| |
| |
| |
Jo Smit:
Oer eksperimintele poezij
Ik wilde ik kon U iets geven
tot troost diep in uw leven,
maar ik heb woorden alleen,
Herman Gorter, de greate kunstner, de greate wurdkunstner hat dizze rigels dichte, dêr't de earmoed fan it wurd sa djip yn biseft wurdt. De folchoarder dy't it fers ús sa twingend opleit is: wurden, nammen, dingen. Wurden en nammen wol ik earst gearfetsjend tael neame en dy foar de dingen oer bisjen. Mei de tael is ús de mooglikheit jown de dingen op har plak to litten en tagelyk yn ús hannen to hâlden, se to hantearjen. It komt der neat op oan oft de dingen tichteby binne of fierôf, oft hja great binne of lyts, troch de tael wurde se hantearber. Ja, it kin net ienris skele oft de dingen sjenber binne, oft hja wier wol oan to reitsjen en dus yn 'e eigentlike sin dingen binne. Mar dat komt letter, it earste dat yn de tael hantearber makke wurdt binne de dingen - dêr't ek libbene wêzens ûnder to rekkenjen binne.
Dat symboalyske foarmen - ôfbylding, namme, wurd - macht jowe oer de dingen, dat bisef libbet sterk by de primitive minske. De chaôtyske, fijannige wrâld om him hinne bihearsket hy alderearst troch nammen to jaen, troch syn tael. Net allinne de natûr wol er sa oermasterje, ek hwat mear is as natûr bisiket er troch de magyske krêft fan it wurd to bihearskjen. De namme fan biskermjende machten stiet op syn amulet, de namme fan syn fijân skrast er troch. It earste wurk fan Adam is it jaen fan nammen oan de dieren. De primitive minske is net inkeld hwat út fiere kriten en út in fier forline, hy libbet yn ús en by ús: it bern.
Earst hat it widzebern noch gjin tael, mar it krijt dy mei de ûntdekking fan de symboalyske funksje fan uteringen. Sa'n poppe kin neat, kin him net út eigen biweging forpleatse of hwat ek, hy kin inkeld krite. Dat is binei net artikulearre, mar wol krekt yn oerienstimming mei de wrâld fan it bern: eigen sels, binne- en bûtewrâld lizze net-skaet by inoar. De poppe wit net oft syn ûnbihagen gefolch is fan in spjelde dy't stekt, fan in ruft dat wiet en ûnnoflik is of fan hûnger, en it anderet dêrop mei deselde skreau. Linkenlytsen wurdt dat mear differinsiëarre en ridlik gau leart it it symboalysk karakter fan de
| |
| |
tael kennen. It bigjint to wizen, en tagelyk mei it wizen nei de dingen komt it forstean fan tael, fan de namme. De namme is ek eat dat earne hinne wiist. It bern wurdt âlder, de tael ûntjowt him: it wurd ûntstiet. It wurd stiet net foar in ding yn it plak, mar foar in rige fan dingen. It wurd wiist it ding net oan, it forlangt it. Dat is alhiel in great gemak: de wrâld wurdt noch better en makliker hantearber. Wy hoege ús nearne hwat fan oan to lûken en kinne gûchelje mei it wurd sa't wy mar wolle. It wurd stelt ús yn steat ús los to meitsjen fan de konkrete wurklikheit, en dy tagelyk to hantearjen en to oarderjen.
Mei it wurd bouwe wy in wrâld op, dy't gjin dûbelgonger is fan de réaliteit, om't hja it komplekse, it tsjinstridige ek, fan de wiere wurklikheit mist, ús dêr krekt tsjin biskermet en ôfskermet; mar tagelyk is dat wurd it wurktúch by útstek om ús de wurklikheit to iepenbierjen. De tael is in finsterke fan ribbeltsjeglês dat ús yn steat stelt de wurklikheit to sjen, mar krekt net yn syn wier stal. De tael is paradoksaler as bliken docht út Talleyrand syn sizzen ‘La parole a été donnée à l'homme pour déguiser sa pensée’, hokker wierheit, dy fan de fersrigel fan Molière - dy't er fariëarre - net útslút: ‘La parole a été donnée à l'homme pour expliquer sa pensée’. Paradoksaler, hwant de tael ûnthult-en-forberget-tagelyk net allinne ús inerlik, mar likegoed de bûtewrâld. De tael stiet ús ta, minder skerp waer to nimmen.
Op in kuijer sjocht men in blom dêr't men de namme net fan wit - men knibbelet derby dei en sjocht in blom mei allegearre lytse giele bledtsjes en noch lytsere sprietsjes binnenyn ensfh. Mar wy hoege net del to knibbeljen, it is in hynsteblom, dêr hoege wy net ienris foar stean to bliuwen, dat sjogge wy ‘mei in heal each wol.’ De tael is hjirre ûnthullend! Mei it wurd binne wy ornaris mean as tofreden en abstrahearje wy fan de waernimming, sjogge wy winliken fan de waernimming ôf. Read is minder read, grien is minder grien as wy der in wurd foar witte.
Wy libje yn in wrâld fan wurden, dy't ús it sicht op 'e wurklike wrâld foar in part binimt, yn alle gefallen minder klear en helder makket, mar dêr't wy ús noflik yn witte to biwegen.
Wy libje - hieltyd mear - yn in wrâld fan tael, net yn in wrâld fan dingen. Yn dy tael wize de nammen, lyk as wy sjoen hawwe, noch dingen oan; de wurden oarspronklik rigen fan dingen. Oer dy dingen moatte wy it nou hawwe. It is dúdlik dat wy ûnder dy ‘dingen’ net allinne taestberheden forstean moatte, mar wurklikheden. Net inkeld beammen en stiennen
| |
| |
en fûgels, mar ek pinemûle, eangstme, leafde, kleur en smaek. It wurd abstrahearret fan it yndividuéle momint yn dy wurklikheden, mar tsjut se yn har algemien foarkommen oan. Mei dat ôfsjen fan it yndividuéle - dat de iennichste wiere wurklikheit útmakket - is in wichtige stap dien, hwant it is nou yn bigjinsel mooglik wurden noch mear to abstrahearjen: der hoecht alhiel gjin wurklikheit to bistean om dochs in wurd to hawwen en dêrmei to wurkjen as mei oare. Dy wurden ûntsteane net samar, né it iene wurd hellet it oare út, om it sa to sizzen, en dat bringt de suggesty mei dat ús wurden allegearre bitrekking hawwe soene op dingen, op wurklikheden. Men kin net dei út dei yn oer atomen skriuwe sûnder dat de minsken miene dat it oer dingen giet, yn sté fan oer in hypothese dêr't yn it iene of oare théoretyske systeem biskate formules foar jilde. Mar ik hoech net by de natûrwittenskip to bliuwen - ek politike en kulturele en hwat foar oare hypothesen hawwe har wurden dy't ús in ûnderlizzende wurklikheit fan dingen suggerearje.
Hoe tige de moderne wrâld en it moderne wrâldbyld rêste op abstraksje, haw ik op in oar plak útien set, dêr't ik sjen liet hoe't de hiele boargerlike wrâld har kenmerket troch de abstraksje, troch it forfangen fan de wurklikheit troch wurden. Fansels is dat net inkeld negatyf, it hat syn tige positive kanten. Yn alle gefallen jowt it ús de mooglikheit mei in goed gewisse yn in min ynrjochte wrâld to libjen. Hoe't dat abstrahearjen trochgiet, liet ik ûnder oaren sjen oan de wurkleazen, in wurd dat altyd noch in dêrefter lizzende wurklikheit fan konkrete minsken forfangt. Lykwols is dat foar offisiéle stikken noch net abstrakt genôch: der wurdt leaver sprutsen fan ‘arbeidsoerskot’. It foreasket wier fantasije om fan dat abstrakte wurd to kommen ta it leed fan de konkrete minske sûnder wurk, it foreasket... de kunstner. It is de taek fan de kunstner - net yn de sin fan in opdracht him troch immen of eat jown, mar by definysje - hieltyd werom to fieren nei de wiere wurklikheit. It is net tafallich dat de kunstner hieltyd rebellearre hat tsjin it boargerlik karakter fan ús maetskippij.
De taek fan de wurdkunstner is it fan de wurden wer nammen to meitsjen, symboalen dy't werom wize nei de konkrete wurklikheit. Hy moat net inkeld wurden fine, mar ek nammen dy't wize nei wurklikheden - dêrút wei bigripe wy de klacht fan Gorter oer de skrale treast dy't er op in stuit to bieden hie.
Wy bigripe ek hwerom't it wysgearich gedicht meastentiids mislearret as gedicht: alles bliuwt dêr hingjen op it abstrakte wurd. De kunstner moat in konkrete situaesje oproppe - dy't
| |
| |
dochs wer symboal is foar in bigryp efter de dingen, foar in wurklikheit dy't ek ús wurklikheit is. As dat net it gefal is, bliuwt it gedicht hingjen yn de anekdoate, yn it forhaeltsje.
Yn 'e rin fan de tiden hawwe de kunstners alderhanne kunstkes - eksperiminten yn 't earstoan - úthelle om it wurd fan syn karakter fan abstrakte pasmunt to ûntdwaen om wurklikheden oproppe to kinnen en dy magysk to bihearskjen. Alderearst is der it ritme, dêr't alle generaesjes by swarre, mar hja hawwe it ek socht yn it metrum, dat it wurd kânsen joech op in eigen, ûnforwacht gesicht, it is socht yn allerhande fersfoarmen. Troch de ieuwen hinne is der eksperimintearre mei rym: stêfrym, einrym, healrym, alhiel gjin rym, allegearre om it wurd yn it fers in eigen karakter to jaen, it ta symboal to meitsjen fan in wurklikheit.
Yn 'e njoggentjinde ieu is der sward by it aparte, dichterlike wurd, eat dêr't wy nou faeks om laitsje, mar dat dochs biskate wurklikheden, foaral yn en tusken de minsken, better oanjaen koe as allerhande healslitene, deiske útdrukkingen. Lettere skriuwers hawwe sein, né, wy moatte krekt it delstige wurd brûke, mar sà dat it nije en ûnforwachte glâns krijt. (Ik fortael: nei wurklikheden forwiist). De dichters hawwe it ek mei taeije trochsetting socht yn bylden, dy't symboalyske bitsjutting hawwe en gauris rjochtstreekser de wurklikheit oantsjutte as it op it each safolle eksakter wurd kin.
Ik kom nou by de saneamde eksperimintelen, in groep dy't ik tige wiid nim. Is har needsaek foar fornijing sa great? Ja, foarearst al om't de dichter net neiprate kin hwat syn foargongers al yn deselde foarmen sein hawwe, hwant it nije byld, de forrassende foarm, de persoanlike utering wachtet itselde lot: bistjurre to wurden, en op ien heap to kommen mei oare taeleleminten: wurden. Mar ek, en foaral, om't hja yn in oare wrâld libje as har foargongers. Men kin fansels úthâlde, en mei likefolle rjocht, dat der foar de dichter yn dat dêr't er oer to dichtsjen hat, neat foroare is, hwant dat is ommers troch de tiden hinne: himsels, de oaren, de bûtewrâld en de ûnderlinge relaesjes dêrtusken, allegearre wurklikheitseleminten dêr't er hieltyd wer nij ljocht op skine litte moat. Mar dy ivige eleminten binne ek ivich yn 't foroarjen. Net inkeld de bûtewrâld is tige foroare, mar yn it foarste plak ‘hysels’. Dat sels is nammentlik foar in great part biskaet troch opfettingen oer dat sels. Dy binne radikael wizige. De boargerlike idé, dy't yn it filosofysk-biskoulike werom to fieren is op de gedachte fan Descartes: der binne twa forskillende wrâlden, dy fan de útwreiding en dy fan it tinken, oars sein dy fan de stof en
| |
| |
fan de geast, wurdt mear en mear loslitten. De persoan wurdt sjoen as in knooppunt fan beide, biseft wurdt dat de minske net inkeld geast is, mar ek lichem, en dat dy in soarte fan ienheit foarmje; dat der ûnderlinge biynfloeding is en dat it iene sawol bitingst is foar it oare as it oare foar it iene.
Ek de wrâld is net deselde mear, mar foaral de tinzen oer de wrâld binne foroare. In optimistysk bitrouwen dat alles wol goedkomt neigeraden de wittenskip knapper wurdt, is fan de baen. Dat der in wrâld fan wurklikheit is ûnder en efter ús tinken en dêrneffens hanneljen, dêr hawwe tûzenen sa al gjin witten, dan dochs aen fan. Dat dy wurklikheit, dat de hiele wurklikheit wichtich foar ús is, wurdt folle mear biseft; dat kleur en rook en smaek, en leafde en eangstme réaliteiten binne dy't der op oankomme wurdt fan mannichien field.
Dat lêste hawwe de dichters altyd wol witten - mar ek by har wie bygelyks de leafde noch gauris hwat abstrakt. Hja witte nou dat it net inkeld hwat is fan hege ethearyske fielingen, mar dat it ek to krijen hat mei minskene lichem. Mei oare wurden: ûnder it spinreach fan wurden bisykje hja de wurklikheit to wjerûntdekken - fûleiniger, oars, yntinser as kunstners foarhinne de momkape fan 'e wrâld bisochten ôf to skuorren. Mei as iennichst wapen it wurd bisykje hja troch it wurdegerdyn hinne to stjitten om yn kontakt to kommen mei de wurklikheit.
Dat is in ûnmooglik lykjende opjefte - ien dy't freget alderhanne oerlevere foarmen as inkeld forhulling wei to smiten, om troch eksperimintele wei ta nije foarmen to kommen, ta nij kontakt mei de wurklikheit - dat wol sizze foarsafier dy réaliteit op dit stuit aktueel is. De modernen rjochtsje har - bigryplik, om't wy foar in part mei in réaksjeforskynsel to meitsjen hawwe - op dy forskynsels dy't it meast mei ús liiflikheit to meitsjen hawwe: eangst (ynsté fan it eardere leed en smerte), freugde (mar net yn 'e âlde dichterlike sin), leafde, om inkelde to neamen.
De ôfwizing fan it boargerlike, dat is it gewoane, it biwende, it leageneftige, is by de eksperimntelen tige fûl. Hja wolle werom nei it konkrete, it libbene, it organyske. Dérfoar moatte hja brekke mei de itige foarm en dêrtroch bistiet it gefaer, dat hat bliken dien - ek yn dit tydskrift - dat immen inkeld troch foarmleas to wêzen, foar dichter trochgean kin. Dêr't ik mar mei sizze wol dat wy ús sympathy net hoege to formuozjen oan alles dat foar modern of eksperiminteel trochgiet. Mar by de wiere dichter sit foar - dat is myn net poétike, mar antropologyske stelling - de réaksje op in abstrakt, troch wurden
| |
| |
stipe wrâldbyld.
It wurk fan de eksperimintelen lêst net maklik; hoe soe dat ek kinne: út in bisteande wei bisykje hja ommers in nije wrâld stal to jaen - al is dat by eintsjebislût ek in oerâlde, in ivige wrâld. De bylden by de eksperimintelen binne konkreet, hja bringe ús de ierde yn it sin fan foar it foralgemienjende wurd, hja bringe it ús yn omtinken dat de minske net inkeld geast is, mar ek lichem, en dat dat wichtich is. Sjoch mar ris hoe faek bylden en wurden oan it liiflike ûntliend, yn dy fersen foarkomme. Fakentiden sit der net folle struktuer yn dy fersen - logysk, om't de fersstruktuer is meastentiids abstrakt bigjinsel. De eksperimintelen wolle dat it fers himsels skriuwt.
As wy ús jitris it rychje: wurden, nammen, dingen foar de geast helje, bigripe wy dat de leafde fan de hjoeddeiske dichter - krekt as dy fan it Toponymysk Wurkforbân - útgiet nei de nammen. Dy binne der net altyd, mar der is wol hwat dat der mei to meitsjen hat: it neamen. Gauris is sa'n modern fers oars net folle as it opneamen fan de dingen, efterinoar. Sa skriuwt dan it fers himsels as in byld, net inkeld fan de dichter, mar ek fan de net forsake wurklikheit. Ien fan de wichtichste merktekens fan de eksperimintele dichtkunst is de forselsstanniging fan de bylden; dy lykje har oan inoar to riuwen, opsomme to wurden, opneamd. Dochs wurde dy bylden wiswier as symboalen brûkt en giet it om hwat hja oproppe. Dat is dan net in idé dy't út de logyske ynhâld folget, mar earder in sintûchlik-geastlik gehiel, dêr't as ekstra swierrichheit by komt dat de sintúchlike gewaerwurdingen net hieltyd útinoar hâlden wurde.
Nou is dat op himsels - lykas nammers foar safolle yn it wurk fan de eksperimintelen jildt - net folslein nij en apart: al yn it gewoane spraekgebrûk rint de boel troch inoar. Wy prate fan in dûnkere klank, fan sprekkende eagen, fan in hol lûd, fan in flakke stimme; wylst wy it meastentiids sa net sjoen hawwe dat wy de sintúchlike erfaring dêrmei nuver troch inoar grieme. Nuver foar it kreas bioardere abstraktivistyske wrâldtsje dat ús altyd suggerearre wurdt. Mar de eksperimintelen dogge by tiden tige biwust hwat wy allegearre ûnbiwust wol dogge en hja brekke ek wolris biwust mei de grammatika, dy't aldergeloks dochs nea dy logyske folsleinens hawn hat, dy't eardere slachten fan grammatisi ús ek al wer suggerearje woene.
Mar it wurdt tiid om werom to gean nei ús kritend widzebern. Foar dy poppe lizze de sintûchlike gewaerwurdingen net oardere troch inoar; lykwols is it nou fan bilang to sjen hwat
| |
| |
der bart as it bigjint to praten. Dy earste wurdtsjes hawwe in rykdom oan ynhâld dy't korrespondearret mei de kompleksiteit, sawol fan de bûtewrâld as fan de sintúchlikheit fan it bern. As goed heit haw ik foar de lytse in hountsje tekene op in stik papier. Op in stuit kin it bern in lûd útstjitte: oe. Dy klank hat bitsjutting, mar hokker? Yn in biskate perioade kin it tredderlei wêze: 1. in houn tekenje, 2. in houn, 3. tekenje; dêr't dan noch by bitocht wurde moat dat oan de folsleinens to koart dien wurdt as wy de wurden efter 1, 2, 3 nimme yn de toarre bitsjutting dy't se foar ús abstrakt tinken hawwe. Under allerhande modaliteiten en aspekten kin dat opfette wurde; sa kin 1. bitsjutte: heit moat in houn tekenje; 2: in houn is in bist dat woef seit, ensfh. Elts kin dat sels oanfolje. Wichtich is lykwols dat it útstjitten fan it lûd foar it bern in brûken fan dat lûd is en mank giet mei in soarte fan freugde: it kin himsels útdrukke en dêrtroch himsels bifêstigje.
Dy iere (liiflik-geastlike) freugde liket by de eksperimintelen ek oanwêzich to wêzen: wurklikheden útdrukke to kinnen is eat dat har bifrediging jowt en om it bitsjuttingsfjild fan de namme sa great mooglik to meitsjen, om safolle mooglik sintugen aktyf to meitsjen by de resepsje, moatte de grammatikale foarmen en moat de logika it wolris bilije.
De antropologyske kant fan de eksperimintele dichtkunst is folslein bigryplik: de dichter bifêstiget himsels yn syn wurk, bisiket op symboalyske wize - troch it neamen fan nammen dy't nei wurklikheden wize - mei de wurklikheit yn kontakt to kommen en dy magysk to biynfloedzjen.
De fersen sels lykwols binne gauris frijhwat ûnbigryplik. Foar in part binne hja dat prinsipiëel: ‘bigripe’ dogge wy binnen it ramt fan ús wurdewrâld; de paradoksale, wûnderlike, ûnderlizzende wrâld is yn itige sin net to bigripen. Allegearre witte wy wol hoe't wy yn ús wis praten oer kulturele saken - ik doel net op de ynstelling - ynienen fan 'e wize reitsje kinne mert in minder ûntwikkele man troch in fraech of in opmerking ús mei de noas, wol net òp de wurklikheit, mar dochs yn 'e rjochting dêrfan triuwt en sa ús wurdbousel forsteurt. Hwa't forstannich is lûkt oan 'e skouders en giet syn wegen, mar hwa't wiis is harket en forwûnderet him. Forwûndering is ek ús diel yn it kontakt mei de wurklikheit dy't it fers opropt, in forwûndering dy't de tsjinpoal is fan it deistige bigripen, mar dy't ús krekt de eagen iepenet foar it plus dat yn de normale abstrahearring fortsjusteremoanne wurdt.
Mar as wy ús inkeld forwûnderje oer de nuverichheden fan de dichter is der hwat mis - itsij mei ús, itsij mei de dichter
| |
| |
en syn wurk. It gedicht is bihalven selsbifêstiging ek meidieling - yn de meast letterlike sin eat dat mei in oar dield wurdt, lyk as men in geheim mei in oar diele kin. As lykwols it meidielingskarakter ûntbrekt, is it gedicht - as eat dat printe, publisearre wurdt, mei it ek wêze yn it konkurrearjende orgaen quatrebras - mislearre. Wy kinne nou ienris fersen net bioardielje nei de mjitte fan freugde dy't hja har dichter jown hawwe, mar moatte dat dwaen nei de mjitte dat hja ús hwat meiparte kinne fan dy freugde. Nou hoege wy net to gau de dichter de skuld to jaen fan ús ûnformogen foar syn wurk oer, mar it is sûnder mis dat der gauris tryste, minne ferskes forskine, om't ús orgaen foar soujen en bioardieljen ek noch ta it nije biwenne moat. Ek by de théoryen dy't somtiden forkundige wurde is gâns dat de karstien fan de krityk net treast is. As Simon Vinkenoog yn de ynlieding foar Atonaal skriuwt dat de eksperimintelen in minder regionale letterkunde bringe, dan achtsje ik dat ûnsin; fuortdaliks al om't it regionale ek in aspekt is fan de wurklikheit dy't dwaende is ûnder it tûch fan de abstrakte algemienheden wei to krûpen. It is sels sa dat men foar somlike uteringen fan de moderne dichtkunst de bisûndere omstannichheden fan de dichters, har wenplak en soms de list fan boeken dy't hja lêzen hawwe, kenne moat om har gedichten to forstean. Hoe mear gelikense erfaringen in groep fan lju hat, hoe greater de mooglikheit ta forsteanbere poëzij; en by dy erfaringen heart ek de eigen regio.
Wy komme nou ta in fraech dy't oan it gewisse komt: hoe sit it mei Fryslân en de eksperimintele poëzij? Is de needsaek fan eksperiminteel wurkjen foar de dichter like great as foar syn kollega earne oars? Ut it foargeande, dêr't de saek algemien steld is, docht bliken fan al, mar dochs kin men úthâlde dat der foar de tradisionele dichter greater mooglikheden oerbleaun binne as yn Hollân bygelyks.
Sawol troch de taelsituaesje as troch, mear algemien, de tastân yn Fryslân wiist it wurd to uzes gauris rjochtstreeks oan en is net altiten abstraksje fan abstraksje fan abstraksje. Lykwols is it hiel oars as mei in primityf dialekt, dêr't elts wurd noch tige in nammefunksje hat, dat gjin saneamde abstrakta ken en dêr't foar allerhande biskriuwing hieltyd yn forwiisd wurde moat nei bikende situaesjes, persoanen en dingen: sa'n dialekt sil gjin forlet hawwe fan eksperimintele poëzij, om't elts bisykjen ta poëzij al eksperimint is. It Frysk is in folsleine kultuertael en de Fryske dichter sil ek de folsleinens fan it moderne libben dêryn byldzje wolle. Yn tradisionele foarmen as it kin, op eksperimintele wize as it moat.
|
|