Krityk yn it koart:
Biheind forhael
W. Cuperus, Striid en segen. - Kristlik Fryske Folksbibleteek nû. 35. A.J. Osinga N.V., Boalsert - 1958.
Is dit in libbensbiskriuwing, lyk as it troch sommigen wol oantsjinne wurdt? In folsleinen yn gjin gefal; dat moat net lykje. In iensidigen, kin men mei gâns mear rjocht sizze. Sels is it de fraech, of't Cuperus it wol as libbensbiskriuwing bidoelt. Bouke Blijstra is Cuperus, en hy is it ek net. It is de Cuperus fan 'e sosiale striid - net, mar amper of frijhwat ûnbiskiedend it boartsjende bern, de jonge mei syn maten, de feint mei it probleem fan 'e leafde, de politikus, de amtner, de skriuwer. En foarsafier't Cuperus sels yn dy aspekten en kwaliteiten àl foarkomt, is it dochs altyd wer yn it forbân fan 'e sosiale striid.
Mar wy kinne de distânsje tusken Bouke Blijstra en W. Cuperus fierder neigean. Hja is der ek yn 'e sosiale biskriuwing. Al of net mei opsetsin hâldt de skriuwer de sosiale bilibbenissen en striid fan syn haedfiguer yn it persoanlike. It forbân dêr't Bouke Blijstra noch al yn set wurdt, is dat fan it lytse formidden flak om him hinne, it formidden dêr't er persoanlik alle dagen yn forkeart. De greatere biwegingen, forhannen en organisaesjes, dêr't de arbeiders doedestiids yn striden hawwe, bliuwe fier op 'e eftergroun, komme amper yn it sicht. De greate mannen fan dy striid wurde net neamd. Hwat Domela Nieuwenhuis en Troelstra oanbilanget, is dat bigryplik; yn it doarp en de gemeente fan dit forhael hat de ynfloed fan it sosialisme, yn direkte sin tominsten, altyd lyts west. Mar likemin komt de lêzer Kuyper en Talma tomjitte; ek kriget er amper of net to hearren fan it C.N.V., wylst Patrimonium mei in tige biskieden rol ta moat. En dochs hat, as ik my net slim forsin, èn yn Patrimonium èn yn ôfdielingen fan it C.N.V. Cuperus al fan jonge jierren ôf lang en aktyf meiwurke.
Dizze sterke biheining hat skealike kanten. Hja ûnthâldt ús de folsleine minske Bouke Blijstra, en binimt ús wider en djipper sicht op 'e sosiale biweging doedestiids as biweging, dat wol sizze as mienskip- en kultuerfoarmjende faktor. Wol is Striid en segen ta de kennis dêrfan in nijsgjirrige bydrage mar it hâldt to folle in yndividueel karakter. Dêrtroch komme noch de minske noch syn striid en idéael yn it greate tiidsforbân genôch ta har rjocht, en bifrediget it boek minder as it wol kinnen hie.
Mar Dêr stiet bilangryk foardiel foar oer. Dit ienlinich oanskriuwen einliken mar op ien persoan ûnder ien aspekt, dizze biheining fan it forhael ta it libben fan Bouke Blijstra as sosiael lijer en strider jowt, mei al syn ûnfolsleinens en syn forbisûndering, it byld in oertsjûgjende konkrety. Koartom sein: it hâldt Watse Cuperus, de skriuwer sawol as de minske, yn syn elemint, en it stelt him yn steat, him hielendal mei Bouke Blijstra to forienselvigjen. Hjir docht immen it forhael fan hwat er sels kend en meimakke hat, fan de need dy't him persoanlik oan lichem en oan siel gien is, fan troch eigenbilibbe ellinde oantwongen en adele striderskip. Ik haw it oer de earste haedstikken fan it boek. Dy binne suver to direkt, op in to koarte en to