol lije, dat hearde èk by Fryslân. Gjin Skylger soe it yn 'e plasse krije en siz soks tsjin in klant. Né, efternei bisjoen hie er gjin forlet mear fan it Skylgerskip. Dêr't de Stiennen Man syn eagen... ja just, dêr sille wy as Friezen swarre... rôlje, rôlje ús foarby, hurde Friezen bliuwe wy... àl sokke manlike wurden. Dêr foel ‘Skylge myn lantse’ by wei. Hoe let wie 't nou? De deale, ober! In taksy, op slach! Hy bitelle en fiif minuten letter snuorre er nei it stasjon. Ha, krekt op 'e tiid, yn 'e trein mar in kaertsje nimme...
Yn 'e trein krige er syn kreas jong wyfke foar de geast. Hwat soe hja eagen opsette, syn Wytske. Hea, har namme paste krekt op it ritme fan de tsjillen oer de lasken fan 'e rails... Wytske-Wytske-Wytske, jòw my-nòch in-lytske... Wytske-Wytske-Wytske... Syn eigen namme paste nearne op, Pyt Pyt Pyt, in domme domp, oars net. Hou, wacht, Stufkens, Stufkens, Stufkens, dat koe al. Jow my noch in snufkens, né, dàt koe net. Hwat koe der noch mear op? Tarà taràmba, tarà taràmba... wês wiis mei wètter... by Wytske slièpe, by Wytske slièpe, tarà taràmba, wês wiis mei wàmba, wês wiis mei sàmba...
Nimmen hie yn 'e rekken dat er him sa formakke, hy tikke it ritme allinne mei de skoech. Hahà, hwat soe syn taràmba
| |
| |
aenst eagen opsette. Hy soe har even oer de knibbel lizze... tarà taràmba... op 'e nije piàma... tarà taràmba, wês wiis mei wàmba... tarà dy Snufkens, hy sil dy hufkens... nou, nou, opsichter, nou net healwizer jonge, tarà taràmba... dou hàst twa jònges... dat liicht der nèt om... tarà taràmba...
Nei Frjentsjer foun er gjin oare fariaesje, mar hy hie alle wille. Yn Ljouwert koe er syn lok net mear op en hy joech de kontroleur mei sa'n foarstlike swier it kaertsje, dat de goede man it hommels op datum en ûre ûndersocht.
De hear Stufkens liet him mei de taksy thúsbringe, dat wol sizze, hy stapte twa huzen earder út. Foar hûs loek er de skuon fan 'e fuotten, stiek sa goed it woe hoeden de kaei yn it slot en glûpte de gong yn. Tarà taràmba... de éarste trime... Op hannen en fuotten kroep er de trep op. Sa, nou de twadde doar lofts... sstt... dêr hie er de klink fan 'e doar. Even harkje... hja hie him net fornommen. Sa, nou de doar wer ticht en dan it ljocht oanknippe... tarà taràmba...
Doe't er it ljocht oanknipte die er in forskuorrende ûntdekking... it bêd lei maegdelik en ûnbislept ûnder it wite sprei. Twa folle minuten hie er nedich om syn ûntdekking to forarbeidzjen. Doe seach er om him hinne. Har kimono, de moaije wattearre wynreade kimono dy't er har op 'e jierdei jown hie, hong der ek net.
De opsichter fan de I.W.G.L. Pyt Stufkens liet ien en oar yn him omgean en kaem doe ta in ûntsettende konklúzje. Syn kreas jong wiif wie... né, hy woe der net oan tinke. Hwa bliesde him dat yn de earen? Hy draeide him mei in hoart om en sei: Gean wei, Satan! Hy wist ynienen dat er meiforantwurdlik wie foar de fatale misstap fan syn wiif. Salang't er op Skylge arbeide, hiene hja mar twa sneinen nei tsjerke west. De oare sneinen hie it harren bigreate om 'e tiid. Hwerom stjûrde de direkteur hím dêr hinne, hwerom koe der net ris in oar nei dat forflokte eilân? Hwerom mocht hy allinne de wykeinen thús wêze en in oar alle nachten?
Harren houlikslibben lei oan diggels en dy earme herten fan jonges leine yn 'e keamer dêrnjonken, forlitten fan de mem en oerlitten oan har lot.
Mar hjir soe rjocht dien wurde, hy soe daelk de stêd yn, by de herbergen lâns en as er har earne speurde dan koe hja der mar op rekkenje dat...
Hy wie it noch net mei himsels iens hwer't syn wiif - syn earder wiif! - op rekkenje koe en dêrom strûsde er by de treppen del om syn skuon oan to dwaen. Syn libben wie for- | |
| |
neatige mei ien slach. Hy waerd ynienen sà mislik en fielde him sà ellindich, dat er earst nei de w.c. moast.
Hè, fordeald, hy hie net trochlûke moatten, aenst de jonkjes ek noch wekker. De Heare mocht him biwarje... hwat moast er tsjin de stumpers fan bern sizze? Dat har mem útnaeid wie? Dat hja gjin...
De doar nei de koken waerd iepentreaun en op 't selde stuit hearde er de gjalp fan in frou, syn frou. Hja wie sà wyt om 'e holle dat er forgeat har wyt en swart forwiten to dwaen. Hy wie dêr nammers ek net ta yn steat en dêrom folstie er mei to roppen: - Bistou Dêr fanke?! Hoe komst hjirre?!
Hja kaem hwat ta harsels en sei: - Hoe komstou hjirre? Ik tocht dat ien fan 'e jonges der ôf wie en de w.c. trochloek. Ik hearde it rûzjen fan 't wetter...
- Wês wiis mei wetter, sei er.
- Ik lei op it útfanhûzerskeammerke, forfette hja, ik woe dizze nacht net allinne op dat brede bêd.
- Mei my wol?
- Mei dy wol.
Hy seach dat hja de wynreade wattearre kimono oan hie en naem har yn 'e earmen. Hja forgesten elkoar it nijjier ôf to winnen.
|
|